
Sosjale media en freonskip:
Ferhalewedstriid foar jong skriuwtalint
Seis skriuwers oer har ynspiraasje
op wykein yn Riis

Lês mear »
|
Anne Wadman De smearlappen (1963) Sjenre: Proaza Mear ynformaasje oer de boarne (Sjoch op de website fan de dbnl) Beskikbere tekst yn de digitale biblioteek: De smearlappen Anne Wadman, De smearlappen. Friese Pers Boekerij, Leeuwarden 1983 (zesde druk) Oer boek en skriuwer: De smearlappen is de iepenhertige bycht fan in jonge frou, Deboara Eelkje Lyklama Taconis. Sy langet nei frijheid en fiere fierten, mar sit fêst yn it benearjend fermidden fan har âldershûs. Mem libbet net mear, se is iennichst bern en heit, in ‘gelearde boer’, giet hielendal op yn syn genealogyske hobbys. Op in jûn komt in jongkeardel oan de doar om in ammerke molke. It is Wilte Akkerbol, ien fan fjouwer bruorren dy’t mei har skip yn de buert lizze om in kanaal út te baggerjen. Eelkje slacht him oan de heak mar wurdt it slachtoffer as de bruorren har der mei bemuoie. Har heit blykt by einsluten de grutste smearlap. Doe’t yn 1963 it boek De Smearlappen foar it earst ferskynde, joech dat gâns opskuor yn Fryslân. De roman foarme in trochbraak yn de Fryske literatuer, omdat dêr betreklik frijmoedich en ûntheisterjend yn praat waard oer seks en soks wie men doe net wend. It boek waard in bestseller en is mei rjocht in klassiker wurden. In Nederlânske útjefte ferskynde by Bruna en de ‘resepsje’ fan de roman wie ûnderwerp fan de dissertaasje fan Hjir sprekt de stimme fan in boargerlik moralisme, dat it net om begripen, mar om feroardieljen, om ferdommen, en tagelyk om gnuven te rêden is. Fedde Schurer yn de Friese Koerier yn 1963 De smearlappen, troch guon Fryske kritisy net sûnder ôfgrizen ferwolkomme, hat yn hollânske literêre rûnten sûnder útsûndering in tige wurdearjende parse krige. Freark Dam yn de Drachtster Courant Gabriel Smit yn de Volkskrant H.L yn De Volksgazet
Eelkje is op syn minst fyftich prosint skuldich oan it drama en ik leau dat dat by Wadman it revolúsjonêre is, dat De smearlappen sa populêr makke hat. Eelkje is in geile boeredochter en dat mocht net yn de Fryske eroatyske tradysje (Kloosterman, Brolsma). Steven H.P. de Jong yn Ta in hichte of de balke yn eigen each Anne Wadman (1919-1997) joech al ier bliken fan syn niget oan muzyk, literatuer en it Frysk. Hy studearre Nederlânsk oan ’e Universiteit fan Amsterdam en wurke lange tiid by it ûnderwiis. Hy waard ien fan de meast produktive Fryske skriuwers en kritisy. Twa kear krige er de Gysbert Japicxpriis, yn 1952 en 1989. Hy seach himsels lykwols net as in suksesfol skriuwer. Joke Corporaal socht út hoe’t dat kaam yn in stúdzje oer syn libben oant 1963, mei as titel Grimmig eerlijk, ferskynd yn 2009. |
Bestelle Dit boek is as pod-útjefte te bestellen by útjouwerij Elikser. Gean hjir fierder om te bestellen. |
Der binne noch gjin reaksjes pleatst.
Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.

