Sykje yn de site: | Wiidweidich sykje
wa | wat | wêr | wannear | ynlogge

Gysbert Japicxpriis



Jou dyn eigen oardiel









Gysbert Japicxpriis

Nederlands >>

De Gysbert Japicxpriis is de grutte priis fan de Fryske literatuer. De namme ferwiist nei de santjinde-ieuske Fryske renêssânsedichter Gysbert Japicx, berne yn Boalsert. De priis waard yn 1947 ynsteld troch it Provinsjaal Bestjoer. Dichter Obe Postma wie yn dat jier de earste priiswinner.

De frekwinsje fan takennen feroare yn de rin fan de tiid in pear kear. Tsjintwurdich wurdt de priis om de twa jier útrikt, de iene kear foar proaza, de oare kear foar poëzij. Yn 2013 waard de priis foar de 33ste kear takend.
Deputearre Steaten fan Fryslân kenne de priis ta op basis fan in advys fan de advyskommisje, ynstallearre troch DS op foardracht fan de Fryske Akademy, sûnt 2013 fan Tresoar.

It prizejild yn 1947 wie 500 gûne (225 euro), yn 2013 wie it 10.000 euro plus in earmerke subsydzje fan 5000 euro foar it oersetten fan wurk fan de priiswinner.

De priisútrikking wurdt yn Boalsert hâlden. Yn it ferline wie de byienkomst yn de riedseal fan it histoaryske stedhûs. It neidiel dêrfan is dat der amperoan hûndert minsken yn passe. Dêrom is de priisútrikking de lêste jierren yn de Martinitsjerke en is de útrikking frij tagonklik.

By de priisútrikking is de boargemaster fan de gemeente Súdwest Fryslân (of syn ferfanger) de gasthear. De gebrûklike lofrede (‘laudatio’) wurdt útsprutsen troch in fertsjintwurdiger fan de Fryske Akademy, de Rie fan de Fryske beweging of Tresoar, elk om bar.

Literatuerprizen fan de Provinsje, mear achtergrûn.
Literêre prizen, oersjoch


Oersjoch fan de priistakenningen

Yn it hjirnei folgjend oersjoch stiet fan de advyskommisjeleden dejinge dy't it wurd fierd hat by de priisútrikking foarop. Akademyske titels binne weilitten.

2015 (proaza)
Koos Tiemersma (1952) foar syn roman Einum
útrikt op sneon 10 oktober troch deputearre Sietske Poepjes
advyskommisje: Marga Waanders, Yvonne Dijkstra, Kester Freriks, André Looijenga en Doeke Sijens
beneamd troch DS fan Fryslân op 9 sept 2014, mear>>
nominaasjes: longlist; shortlist
bekendmakking priiswinner op Frysk Boekefeest freed 11 septimber
Jaap Krol, fraachpetear mei de priiswinner, FD 07-10-2015 part 1 en part 2
advyskommisje, ferslach
deputearre, taspraak, Y-SKrift 12-10-2015
Reinier Salverda, laudatio, de Moanne 12-10-2015
Sietse de Vries, LC 12-10-2015

2013 (poëzij)
Jacobus Q. Smink (1954) foar syn dichtbondel Sondelfal (2009)
advyskommisje: Goffe Jensma, Jetske Bilker en Jantsje Post
útrikt op sneon 12 oktober yn de Martinitsjerke troch deputearre Jannewietske de Vries
Rapport advyskommisje
Wurd fan wurdearring: Geart Benedictus
Mear:
Nominaasjes: shortlist
Jacob Haagsma, fraachpetear mei de priiswinner LC 12-10-2013
LC 14-10-2013
Advyskommisje

2011 (proaza)
Durk van der Ploeg (1930) foar al syn proaza mei spesjale fermelding fan de roman Foarby it Boarkumer fjoer (2002)
advyskommisje: Willem Verf, Ate Grypstra en Sietske de Jong
útrikt op tiisdei 8 novimber yn de Martinitsjerke troch deputearre Jannewietske de Vries
Rapport advyskommisje
Wurd fan wurdearring: Bert Looper
Mear:
LC 12-10-2011
Sietse de Vries, LC 14-10-2011
Nijsfoto boekemerk, LC 17-10-2011
Jaap Krol, FD 09-11-2011
LC 09-11-2011 stik 1 en stik 2
Pieter de Groot, LC 11-11-2011

2009 (poëzij)
Anne Feddema (1961) foar Reidhintsje op ’e Styx
advyskommisje: Pieter de Groot, Frits van der Kuip en Geertrui Visser.
útrikt op tongersdei 15 oktober yn it Stedhûs troch deputearre Jannewietske de Vries
wurd fan wurdearring: Piter Boersma
Mear:
Sietse de Vries, fraachpetear mei de priiswinner LC 09-10-2009 stik 1 en stik 2
Jaap Krol, FD 16-10-2009
LC 16-10-2009

2007 (proaza)
Josse de Haan (1941) foar it fernijende yn syn folslein oeuvre
advyskommisje: Ernst Bruinsma, Aukje Holtrop en Willy van der Meer
útrikt op tongersdei 25 oktober yn de Broeretsjerke troch deputearre Jannewietske de Vries
wurd fan wurdearring: Babs Gezelle Meerburg
Mear:
Rapport Advyskommisje
Sietse de Vries, fraachpetear mei de priiswinner LC 19-10-2007
LC 26-10-2007
Pieter de Groot, LC 30-10-2007

2005 (poëzij)
Abe de Vries (1965) foar In waarm wek altyd
advyskommisje: Michael Zeeman, Jitske Kingma en Klaas van der Hoek
útrikt op tongersdei 24 novimber yn it Stedhûs troch deputearre Bertus Mulder
wurd fan wurdearring: Teake Oppewal
Mear:
Rapport Advyskommisje
Pieter de Groot, LC 30-09-2005
Gerbrich van der Meer, FD 25-11-2005
LC 25-11-2005

2003 (proaza)
Willem Tjerkstra (1943) foar syn roman yn trije dielen Ridder fan Snits
advyskommisje: Alpita de Jong, Eric Hoekstra en Marijke Spies
útrikt op tongersdei 13 novimber yn it Stedhûs troch deputearre Bertus Mulder
wurd fan wurdearring: Karel F. Gildemacher
Mear:
LC 14-11-2003 stik 1 en stik 2

2001
Tsjêbbe Hettinga (1949-2013) foar syn dichtbondel Fan oer see en fierder
advyskommisje: Geart de Vries, Corrie Korevaart en Antonya Visser
útrikt op tongersdei 18 oktober yn it Stedhûs troch deputearre Bertus Mulder
wurd fan wurdearring: Jabik van der Bij
Mear:
Wurd fan wurdearring
Jabik Veenbaas, LC 17-10-2001
Pieter de Groot, LC 18-10-2001
LC 19-10-2001 stik 1 en stik 2

1998
Piter Boersma (1947) foar syn roman It libben sels
advyskommisje: Piter Duijff, Jan Pieter Janzen en Hesseline de Bos
útrikt op tongersdei 15 oktober yn it Stedhûs troch deputearre Bertus Mulder
wurd fan wurdearring: Trinus Riemersma
Mear:
Rapport Advyskommisje
LC 16-10-1998

1995
Trinus Riemersma (1938-2011) foar syn roman De Reade Bwarre
advyskommisje: Hylke Tromp, Hannah Ludwig en Albertina Soepboer
útrikt op tongersdei 9 novimber yn it Stedhûs troch deputearre Bertus Mulder
wurd fan wurdearring: Teake Oppewal
Mear:
LC 10-11-1995

1992
Steven H.P. de Jong (1935) foar syn roman De Wuttelhaven del en syn oar literêr wurk
advyskommisje: T. Veenstra, T.J. Steenmeijer-Wielenga en S. Ypenga
útrikt op tongersdei 22 oktober yn it Stedhûs troch deputearre J. Liemburg
wurd fan wurdearring: T. Dijkstra
Mear:
LC 23-10-1992
Pieter de Groot, LC 30-10-1992

1989
Anne Wadman (1919-1997) foar syn Fryske romans, mei namme foar In bolle yn 'e reak en De frou yn 'e flesse
advyskommisje: J. Krol, E.J. Brouwer, K. Dijkstra, J. Popkema en T. Mulder
útrikt op tongersdei 9 novimber yn it Stedhûs troch deputearre J. Liemburg
wurd fan wurdearring: P.Y.J. Boersma
Mear:
LC 10-11-1989

1986
Tiny Mulder (1921-2010) foar har hiele oeuvre, mar benammen foar de dichtbondel Oh in stêd, ah in lân
advyskommisje: G.A. Gezelle Meerburg, J.P. Janzen en A.M.J. Riemersma
útrikt op tongersdei 20 novimber yn it Stedhûs troch deputearre J. Walsma
wurd fan wurdearring: K. Straatsma-Westerhof
Mear:
LC 21-11-1986 stik 1 en stik 2

1983 (proaza)
Sjoerd van der Schaaf (1906-2006) foar de roman De bijekening
advyskommisje: G. van der Meer, D. van der Ploeg en H.J. Brouwer
útrikt op tongersdei 20 oktober yn it Stedhûs troch deputearre J. Mulder
wurd fan wurdearring: S. Bijleveld
Mear:
LC 21-10-1983 stik 1 en stik 2

1981 (poëzy)
R.R. van der Leest (1933) foar de bondel Kunst en fleanwurk
advyskommisje: T.J. Steenmeijer-Wielenga, G. Jelsma en S. Sybrandy
útrikt op tongersdei 22 oktober yn it Stedhûs troch deputearre J. Mulder
wurd fan wurdearring: Ph.H. Breuker
Mear:
LC 23-10-1981 stik 1 en stik 2

1979 (proaza)
L. Post-Beuckens (ps. Ypk fan der Fear) (1908-1983) foar har histoaryske romans
advyskommisje: J. Boomsma, J. Knol en S. Sybrandy
útrikt op tongersdei 11 oktober yn it Stedhûs troch deputearre J. Mulder
wurd fan wurdearring; T.J. Steenmeijer-Wielenga
Mear:
LC 12-10-1979

1977 (poëzy)
Jan Wybenga (1917-1994) foar de bondel Lyts Frysk deadeboek
advyskommisje: P. Breuker, W. Veeman en D.A. Tamminga
De advyskommisje koe net ta in ienriedige foardracht komme en joech de opdracht werom; Deputearre steaten bekroanden yn oerienstimming mei de mearheid yn de advyskommisje
útrikt op tiisdei 25 oktober yn it Stedhûs troch deputearre J. Mulder
wurd fan wurdearring: D. van der Schaaf
Mear:
LC 26-10-1977

1975 (proaza)
Rink van der Velde (1932-2001) foar syn hiele oeuvre
advyskommisje: G. de Vries, Ph.H. Breuker en R. Postma-Stolk; Breuker kaam mei in minderheidsadvys dêr’t er R.R. van der Leest yn foardroech
útrikt op tiisdei 7 oktober yn it Provinsjehûs te Ljouwert troch deputearre J. Mulder
Mear:
LC 08-10-1975

1973 (poëzy)
G. Willem Abma (ps. Daniël Daen) (1942) foar syn bondels De âlde en de leave hear as lead om âld izer, Op libben en dea en Mosken en goaden
advyskommisje: H.J. Brouwer, T. Jonkman-Nauta en T.J. Steenmeijer-Wielenga
útrikt op tongersdei 18 oktober yn it Stedhûs troch H. Rijpstra, Kommissaris fan de Keninginne
wurdearringswurd: K. Dijkstra
Mear:
LC 19-10-1973

1971 (proaza)
Paulus Akkerman (1908-1982) foar syn roman It roer út hannen en de beide bondels kursyfkes Foar de lins en Dat sadwaende
advyskommisje: D. Simonides, J. Boersma en G. van der Meer
útrikt op tongersdei 14 oktober yn it Stedhûs troch deputearre P. van der Mark
wurd fan wurdearring: F. Dam
Mear:
LC 15-10-1971

1969 (poëzy)
Net takend
De foardracht fan de yn 1968 troch Meindert Bijlsma, Josse de Haan en Geart van der Zwaag nei in idee fan F.S. Sixma van Heemstra oprjochte dichterstelefoan Operaesje Fers waard troch Deputearre Steaten net oernommen, omdat it reglemint takenning foarskriuwt oan in auteur.
advyskommisje: G.A. Gezelle Meerburg, K. de Wit en J. Wybenga
Mear:
LC 10-10-1969

1967 (proaza)
Trinus Riemersma (1938-2011) foar syn roman Fabryk
advyskommisje: J. Smit, G.A. Piebenga en E.G.A. Galama
útrikt op tongersdei 12 oktober yn it Stedhûs troch H.P. Linthorst Homan, Kommissaris fan de Keninginne
wurd fan wurdearring: W. Hiddema
Mear:
LC 13-10-1967

1965 (poëzy)
Jan Wybenga (1917-1994) foar de bondel Barakkekamp
advyskommisje: M.J. de Haan, Y. Poortinga en A. Wadman
útrikt op freed 8 oktober yn it Stedhûs troch H.P. Linthorst Homan, Kommissaris fan de Keninginne
wurd fan wurdearring: J. Smit
Mear:
LC 09-10-1965

1963 (proaza)
Jo Smit (1916-1991) foar de ferhalebondel Bisten en boargers
advyskommisje: G.A. Gezelle Meerburg, T. Mulder en J. Noordmans
útrikt op freed 11 oktober yn it Stedhûs troch deputearre H.M. Gerbrandy
wurd fan wurdearing: F. Schurer
Mear:
LC 12-10-1963

1961 (poëzy)
G.A. Gezelle Meerburg (ps. Marten Sikkema) (1918-2005) foar syn hiele dichterlik oeuvre. M.J. Brouwer stapte út de sjuery doe't er foar syn miening, dat Jelle de Jong de priis hawwe moast gjin meistanner krije koe.
advyskommisje: U.J. Boersma, G. Brouwer en M.J. Brouwer
útrikt op freed 13 oktober yn it Stedhûs troch H.P. Linthorst Homan, Kommissaris fan de Keninginne
wurd fan wurdearring: D.A. Tamminga
Mear:
LC 14-10-1961

1959 (proaza)
E.B. Folkertsma (1893-1968) foar syn esseebondel Eachweiding; de priiswinner hat de priis net oanfurdige; wat de annalen oangiet jildt lykwols ‘oanbean is jûn’.
advyskommisje: S. Leiker, Y. Poortinga en D.A. Tamminga
Mear:
LC 30-09-1959

1957 (poëzy)
D.A. Tamminga (1909-2002) foar de bondel Balladen
advyskommisje: K. Dijkstra, E.B. Folkertsma en H.T.J. Miedema
útrikt op moandei 4 novimber yn it Stedhûs troch deputearre D. Okma
wurd fan wurdearring: W.J. Buma
Mear:
LC 05-11-1957

1955 (proaza)
Ulbe van Houten (1904-1974) foar De hillige histoarje, bibelferhalen, en de al yn 1938 ferskynde, mar yn 1954 foar de 6de kear printe roman De sûnde fan Haitze Holwerda
advyskommisje: B. Tuinstra, D. Simonides (de earste frou yn 'e advyskommisje) en A. Wadman
útrikt op moandei 7 novimber yn it Stedhûs troch H.P. Linthorst Homan, Kommissaris fan de Keninginne
wurd fan wurdearring: W. Kok
Mear:
LC 08-11-1955

1953 (poëzy)
H.A. van Dorssen (ps. Rixt) (1887-1979), de earste froulike priiswinner, foar de bondel De gouden rider
advyskommisje: J. Jansen, E.G.A. Galama en D.A. Tamminga
útrikt op freed 30 oktober yn it Stedhûs troch H.P. Linthorst Homan, Kommissaris fan de Keninginne
wurd fan wurdearring: J.H. Brouwer
Mear:
LC 31-10-1953

1952 (proaza)
Anne Wadman (1919-1997) foar Kritysk konfoai, in bondel essees, foar it meastepart earder publisearre yn De Tsjerne en Podium
advyskommisje: Y. Foppema, F.J. Bergstra en Y. Poortinga
útrikt op tongersdei 30 oktober yn it Stedhûs troch deputearre D. Okma
wurd fan wurdearring: J. Piebenga
Mear:
LC 30-09-1952

1951 (poëzy)
Jan Dijkstra (ps. Sjoerd Spanninga) (1906-1985) foar de bondels Spegelskrift en Núnders
advyskommisje: E.B. Folkertsma, I. de Jong en G. Stuiveling
útrikt op moandei 17 septimber yn it Provinsjehûs te Ljouwert troch H.P. Linthorst Homan, Kommissaris fan de Keninginne; op fersyk fan de priisiwnner wie dy frijsteld fan de publike huldiging yn Boalsert
Mear:
LC 18-09-1951

1950 (proaza)
Ype Poortinga (1910-1985) foar it twadde diel fan de roman Elbrich
advyskommisje: J.J. Loopstra, F. Sierksma en W.L. Brandsma
útrikt op freed 3 novimber yn it Stedhûs troch H.P. Linthorst Homan, Kommissaris fan de Keninginne oan mefrou R. Poortinga-Wiersma, omdat Poortinga sels siik wie.
wurd fan wurdearring: W. Kok
Mear:
LC 04-11-1950 stik 1 en stik 2

1949 (poëzy)
Fedde Schurer (1898-1968) foar it bibelsk drama Simson en syn berimings yn It boek fan 'e psalmen
advyskommisje: O. Postma, J.H. Brouwer en F. Sierksma
útrikt op freed 4 novimber yn it Stedhûs troch H.P. Linthorst Homan, Kommissaris fan de Keninginne
wurd fan wurdearring: E.B. Folkertsma
Mear:
LC 04-11-1949
LC 05-11-1949 diel 1, diel 2, diel 3, diel 4

1948 (proaza)
Nyckle Haisma (1907-1943) foar de novelle Simmer
advyskommisje: C. Kramer, K. Fokkema en T. de Jong
útrikt op freed 29 oktober yn it Stedhûs troch H.P. Linthorst Homan, Kommissaris fan de Keninginne oan mefrou E. Haisma-Van der Veen
wurd fan wurdearring: P. Sipma en S.E. Wendelaar Bonga
Mear:
LC 30-10-1948

1947 (poëzy)
Obe Postma (1868-1963) foar de bondel It sil bistean
advyskommisje: J.H. Brouwer, K. Fokkema en C. Kramer
útrikt op freed 10 oktober yn it Stedhûs troch H.P. Linthorst Homan, Kommissaris fan de Keninginne
wurd fan wurdearring: P. Sipma en T. de Vries
Mear:
LC 11-10-1947


[pleatst 17.06.2014]


Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst.


Reagearje

Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.

Literatuer foar it fuotljocht


KURSUSSEN 2016-2017  >>>

Gerben Abma 1932-2016 >>>


DS beneame advyskommisje
Gysbert Japicxpriis 2017 >>>




Boeken út Tresoar wei op 'e sweef
en reaksjes fan lêzers








Lês mear »

Lêste nijs


Wurdskat


TAGS BY DIT ARTIKEL