Sykje yn de site: | Wiidweidich sykje
wa | wat | wêr | wannear | ynlogge

Jan Wybenga | Moai waar en lange dagen - ynformaasje

Jan Wybenga
Moai waar en lange dagen (1981)
Sjenre: Proaza
Mear ynformaasje oer de boarne (Sjoch op de website fan de dbnl)

Beskikbere tekst yn de digitale biblioteek:
Moai waar en lange dagen
Jan Wybenga, Moai waar en lange dagen. Lykele Jansma, Buitenpost 1981

Oer boek en skriuwer:

It iennischste proazawurk dat fan Jan Wybenga by syn libben ferskynd is, is net sa tige opfallen. Komt dat omdat Wybenga eins allinne bekend stie as dichter en kritikus foar de Ljouwerter Krante? Dochs is Moai waar en lange dagen troch minsken as Freark Dam en Jan Pieter Janzen tige priizge. Yn dit boek fertelt Jan Wybenga oer syn berne- en jongfeintetiid yn de jierren tweintich en tritich yn Noardwâlde en Wolvegea. It befettet njonken twa ynliedende ferhalen fiif ‘provinciales’, wêryn’t er in sterk persoanlik en humoristysk-relativearjend ynsjoch jout yn de tiid dat er opgroeide. Yn 1992 brocht Hjir in spesjaal Wybenga-nûmer út, mei ûnder oare in bewurke ferzy fan de skripsje dy’t Jarich Hoekstra oer him makke.

Dit boek yn de DBFL is de earste printing.

 

In dichterlike, geastige en foaral ek skerpsinnige ynterpretaasje fan skriuwers eigen jeugdjierren. En tagelyk in moaie, suver bûnte karakteristyk fan in gea en in tiid (Weststellingwerf, jierren ’30) sa’t de auteur dy yn har twingende wikselwurking ûndergien hawwe moat en op ús wit oer te bringen.

Freark Dam yn de Leeuwarder Courant

 

Moai waar en lange dagen is mear as de ‘keale’ autobiografy dêr’t guon besprekkers it foar oansjoen ha. It is in autobiografyske roman mei in moai dúdlike algemiene tematyk.

Jarich Hoekstra yn syn skripsje oer Wybenga

 

De lêzer komt hjir yn de kunde mei in wize fan oanbieden fan autobiografysk materiaal dy’t ôfwykt fan de wenstige yn dy sin, dat men ûnder it lêzen mar amper oan de persoan fan de autobiograaf tinkt, mar mear yn it algemien oan in Fryske doarpsjonge fan fjirtich, fyftich jier lyn.

            Tiny Mulder yn it Friesch Dagblad

 

Jan Wybenga (1917-1994) waard benammen bekend as dichter, dy’t opfoel troch in eigen en eigentiidske toan. Hy groeide op yn Wolvegea en wurke yn it ûnderwiis. Hy krige twa kear de Gysbert Japicx-priis foar syn poëzij. Hy skreau ferhalen en kritiken, sette Catullus oer yn it Frysk en wie redakteur fan De Tsjerne en Trotwaer. Yn 1982 wie hy de earste Fryske dichter op Poetry International.

 


Bestelle

Dit boek is as pod-útjefte te
bestellen by útjouwerij Elikser.

Gean hjir fierder om te bestellen.


Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst.


Reagearje

Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.



Literatuer foar it fuotljocht

Nominaasjes en Stimme                                


Ald Begraafplak Spanjertsleane Ljouwert:





Smellingerlân siket Gemeentedichter >>>

Filmwedstriid Moanne Fryske Boek

























Lês mear »

Lêste nijs


Wurdskat


TAGS BY DIT BOEK