
Boeken út Tresoar wei op 'e sweef
en reaksjes fan lêzers
Al twatûzen boeken loslitten >>>
Lês mear »
Der wenne to Ljouwert in man dy roun mei moster en slakken. Slakken dat wiene fan dy kokyntsjes, dy makken se dan sels. Sadwaende hie hy de namme krige fan Geart Slakkebakker. Der siet grif in goede winst yn, hwant hy dyng hwat er woe, mar hy bleau altyd it dagelikse mantsje. Hy libbe winliken twa libbens - as er woe, koe er him ek wol as mynhear foardwaen, mar dêr wist sa goed as nimmen fan. Hy hie trije bern, in soan en twa dochters. De soan hie er nei de latynske skoalle stjûrd en doe nei de Frjentsjerter akademy - it forhael is al even âld. Dy wie jurist wurden, doctor yn beide rjochten, mar hy hie noch gjin baen. Sa yn it deistich libben thús roun dy soan der krekt sa hinne as syn heit, o sa dageliks - men soe der gjin man mei in akademyske graed yn sjen. Allinnich yn Frjentsjer wie it in hiel oar persoan, net allinne fan uterlik, mar hy hie syn namme ek forlatynske, nimmen koe him dêr as de soan fan Geart Slakkebakker.
Doe sei er op in kear: ‘Heit, ik ha nou de bul fan master yn 'e rjochten, nou woe 'k hast wol om in wiif sjen’. ‘Dêr is neat op tsjin, jonge’, sei Geart Slakkebakker, ‘mar tink hjirom: dou hoechst it mei elkenien net oan to lizzen, al binne wy dan mar dagelikse minsken’. Dêr wie de soan it mei iens. Hy sei: ‘De dochter fan 'e boargemaster, dy ha 'k to Frjentsjer al in pear kear troffen. Dat liket my net sa min ta’. Syn heit sei: ‘Dou doarst it wol oan. Ik wit net, oft dy dat slagje sil’. It wie in fanke út ien fan 'e oansjenlikste famyljes fan 'e stêd. De soan sei: ‘Dat wit ik ek net. Ik ha der al lang mei omroun. Om by de boargemaster oan to klopjen, dat doar ik winliken net’. ‘Nou’, sei de heit, ‘dan sil ik dat wol foar dy opknappe moatte’.
Kreas mar ienfâldich forklaeid liet er him by de boargemaster oantsjinje. Dy koe him wol, hy sjoude ommers altyd yn 'e stêd om mei syn moster en slakken. Hy stie him to wurd yn 'e hal - sa'n slakkebakker liet men net yn 'e keamer. ‘Hwat boadskip hiene jo?’ ‘Dat sit sa: dy soan fan my’ (hy sei der net by dat er jurist wie en dat wist de boargemaster ek net) ‘dy hat it mar op jou dochter forsjoen. Hwat tinkt jo, soe dat ek hwat wurde kinne?’ De boargemaster liet net skine, hoe't er it opnaem: ‘Dêr kin 'k sa gjin antwurd op jaen. Ik wol myn dochter sa mar net forsizze. Mar as it har goed is, kinne wy ris oer de bitingsten prate. Ik wit goeije rie - jo komme yn nije wike op 'e selde joun mar wer, dan haw ik it mei myn dochter oerlein’.
Thús siet de soan yn spanning. ‘Hy hat it net ôfwimpele’, sei de heit, ‘wy moasten yn nije wike mar wer komme; dan soene wy fierder prate’. It lei de soan swier op 'e mage. Hy wist to goed hoe't de hegerein de mindere man bijegene. Mar der wie gjin forwin op, as er de boargemastersdochter ha woe, dan soe it dy wei op moatte.
De oare wyks op 'e selde joune klaeiden se har sa deftich as se koene; binammen de soan wie kreas yn 't habyt, dy hie fandatoangeande oan 'e universiteit wol in oare trant oer him krige. Doe't se om acht ûre ynlitten waerden, siet dêr, hwat se net forwachte hiene, noch in man of hwat fan 'e hegerein. De boargemaster hie se op 'e hichte brocht en doe hiene se sein: ‘Jonge, dêr moasten wy in grap mei hawwe’, en dêr hie de boargemaster sels ek wol aerdichheit oan hawn. Hy hie mei syn dochter oer it gefal praten en dy hie sein: ‘Ik ken dy hiele soan fan Geart Slakkebakker net iens en it soe my gjin nij dwaen as er my likemin ken. Mar lit him
Heit en soan seagen dan ek nij op, dat dêr dy deftige hearen sieten, mar der waerd har in stoel wiisd en hja krigen in lange piip tarikt. Dat foel net ôf, hwant dat koe men opfetsje as in biwiis dat men wolkom wie. De soan fielde him oars lang net op syn gemak, mar Geart Slakkebakker siet noflik yn 't formidden oan 'e nije piip to lûken. Doe sei de boargemaster: ‘Wy sille mar ta de saek komme. Wy kinne wol rjochtút prate, hwant dizze hearen binne myn freonen en ik haw it earst mei har oerlein’. Dat foun Geart Slakkebakker mar nuver dwaen, mar it wie net oan him to fornimmen; hy sei bidaerd: ‘Nou, dat kin wol. Neat op tsjin - it is op 't lêst gjin geheim’. Doe sei de boargemaster: ‘Nou ha jo dit foar jou soan frege, mar soe er myn dochter wol ûnderhâlde kinne, op sa'n wize dat se yn 'e stân libje kin dêr't se yn greatbrocht is?’ ‘Ja’, sei Geart, ‘ik wit net hoefolle struijen as se nedich is. Mar sjoch, hjir is in goudgoune’ (hy krige ien út it festjebûske). ‘As ik nou tritich tûzen

Doe sei de boargemaster: ‘Sjoch, hjir yn 'e oare keamer sit in ploechje jongfammen en dy binne allegearre sahwat like âld. Nou moat jou soan dêr myn dochter ris útsykje’. De fammen hiene ek mei dwaen wollen oan 'e grap; se hiene allegearre safolle mooglik gelikense klean oan dien, it hier hiene se gelyk sitten en se hiene it gesicht ek noch safolle mooglik gelyk opmakke, dat men koe se amper útelkoar. Mar de soan socht doch de goede der út. Doe't hy en de faem efkes meielkoarren praetten, kamen syn uterlik en syn stim har doch wol bikend foar; it bigoun har in bytsje to skimerjen dat it deselde kreaze studint wie dêr't se to Frjentsjer wol mei yn petear west hie, mar hy makke har fierder ek net wizer.
De fammen fordwounen wer fan it toaniel, hwant yn dy tiden waerd der by de hegerein soms mear oer harren as troch harren bislist. Doe sei de boargemaster: ‘Ik as boargemaster haw hjir in moai hûs, dêr is se great yn wurden. Winliken kin se ek net minder komme to wenjen’. Geart Slakkebakker die twa lûkjes oan 'e lange piip, ear't er antwurde: ‘Nou, der steane wol mear moaije huzen yn Ljouwert. Se hat kar-út. Dêr't dy mynhear yn wennet’ (hy wiisde ien yn it selskip oan), ‘hoe soe dat lykje? Of oars dy mynhear’ (hy wiisde mei de stâlle fan syn langpipe op in oaren), ‘dy wennet in eintsje bûten Ljouwert. Ek yn in knap hûs’. Doe bigounen dy mannen op to spatten. Dy slakkebakker moast ek net mear praetsjes krije! Tocht er soms, dat se sa gek wiene om út har hûs wei to gean? Hy koe wol gek wêze! Mar Geart Slakkebakker sei: ‘Dat stiet noch to bisjen. Hwant dy huzen dat binne mines’. ‘O!’ seine se. De earen klapperen har oan 'e kop. Hy sei: ‘Ja, Gouden Willem dy komt by jim om 'e hier. Mar dy is by my yn tsjinst’. Dizze Willem dy gong der foar dat er in ryk man wie mei in bulte eigendommen. Hy wie altyd deftich yn 'e klean, hy hie swiere gouden ringen om 'e fingers en ekstra greate gouden bellen yn 'e earen. Dêrfandinne syn bynamme. Geart sei der efteroan: ‘Se hat it mar foar 't sizzen, hwer't se sitte wol’. De boargemaster woe it noch ien kear bisykje: ‘Se moatte der fansels ek riderij op nei hâlde, mei knappe hynders’. ‘Dêr is ek wol rie ta’, sei Geart, ‘dy mynhear dêr yn 'e hoeke hat gâns in stâl mei lúkse hynders en in stikmannich knappe weinen, dan moatte se dêr mar hwat fan útsykje’. Doe seach dy mynhear frijhwat op 'e noas, mar hy hie der net folle tsjin yn to bringen, hwant hy hie der like folle jild fan in oar ûnder as it spul wurdich wie. Hy hie altyd miend dat it Gouden Willem syn sinten wiene, mar dat bigriep er nou wol oars.
De boargemaster wie der mei oan. Al syn fragen en winsken koe oan foldien wurde. Oan 'e iene kant wie sa'n slakkebakkerssoan him to min, oan 'e oare kant bigriep er dat it in knappe partij wie foar syn dochter. Dat de beide heiten gongen apart yn in keamer; se leine noch efkes oer en doe lieten se de jongelju togearre
Der binne noch gjin reaksjes pleatst.
Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.

Boeken út Tresoar wei op 'e sweef
en reaksjes fan lêzers
Al twatûzen boeken loslitten >>>
Lês mear »