Sykje yn de site: | Wiidweidich sykje
wa | wat | wêr | wannear | ynlogge

Meindert Bylsma | Shit my mar lek - ynformaasje

Meindert Bylsma
Shit my mar lek (1998)
Sjenre: Proaza
Mear ynformaasje oer de boarne (Sjoch op de website fan de dbnl)

Beskikbere tekst yn de digitale biblioteek:
Shit my mar lek
Meindert Bylsma, Shit my mar lek. Koperative Utjowerij, Bolsward 1998

Oer boek en skriuwer:

Trije wat âldere manlju wurde op ferskillende plakken dea oantroffen. De plysje besiket út te finen wêrom’t se ‘lek’ sketten binne. In sitaat by it finen fan ien fan de manlju: ‘Selsmoard, dat hie it moaiste west, dat joech minder rompslomp... Mar ja dat kaam net yn de beneaming’. Is it boek in misdieroman? Dat soe sa mar kinne. In oar ferhaal begjint mei: Der wie ris in lân  dat Dellân hjitte. Krekt as yn in mearke. In mearkeboek? Dat soe ek kinne fansels. Troch it ramtferhaal binne allegearre oare ferhalen frissele dy’t de lêzer geregeldwei op ’e doele bringe. It sintrale tema dat de skriuwer oansnijt is de ‘minne situaasje’ fan it Frysk. Hy is der op in seldsume wize yn slagge de toan licht te hâlden, of is dat mar skyn?
Dit boek yn de DBFL is de earste printing út 1998.

 

In wûnderlik ludyk boek, fol mei in parabels en ferhalen ferpakte krityk, mar tagelyk iroanyske en humoristysk.

Jelle Krol yn de Leeuwarder Courant

 

Alles yn dit boek, fan mearke oant misdie, hat te krijen mei de delgong en de driigjende ûndergong fan it Frysk.

Sjoerd Bottema yn Trotwaer


Dit boek is dúdlik in gefal fan literêr eksperimint: alles is tastien.

Babs Gezelle Meerburg yn it Friesch Dagblad

 

Meindert Bylsma (1941) waard berne yn Wergea. Hy folge in oplieding ta ûnderwizer en joech in skoft les om utens. Pleage troch ûnwennigens kaam er al gau wer yn Fryslân (Kimswert) werom. Bylsma bleau oant syn pensjonearring learaar Nederlânsk en nifeljen yn Harns. Hy is de skriuwer fan in grut oeuvre, sawol poëzij as proaza, mei in opfallende kombinaasje fan boartlikens en earnst.


Bestelle

Dit boek is as pod-útjefte te
bestellen by útjouwerij Elikser.

Gean hjir fierder om te bestellen.


Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst.


Reagearje

Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.



Literatuer foar it fuotljocht

Nominaasjes en Stimme                                


Ald Begraafplak Spanjertsleane Ljouwert:





Smellingerlân siket Gemeentedichter >>>

Filmwedstriid Moanne Fryske Boek

























Lês mear »

Lêste nijs


Wurdskat


TAGS BY DIT BOEK