Sykje yn de site: | Wiidweidich sykje
wa | wat | wêr | wannear | ynlogge

Literatuerprizen fan de Provinsje



Jou dyn eigen oardiel










Literatuerprizen fan de Provinsje

Oersjoch

Gysbert Japicxpriis


Yn it lêst fan 1946 waarden troch it Kolleezje fan Deputearre Steaten oan Provinsjale Steaten plannen foarlein foar it ynstellen fan de Gysbert Japicxpriis. It beslút dêrta waard yn jannewaris 1947 nommen en de priis is datselde jiers op 10 oktober foar it earst útrikt. De priis fan ynearsten fl.500,- (mei in oarkonde) wie alle jierren beskikber, de iene kears foar proaza, de oare kears foar poëzy. Mei neidruk waard steld, dat de priis net in oeuvrepriis wie, mar takend wurde soe foar it bêste wurk, dat yn de twa jier foarôfgeand oan it jier fan de útrikking publisearre wie. As der gjin wurk wie, dat 'der bekroning waardig' achte waard, dan waard de priis dat jiers net takend. De priis waard útrikt op it stedhûs fan Boalsert.

De Fryske Akademy advisearre Deputearre Steaten oer de gearstalling fan de advyskommisje. De ynfloed fan de Akademy is ôf te lêzen oan it grutte tal wittenskiplike beoefeners fan it Frysk dy't benammen yn de earste jierren diel útmakke hawwe fan de sjuerys.

Oant en mei 1953 is de Gysbert Japicxpriis jier op jier takend. Dêrnei waard de frekwinsje ferlege nei in priistakenning om it oare jier, ôfwikseljend foar proaza en foar poëzij. Op seker stuit is ek de bepaling opnommen dat in oeuvre wol bekroand wurde koe; de earste dy’t dat earbetoan tafoel wie de dichter Marten Sikkema yn 1961.

Yn 1953 waard it prizebedrach fan de Gysbert Japicxpriis ferhege ta fl.750,-,
yn 1963 ta fl.1500,- ; yn 1975 ta fl.2000,- en yn 1986 ta fl.4000,-.

Yn 1947 waard besletten om njonken de priis foar literatoaren ek in provinsjale priis foar histoarisy yn te stellen. Dy krige de namme Dr. Joast Halbertsmapriis en waard fan 1948 ôf om de twa jier tagelyk mei de Gysbert Japicxpriis yn Boalsert útrikt om bar oan in profesjonele en in amateurûndersiker. Fan 1954 ôf waard jierliks óf de literêre óf de histoaryske priis takend.


1984: Twa nije prizen derby en GJ hyltyd mear opwurdearre

Yn de sechstiger en santiger jierren kaam der gâns diskusje oer it prizebelied fan de provinsje. Der waard pleite foar mear en foar hegere prizen. Dat late der ta dat yn 1984 twa nije literêre prizen ynsteld waarden: de Fedde Schurerpriis foar debutanten en de Dr. Obe Postmapriis foar oersetters,elk mei in prizejild fan fl.2000,-. By dyselde gelegenheid waarden de besteande Gysbert Japicxpriis en de Dr. Joast Halbertsmapriis ôfskaft en yn in oare foarm op 'e nij wer ynsteld, sadat fan 1984 ôf it byld fan de provinsjale prizen der as folget út kaam te sjen: in trijejierlikse syklus, dêr't it earste jier de Gysbert Japicxpriis yn útrikt waard yn Boalsert, it twadde jier de Fedde Schurer- en de Dr. Obe Postmapriis tagelyk yn Ljouwert en it tredde jier de Dr. Joast Halbertsmapriis yn Grou. By de Gysbert Japicxpriis waard de earmerking foar óf proaza óf poëzij loslitten.

Nei ferrin fan tiid die bliken dat it loslitten fan de sjenre-earmerking by de takenning fan de Gysbert Japicxpriis in raar byeffekt hie: poëzij waard net mear bekroand. Boppedat waard it prizejild fan fl.4000,– as te min erfaren.
Dêrom kaam yn 1998 it beslút om it prizejild foar de GJ omheech te bringen nei fl.10.000,-. Dat waard pas yn 2001 effektyf. Yn 1999 waard boppedat it takenningssysteem út it tiidrek 1953-1984 yn eare hersteld: priistakenne om de twa jier, om en om foar proaza en poëzij. Foar 2001 waard de kar frijlitten oan de advyskommisje. Mei de yntroduksje fan de euro per 1 jannewaris 2002 gie it prizejild foar 2003 omheech nei €5000,-. De definitive regeling foar de Provinsjale Prizen is de ‘Oardering kultuerprizen en de wittenskipspriis’ fan 26 maaie 2003.

Yn 2011 stelde DS, yn de oanrin nei in nije wersjenning fan de prizeregeling, in ekstra bedrach fan €5000,– beskikber om wurk fan de priiswinner oer te setten. De yntegrale beliedsnota kultuer, taal en ûnderwiis Grinzen oer fan 2013 sette de tendins om it prestiizje fan Fryslâns grutte literêre priis te ferheegjen troch: Mei behâld fan it bedrach earmerke foar in oersetting gie it prizejild omheech nei €10.000,-. (Grinzen oer, side 19). De organisaasje fan de priistakenning en -útrikking gie mei yngong fan 2012 oer nei Tresoar. Dêrby beneamt DS de advyskommisje op foardracht fan Tresoar, en kent DS de priis ta nei it ynwinnen fan it advys fan de advyskommisje.

De Obe Postmapriis bliuwt, de Fedde Schurerpriis net

De Obe Postmapriis en Fedde Schurerpriis wiene yn 1999 opwurdearre mei in prizejild fan fl.4000,-; mei de komst fan de euro ferhege nei €2000,-. Omdat de Provinsje ta woe nei ien grutte priis per kultuerfjild waard yn 2012 besletten de Fedde Schurerpiis op te heffen, yn de hope dat private partijen mei nije inisjativen komme soene. De Obe Postmapriis koe bestean bliuwe. De priis sil tenei ien kear yn de fjouwer jier útrikt wurde, sadat de twa literêre prizen inoar net mear yn ’e wei sitte.

De lêste priisútrikking fan de Obe Postma- en Fedde Schurerpriis tagelyk wie op 12 oktober 2012 yn Tresoar. De útrikkingen rûnen doe in jier achter op skema. It tiidrek dat de prizen besloegen wie 2008 oant en mei 2010.

De Stifiting FLMD, ien fan de trije partijen yn it bestjoer fan Tresoar, stelde yn 2013 de D.A. Tammingapriis yn, as in nije debútpriis foar Frysk literêr wurk. De iennichste oansluting by de ôfskafte Fedde Schurerpriis is dat proaza beoardiele waard út it tiidrek 2011 oant en mei 2013.


[pleatst 17.06.2014]

Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst.


Reagearje

Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.

Literatuer foar it fuotljocht


KURSUSSEN 2016-2017  >>>

Gerben Abma 1932-2016 >>>


DS beneame advyskommisje
Gysbert Japicxpriis 2017 >>>




Boeken út Tresoar wei op 'e sweef
en reaksjes fan lêzers








Lês mear »

Lêste nijs


Wurdskat


TAGS BY DIT ARTIKEL