Sykje yn de site: | Wiidweidich sykje
wa | wat | wêr | wannear | ynlogge

Douwe H. Kiestra | De froulju fan de fetweider - ynformaasje

Douwe H. Kiestra
De froulju fan de fetweider (1937)
Sjenre: Proaza
Mear ynformaasje oer de boarne (Sjoch op de website fan de dbnl)

Beskikbere tekst yn de digitale biblioteek:
De froulju fan de fetweider
Douwe H. Kiestra, De froulju fan de fetweider. Koperative Utjowerij, Bolsward 1993 (derde druk) 

Oer boek en skriuwer:

Yn dizze boereroman út 1939 wurdt net in tradisjonele boereroman-boer delset dy’t as held mei it needlot fjochtet, mar in fetweider dy’t besiket syn lytse buorkerij en húshâlding fan frou en trije dochters yn bestjoer te hâlden. Dat slagget him mar amper, want de froulju dogge har eigen sin. It ferhaal folget in jier yn it rûn; yn dat jier slagje de trije fammen oan in man. De âldste, Fokje, giet nei Hollân en ûntfangt dêr temûk har Fryske frijer Keimpe, in boer mei wa’t sy ek trout. Froukje rekket nei in dei op stap nei de tt yn Assen yn ferwachting fan buorman Sibbele, in rûge mar grutte boer, en trout mei him, hoewol’t har âlden leaver hân hiene dat se in man mei in hegere funksje krige. Geeske, de jongste, slagget oan in yntellektuele drompelsliper út de stêd, lid fan de nsb. It ûntbrekken fan in dúdlike moraal docht modern oan foar in boek út 1939.

Dizze roman hat bekendheid krigen yn de Fryske literatuer omdat der foar it earst iepentlik yn skreaun waard oer seks. It waard dêrneffens posityf ûntfongen, omdat de erotyk yn tsjinst stiet fan in fitale en natuerlike libbenshâlding.  

Dit boek yn de DBFL is de tredde printing út 1993, ferskynd yn de rige Fryske Klassiken i. It neiwurd is fan Tr. Riemersma.

 

Knap van taal en compositie en psychologisch ‘van het bovenste bordje’.

J. K. Dijkstra yn Het Volk

 

De kwaliteiten fan Kiestra as ferteller tille dit boek fier út boppe in gewoane boereroman.

Yn de Leeuwarder Courant (1970)

 

Kiestra is in tige wisse skriuwer dy’t syn wurden as spikers yn it hout driuwt. Dat proaza is rjocht op ’e man ôf, in bytsje sarkastysk soms, en altiten fan in sterke kwaliteit.

Yn it Bolswarder Nieuwsblad (1993)

 

De froulju fan de fetweider kin eins in monumint yn de Fryske literatuer neamd wurde, om’t de roman op it mêd fan seksualiteit tabûtrochbrekkend west hat. It taalgebrûk is faak ferrassend byldzjend mei moaie fynsten.

Jan Jongsma yn it Friesch Dagblad (08-05-1993)

 

Douwe Hermans Kiestra (1899-1970) wie boer yn ’e Legeaën. Yn ’e jierren tritich begûn er mei it skriuwen fan fersen, ferhalen en toanielstikken. Hy kaam ek nei foaren as teoretikus op it agraryske en literêre fjild. As boer en as Frysk foaroanman keas er yn dy jierren foar it nasjonaal-sosjalisme. Nei de oarloch besefte er dat er syn plak as foarstapnimmer yn ’e Fryske mienskip foargoed ferspile hie. Hy bleau warber as literêr skriuwer.


 


Bestelle

Dit boek is as pod-útjefte te
bestellen by útjouwerij Elikser.

Gean hjir fierder om te bestellen.


Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst.


Reagearje

Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.



Literatuer foar it fuotljocht

Nominaasjes en Stimme                                


Ald Begraafplak Spanjertsleane Ljouwert:





Smellingerlân siket Gemeentedichter >>>

Filmwedstriid Moanne Fryske Boek

























Lês mear »

Lêste nijs


Wurdskat


TAGS BY DIT BOEK