Sykje yn de site: | Wiidweidich sykje
wa | wat | wêr | wannear | ynlogge

Fedde Schurerpriis



Jou dyn eigen oardiel









Fedde Schurerpriis

De Fedde Schurerpriis wie fan 1984 oant en mei 2012 de priis fan de Provinsje Fryslân foar it bêste Frysktalige debút yn alle literêr sjenres fan de trije foarôfgeande jierren.
De priis wie neamd nei dichter, toanielskriuwer en sjoernalist Fedde Schurer (1898-1968), dy't as inisjatyfnimmer en jierrenlange redakteur fan it literêre tydskrift De Tsjerne in stimulearjend figuer wie foar jongere skriuwers.

It prizejild bedroech by ynstellen fl.2000,-, oan de ein wie dat ferhege nei € 2000,-. De priisútrikking waard altyd tagelyk hâlden mei de útrikking fan de dr. Obe Postmapriis, de fertaalpriis fan de Provinsje. Yn 2005 kaam de Fedde Schurerpublykspriis derby, mei itselde prizejild as de jurypriis.Nei de opheffing naam de Douwe Tammingapriis yn 2014 de funksje fan Fryske debútpriis oer.

Literatuerprizen fan de Provinsje, mear achtergrûn
Literêre prizen, oersjoch


List fan priiswinners

Yn it hjirnei folgjend oersjoch stiet fan de advyskommisjeleden dejinge dy't it wurd fierd hat by de priisútrikking foarop. Akademyske titels binne weilitten.

2014
Foar dit jier en letter sjoch de Douwe Tammingapriis

2012
Elske Kampen (1955) foar har dichtbondel Fan glês it brekken.
advyskommisje Tsead Bruinja, Hille Faber en Mette Piebenga;
útrikking in jier fertrage; de priis besloech de debuten út it tiidrek 2008-2010.
publykspriis: Elske Kampen foar deselde bondel.
útrikt op freed 12 oktober 2012 yn Tresoar troch deputearre Jannewietske de Vries
Mear:
rapport advyskommisje
LC 13-10-2012
Nominaasjes

2008
Jaap Krol (1970) foar syn roman M/F
advyskommisje: Oene Spoelstra, IJsbrand van den Berg en Akky van der Veer
publykspriis: Simon Oosting (1959) foar syn dichtbondel Rauwe fisken op wynfearwolkens
útrikt op tongersdei 11 desimber yn Tresoar troch deputearre Jannewietske de Vries
Mear:
FD 12-12-2008
LC 12-12-2008

2005
Willem Schoorstra (1959) foar syn roman Swarte ingels.
advyskommisje: Klaas Jansma, Klaske Jaspers en Piter Boersma
publykspriis: Ruurdtsje de Haan (1961) foar har dichtbondel Onaris
útrikt op tongersdei 3 novimber yn Post Plaza yn Ljouwert troch Bertus Mulder;
Willem Schoorstra wie net bywêzich
Mear:
Rapport Advyskommisje
LC 04-11-2005
Pieter de Groot, LC 11-11-2005

2002
Doeke Sijens (1955) foar syn biografy fan Reinder Brolsma Sa'n tûzen blauwe skriften
advyskommisje: Durk van der Ploeg, Yme Kuiper, Mirjam Vellinga
útrikt op tongersdei 31 oktober 2002 yn it Provinsjehûs troch deputearre Bertus Mulder
Mear:
LC 01-11-2002

1999
Eeltsje Hettinga (1955) foar syn bondel Akten fan winter
advyskommisje: John te Loo, Eke Poortinga, Goaitsen van der Vliet
útrikt op tongersdei 21 oktober 1999 yn it Provinsjehûs troch deputearre Bertus Mulder
Mear:
Rapport Advyskommisje
LC 22-10-1999

1996
Wilco Berga (1947) foar syn roman Hauk en hazze
advyskommisje: Pyt Jon Sikkema, Anny de Jong en Remco Ekkers
útrikt tongersdei 24 oktober yn it Provinsjehûs troch deputearre Bertus Mulder
Mear:
LC 25-10-1996

1993
Cornelis van der Wal (1956) foar syn bondel In nêst jonge magneten
advyskommisje: F. van der Kuip, E.J. Brouwer en J. Wybenga
útrikt op tongersdei 4 novimber 1993 yn it Provinsjehûs troch deputearre J. Liemburg
Mear:
Rapport Advyskommisje
Sietse de Vries, fraachpetear mei priiswinner LC 04-11-1993
LC 05-11-1993

1990
Jetske Bilker (1960) foar har roman Imitaasjelear
advyskommisje: K. van der Hoek, J.S. Knol en B.S. Oldenhof
útrikt op freed 25 oktober 1990 yn it Provinsjehûs troch deputearre J. Liemburg
Mear:
Rapport Advyskommisje
LC 26-10-1990

1987
Harmen Wind (1945) foar syn dichtbondel Ut ein
advyskommisje: J. van der Weg-Laverman, J. Krol en G. de Vries
útrikt op 22 oktober 1987 yn it Provinsjehûs troch deputearre J. Liemburg
Mear:
Rapport Advyskommisje
LC 23-10-1987

1984
Willem Verf (1949) foar syn ferhalebondel In delgeande tiid
advyskommisje: R. Postma-Stolk, T. Jonkman-Nauta en J.J. Bijlsma
útrikt op 25 oktober 1984 yn it Provinsjehûs troch deputearre Jaap Mulder
Mear:
Rapport Advyskommisje
LC 26-10-1984


[pleatst 18.06.2014]



Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst.


Reagearje

Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.

Literatuer foar it fuotljocht


KURSUSSEN 2016-2017  >>>

Gerben Abma 1932-2016 >>>


DS beneame advyskommisje
Gysbert Japicxpriis 2017 >>>




Boeken út Tresoar wei op 'e sweef
en reaksjes fan lêzers








Lês mear »

Lêste nijs


Wurdskat


TAGS BY DIT ARTIKEL