Nominaasjes en Stimme 
Ald Begraafplak Spanjertsleane Ljouwert:
Smellingerlân siket Gemeentedichter >>>
Filmwedstriid Moanne Fryske Boek
Lês mear »
|
Nyckle J. Haisma Simmer (1948) Sjenre: Proaza Mear ynformaasje oer de boarne (Sjoch op de website fan de dbnl) Beskikbere tekst yn de digitale biblioteek: Simmer Nyckle J. Haisma, Simmer. Stifting ‘It Fryske boek’, Leeuwarden 1948 Oer boek en skriuwer: Foar Aent Obma, boeresoan en opgroeid op de famyljepleats oan it Dokkumer Djip, is Fryslân yn syn jonge jierren te lyts. Hy swalket de hiele wrâld oer en fia Amearika bedarret er yn Ynje. Pleage troch ûnwennigens komt er nei in fearnsieu in simmer lang werom yn it Heitelân. Aent fynt byld en wêzen fan Fryslân en benammen fan it boerelibben út syn jeugd werom, sa’t dy yn syn dreamen, de lange jierren om utens, fêstset en idealisearre binne. Nettsjinsteande syn altemets kosmopolityske ynslach soe it Haisma nea net slagje om him oan tsjoen en byld fan Fryslân te ûntwinen. Haisma hat hast deselde jefte as Obe Postma. Mei it bleate neamen fan ’e dingen kin er stimming oproppe. Ype Poortinga yn Frysk en Frij Hoe blijkt ook uit het bekroonde werk Simmer de diepe liefde voor Friesland van hem, die is heengegaan in de zomer van zijn leven, dat nog zoveel verwachtingen inhield voor de toekomst. By de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis
|
Bestelle Dit boek is as pod-útjefte te bestellen by útjouwerij Elikser. Gean hjir fierder om te bestellen. |
Der binne noch gjin reaksjes pleatst.
Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.
Nominaasjes en Stimme 
Ald Begraafplak Spanjertsleane Ljouwert:
Smellingerlân siket Gemeentedichter >>>
Filmwedstriid Moanne Fryske Boek
Lês mear »