Sykje yn de site: | Wiidweidich sykje
wa | wat | wêr | wannear | ynlogge

Douwe Tammingapriis



Jou dyn eigen oardiel










Douwe Tammingapriis

De Douwe Tammingapriis waard yn 2013 yn it libben roppen troch de Stifting FLMD, nêst Provinsje en Ryk de tredde ‘eigner’ fan Tresoar, as in nije debútpriis foar Frysk literêr wurk.

De priis wurdt alle jierren yn maaie takend, om en om foar proaza en poëzij. It prizejild is €3000, betelle út de opbringsten fan it Tamminga-Piebengafûns, yn behear by it bestjoer fan de Stifting FLMD.

De Stifting FLMD sprong mei dizze priis yn it gat dat ûntstien wie doe’t de Provinsje Fryslân mei de nije kultuernota Grinzen oer de Fedde Schurerpriis opheft hie.

De Douwe Tammingapriis 2014 oanbelange proaza fan Fryske debutanten út it tiidrek 2011-2013. De priis soe yn 2015 útrikt wurde foar poëzijdebuten út de jierren 2011-2014. Omdat de risping oer dy jierren te meager wie, is de priis yn 2015 net útrikt. Oer de wurkwize foar de folgjende jierren wurdt neitocht.


Website Stifting FLMD
Litererê prizen, oersjoch


Priiswinners
De sjueryfoarsitter is mei * oanjûn.

2014
Ale S. van Zandbergen, Littenser Merke
Sjuery: Karen Bies, Bart Temme en *Simon Oosting
Priisútrikking troch Willem Verf op snein 25 maaie 2014 op in pream yn de Nijstêd bij boekhannel Van der Velde.
Sjueryrapport, ek op de Moanne 27-05-2014
Mear:
Nijsitem op sirkwy 29-11-2013
LC 26-05-2014
Nominaasjes

2012 en dêrfoar: Fedde Schurerpriis



[pleatst 30.06.2014]


Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst.


Reagearje

Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.

Literatuer foar it fuotljocht


KURSUSSEN 2016-2017  >>>

Gerben Abma 1932-2016 >>>


DS beneame advyskommisje
Gysbert Japicxpriis 2017 >>>




Boeken út Tresoar wei op 'e sweef
en reaksjes fan lêzers








Lês mear »

Lêste nijs


Wurdskat


TAGS BY DIT ARTIKEL