Sykje yn de site: | Wiidweidich sykje
wa | wat | wêr | wannear | ynlogge

Sondelfal



Jou dyn eigen oardiel
Sondelfal
Jacobus Q. Smink
Friese Pers Boekerij, 2009

Liene by Tresoar
Liene by de Iepenbiere Bibleteek
Nederlands: Jelle van der Meulen


De bondel Sondelfal is in samling fan goed fyftich gedichten dy’t fierder net ûnderferdield binne. De oardering is neffens alfabet ‘om de klam derop te lizzen dat elts fers op himsels stiet’, stelt de flaptekst. ‘Bewust is ôfsjoen fan in gronologyske of tematyske yndieling. De lêzer mei syn eigen dwersferbannen lizze en ûntdekkingen dwaan.’

Smink syn markante styl út earder wurk is werkenber. Hy ferwringt as it him útkomt de grammatika fan de taal en hy jout syn fersen wol rigels mei, mar gjin sinnen: de punt ûntbrekt struktureel. It effekt is dat de gedichten in streamend en filmysk karakter krije, wêrby’t it lêzen bytiden stûket, as hapere de film. It byld wurdt ûndúdlik, en dêrtroch mearsinnich.

De measte fersen yn de bondel roppe de fyftiger, begjin sechtiger jierren op, de dichter yn de bondel is boerebern, hy hat ‘berneboerboarte / By grutte pappel oan ’e jarrsleat’. It is noch de tiid fan foar de Hollânske tv, it jonkje libbet mei in berneboek as Durk en Djoke (út 1956, fan Jant Visser-Bakker, en tiidstypearjende mar ek tiidleaze yllustraasjes fan Meinte Walta). It is ek noch krekt de tiid fan it boerebedriuw sûnder lisboksstâlen, mei de byhearrende wurden, dy’t op harsels al hast nostalgysk oandogge.

Neist de boerefaktaal brûkt de dichter op plakken ek Súdhoeksk, wat foar de lêzer de lokale kleur fersterket; de titel ferwiist nei Sondel, dêr’t Smink hikke en tein is.
It liket derop dat de dichter mei dizze bondel syn hert útskodzje wol oer wat him heucht fan de bernewrâld, in ding dêr’t er him earder net ta sette koe, want ‘It bonkerak te besoademitere / En doch in goede haal / Alles is neat en neat is alles’.
Hy wol it oproppe en hy wit dat er der in protte op talizze moat, omdat it yn werklikheid al net mear bestiet. Ut ‘Sondelfal’:

Mei it hert op ’e terp
Kaam ik op Sondel del
Wylst alles noch bestie
En wy der winters by del
Slydsken wie der snie [...]

Op in dei kaam in kraan
Op it iistiidrêchje ta
Dy biet stikken en biten
Fan it ûnbeskreaune ôf
En ik seach it te let.

Tagelyk binne der ek dingen dêr’t er oer swije wol: ‘ik swij dat it / In aard is oer wat opsletten sit’.

Mei Sondelfal hat Jacobus Q. Smink syn Sondel ferbylde op in unike dichterlike wize. Yn it slotfers ‘YX untitled’ fettet er it gear, dat hoekje út romte en tiid dat hy bedichte hat, en by einsluten wurdt syn poëzij, sa liket er sizze te wollen, wurk dat loskomt fan dy spesjale tiid en gewoan it besit fan wa dan ek mar dy’t libbet:

In wûnder sa’t it is in pôle lân foar of nei it soalt my net
Dit; alles is fan nei en alles is fan foar
En dy’t libbet dy’t net stoar

Op it boekefeest  freed 13 septimber 2013 makke de foarsitter fan de advyskommisje Goffe Jensma bekend dat dichter Jacobus Q. Smink mei dizze bondel de Gysbert Jpicxpriis 2013 wûn hie. Mear
De priisútrikking wie yn de Martinitsjerke yn Boalsert op sneon 12-10-2013. Mear.


Oaren oer dizze titel
Kânshawwer Gysbert Japicxpriis 2013
Eppie Dam, LC 07-05-2010
Cornelis van der Wal, FD 22-03-2010
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Eric Hoekstra, 'Peter Pan sjocht werom', Ensafh 2, 2010, nr. 3 s. 38-42
Rapport Advyskommisje op Ensafh 13-10-2013

Jou oan wat jo wurdearring is foar dit boek.
Oantal pompebledsjes: 1=min 2=’mwah’ 3=aardich 4=moai 5=klasse!
Jo kinne hjirûnder ek in reaksje jaan.




Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst.


Reagearje

Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.

Literatuer foar it fuotljocht


KURSUSSEN 2016-2017  >>>

Gerben Abma 1932-2016 >>>


DS beneame advyskommisje
Gysbert Japicxpriis 2017 >>>




Boeken út Tresoar wei op 'e sweef
en reaksjes fan lêzers








Lês mear »

Lêste nijs


Wurdskat


TAGS BY DIT ARTIKEL