Nominaasjes en Stimme 
Ald Begraafplak Spanjertsleane Ljouwert:
Smellingerlân siket Gemeentedichter >>>
Filmwedstriid Moanne Fryske Boek
Lês mear »
|
Ulbe van Houten De rook fan it lân (1943) Sjenre: Proaza Mear ynformaasje oer de boarne (Sjoch op de website fan de dbnl) Beskikbere tekst yn de digitale biblioteek: De rook fan it lân Ulbe van Houten, De rook fan it lân. Utjouwerij Fryslân, Leeuwarden 1994 Oer boek en skriuwer: Yn de ferhalebondel De rook fan it lân bringt Ulbe van Houten de lêzer werom nei it Fryslân fan alear mei syn boeren, gerniers en arbeiders. It wie in sletten plattelânsmienskip dêr’t elk syn plak hie en de stânsferskillen net te oerbrêgjen wienen. Van Houten lit dy machtsûngelikens wol sjen, mar hy is yn syn wurk gjin sosjaal strider. Syn Fryslân is de idyllyske enklave dêr’t foar it kwea gjin duorjend plak is. De earste printing fan De rook fan it lân wie in samling fan acht ferhalen út ferskate publikaasjes fan it Kristlik Frysk Selskip en ferskynde yn 1943. De twadde printing kaam krekt 20 jier letter út, mei fjouwer nije ferhalen en ien weilitten. Dit boek yn de DBFL is de tredde printing út 1994, ferskynd yn de rige Fryske Klassiken i. It neiwurd is fan Trinus Riemersma. Yn it ferhaal De beam, ien fan de moaiste sketsen, betoant Van Houten him in master yn de keunst fan it beskriuwen. It ferhaal sit fol symbolyk en poëzy. Jelle Krol yn de Leeuwarder Courant
H. Keuning yn De Stiennen Man Hy kin feiten en persoanen yn inkelde halen dúdlik en raak op papier krije. Syn wurk is natuerlik en minsklik en der spilet in kostlike humor trochhinne. Durk van der Ploeg yn Frysk en Frij
|
Bestelle Dit boek is as pod-útjefte te bestellen by útjouwerij Elikser. Gean hjir fierder om te bestellen. |
Der binne noch gjin reaksjes pleatst.
Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.
Nominaasjes en Stimme 
Ald Begraafplak Spanjertsleane Ljouwert:
Smellingerlân siket Gemeentedichter >>>
Filmwedstriid Moanne Fryske Boek
Lês mear »