Sykje yn de site: | Wiidweidich sykje
wa | wat | wêr | wannear | ynlogge

Piter Jellespriis



Jou dyn eigen oardiel








foto Geheugen van Nederland

Piter Jellespriis

Oersjoch prizen

De Piter Jellespriis is de literêre priis fan de stêd Ljouwert, neamd nei de yn Ljouwert berne dichter-steatsman Piter Jelles Troelstra (1860-1930). De twajierlikse priis waard ynsteld as de kulturele priis, ‘om bar foar Fryske en foar Hollânske aktiviteiten’. Yn it begjin bestie de priis út in oarkonde en in bedrach fan tûzen gûne.

Yn 1992 rekke de priisútrikking yn it slop en yn 1993 drige de priis sels fuortbesunige te wurden. Mar it tij kearde en yn 1994 naam de gemeente it beslút in syklus fan fjouwer ferskillende kultuerprizen yn te stellen (LC 31-08-1994). It prizejild gie omheech nei 5000 gûne. De nije regeling gie yn 1995 yn en earst yn 1997 kaam de Piter Jellespriis wer oan bar.
Kultuerwethâlder Ap Timmermans woe 'yn in fleach fan emansipaasjedriuw' de namme fan de priis noch feroarje yn 'Nynke van Hichtumpriis' (LC 09-12-1994) mar kaam nei in pear wike letter op werom (LC 24-12-1994).

Mei komst fan de euro waard it prizejild €2200, yn 2006 ferhege nei €2250 en de kears dêrop nei €5000. De priis jildt no foar alle fasetten en sjenres fan en aktiviteiten op it mêd fan de Fryske en Nederlânske literatuer, foar sawol Frysktalich as Nederlânsktalich wurk. Betingst is dat troch de brûkte taal of troch de kar fan it ûnderwerp de relaasje mei Fryslân ta utering brocht wordt.


Oersjoch fan de priiswinners

2016
Nyk de Vries (1971) foar syn Nederlânsktalige roman Renger.
Sjuery: Ronnie Terpstra, Sjoerd IJbema en Hinke Wiersma.
útrikking op 16 septimber 2016 by Boekhannel Van der Velde, Ljouwert
Mear
Ronnie Terpstra, sjueryrapport

2011
Aggie van der Meer (1927) foar fjouwer wurken út it tiidrek 2005-2009, benammen foar har roman Oerfeart
Sjuery: Reinier Salverda, Karen Bies en Arjan Hut
útrikking op 15 july 2011 yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert

2006
Nynke Laverman (1980) foar har programma 'Sielesâlt', dêr't se gedichten fan J.J. Slauerhof foar bewurke ta fado's.
Sjuery: Babs Gezelle Meerburg, Doeke Sijens en Jant van der Weg
útrikking op 15 maaie 2006 yn De Harmonie
Mear:
Piter de Groot, 'Harje' LC 16-05-2006

2002
Tineke Steenmeijer-Wielenga (1946) foar "haar grote verdiensten voor het literaire leven in Friesland als conservator van het FLMD, als schrijfster van artikelen en als ambassadrice van de Friese literatuur". Oanlieding foar de foardracht wie har roman De oare helte.
Sjuery: Janny Bottema, Pyt-Jon Sikkema, Hylke Tromp
útrikt op 20 juny 2002
Mear:
Sjueryrapport

1997
Kees ’t Hart (1944) foar syn roman Blue Curaçao en foar syn literêre aktiviteiten yn de stêd, wêrby û.o. it wurk foar de SLAL, Stichting Litteraire Activiteiten Leeuwarden.
Sjuery: T.J. Steenmeijer-Wielenga, G. de Vries en H. Tromp.
útrikt op 13 jannewaris 1998
Mear:
Sjueryrapport

1992
priis net takend

1990
Rod C. Jellema (1927) foar de wize dêr’t er Fryske gedichten tagonklik op makke hat yn de wrâldtaal Ingelsk.
Sjuery: T.J. Steenmeijer-Wielenga, Ph. H. Breuker en J.P. Janzen
útrikt op 28 maaie 1991
Mear:
Sjueryrapport

1988
Piter Terpstra (1919-2006) foar syn hiele oeuvre en syn warberens foar it kulturele libben yn Fryslân.
Sjuery: T.J. Steenmeijer-Wielenga, L.G. Jansma en G. de Vries
útrikt op 15 novimber 1988
Mear:
Sjueryrapport

1986
D.A. Tamminga (1909-2002) foar syn histoaryske roman De boumaster fan de Aldehou.
Sjuery: K. Bijkerk-Folmer, F. Dam en L.O.M. Popma
útrikt op 2 desimber 1986

1984
Sjoerd P. Leiker (1914-1988) foar syn wurk fan nei de oarloch.
Sjuery: A.C. Bosch, L.G. Jansma en M. Zeeman
útrikt op 10 desimber 1984

1982
J.J. Kalma (1907-1991) foar syn bibliografyen.
Sjuery: F. Dam, K. Dijkstra en R. Boltendal
útrikt op 8 desimber 1982 yn de Nassauseal fan it Stedehâlderlik Hôf troch boargemaster Johannes Brandsma
Mear:
LC 08-12-1982

1980
Hartog Beem (1892-1987) foar syn artikels en boeken oer allerhanne fasetten fan it Joadske libben yn it algemien en yn it bysûnder dy fan de Joadske mienskip yn Ljouwert.
Sjuery: T.J. Steenmeijer-Wielenga, H. Tuin en R. Boltendal
útrikt op 17 desimber 1980
Mear:
LC 18-12-1980 stik 1 en stik 2

1978
Sjoerd van der Schaaf (1906-2006) foar Skiednis fan de Fryske Biweging.
Sjuery: K. Bijkerk-Folmer, K. Dijkstra en L.O.M. Popma*
útrikt op 12 desimber 1978
Mear:
LC 13-12-1978

1976
Theun de Vries (1907-2005) foar syn oersetting fan In memoriam fan D.A. Tamminga
Sjuery: A.C. Bosch, S. Marks en G. Yedema
útrikt op 21 desimber 1976
Mear:
NvhN 16-12-1976

1974
Tabe Beintema (1912-1991) foar syn aktiviteiten op Frysk literêr mêd.
Sjuery: A.A. Vondeling-van 't Hoff, K. Dijkstra en D. Faber
útrikt op 11 desimber 1974 yn it Stedhâlderlik Hof te Ljouwert
Mear:
LC 05-12-1974


[pleatst 08.07.2014]

Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst.


Reagearje

Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.

Literatuer foar it fuotljocht


KURSUSSEN 2016-2017  >>>

Gerben Abma 1932-2016 >>>


DS beneame advyskommisje
Gysbert Japicxpriis 2017 >>>




Boeken út Tresoar wei op 'e sweef
en reaksjes fan lêzers








Lês mear »

Lêste nijs


Wurdskat


TAGS BY DIT ARTIKEL