Sykje yn de site: | Wiidweidich sykje
wa | wat | wêr | wannear | ynlogge

Elske Kampen wint Fedde Schurerprizen 2012. Anne Popkema fergulde mei Obe Postmapriis



Jou dyn eigen oardiel









Elske Kampen wint Fedde Schurerprizen -

Anne Popkema fergulde mei Obe Postmapriis
pleatst 12 oktober 2012, foto's Winfried Walta

[Alle foto's fan Walta]

De Fedde Schurerpriis 2012 is takend oan Elske Kampen foar har dichtbondel Fan gls it brekken. De priiswinner waard hjoed yn Tresoar bekendmakke troch sjueryfoarsitter Tsead Bruinja. De priis waard trikt troch Deputearre fan Kultuer Jannewietske de Vries. De seal wie goed fol, nei skatting in lytse twahndert oanwzigen.
De sjuery keas t fjirtich debuten de bste fiif titels, dy’t yn it sjueryrapport priizge waarden om har kwaliteiten. Oer de priiswinnende bondel stelde de advyskommisje nder oare: “in kwetsber en moedich boek wryn't Kampen yn prachtige bylden it ferhaal fan in famke en de libbensfragen fan in dochter en folwoeksen frou oan s foarleit.” De advyskommisje bestie nst Bruinja t Hille Faber en Mette Piebenga.
Sjoch hjir foar it sjueryrapport.


Tsead Bruinja oan it wurd



Publykspriis
De seleksje fan fiif titels troch de advyskommisje foarme tagelyk de list fan nominaasjes foar de Fedde Schurerpublykspriis. Fan 6 april oant 11 oktober koe it Fryske lzerspublyk stimme op ien fan de fiif nominearre titels. Drfoar rjochte Tresoar spesjaal de site www.fedde2012.nl yn.
De publykspriis en de fiif nominearre titels krigen yn dat healjier rom omtinken: filmkes op youtube, fraachpetearen op Omrop Frysln mei de sjueryfoarsitter yn april en mei de nominearre auteurs begjin oktober, en in spesjale portretopdracht oan Jos Witteveen. Nei ien oktober wie de tuskenstn net mear te sjen; doe leine Thys Wadman syn jeugdboek De oerwinnings fan Tido Houtsma en Elske Kampen har dichtbondel Fan gls it brekken fier op kop.

Fiif entsjaste lzers joegen as fertsjintwurdigers fan it publyk elk by ien fan de titels har miening wrom’t it moai wie dat it oanbelangjende boek nominearre wie, en wrom’t it eins ek de priis wol krije mocht: Sigrid Kingma, Lienke Boot (bydrage pdf), Imke Hooijenga, Sicco Rypma (bydrage pdf) en Eric Hoekstra (bydrage pdf).
Eeltsje Hettinga krige drnei koart it wurd. Hy joech by wize fan protest oan Deputearre De Vries de oarkonde fan syn Feddepriis-1999 werom (foar de dichtbondel Akten fan winter), mar sy murk op dat hy foar har altyd priiswinner bliuwe sil.

Doe kaam Bert Looper mei de slf en de tslach fan de publykspriisfraach. De measte stimmen giene nei Fan gls it brekken, mei fiif stimmen ferskil folge troch De oerwinnings fan Tido Houtsma. Yn totaal waarden der goed fiifhndert stimmen tbrocht.

De tslach yn sifers:
Fan gls it brekken – Elske Kampen 218
De oerwinnings fan Tido Houtsma – Thys Wadman 213
Identiteit & Kowesturten – Abe de Vries 30
Fol tch de mist yn – Hidde Boersma 27
Gerben Rypma – Eeltsje Hettinga 21
Totaal oantal stimmen 509




Priiswinner Anne Popkema fergulde
Deputerarre De Vries rikte ek de Obe Postmapriis t oan priiswinner Anne Tjerk Popkema. Syn namme waard in moanne lyn by de start fan de Moanne fan it Fryske Boek al bekendmakke, sjoch hjir op Sirkwy. De advyskommisje priizge yn syn rapport de goede balns tusken begryplike taal en it brken fan drege wurden, en wie fierder fan betinken dat it de oersetter slagge is in nije wrld op te roppen dy’t folslein rjocht docht oan it orizjineel, it wichtichste skaaimerk fan in goede oersetting. De advyskommisje bestie t Hein Jaap Hilarides, Marijke de Boer en Andr Looijenga.
Hjir stiet it sjueryrapport.
De priiswinner beklamme yn syn tankwurd hoe fergulde oft er is mei de priis en wat it belang is fan in oersetpriis krekt t namme fan de Provinsje Frysln - de Provinsje, dy fertsjintwurdiget ommers alle Friezen meielkoar, en dat is wat oars as in partikuliere stifting of in kommersjele klub (taspraak Anne Popkema pdf).

Foar alle trije de prizen is de priis in oarkonde en in bedrach fan twatzen euro.




Skriuwersprotest
It programma waard nderbrutsen mei in heal nferwachte protestaksje fan skriuwers, krekt doe’t Deputearre Jannewietske de Vries begn wie mei har taspraak foar Obewinner Anne Popkema. Bert Looper hie der yn syn iepeningswurd al op sinspile dat freed 12 oktober 2012 wol ris in histoaryske dei wurde koe. 'Wy ha as Friezen wat mei de letters FR: frijheid, freugde, frustraasje, fruchtberheid, freed - drom bart it hjir altyd op freed...'



Elmar Kuiper gie midden yn de seal boppeop in stoel stean en die syn oerhimd t. As in reus fan in arbeidsman-fan-de-pinne joech er sa it sein oan alle oanwzige skriuwers om tagelyk oerein te kommen en t eigen wurk foar te lzen. In pear minuten wie de grutte stdzjeseal fan Tresoar fuld mei in ienriedige kakofony fan Frysk literre lden. Neidat it sein sitten gean jn wie, lei Elske Schotanus noch in kear t wat it belang is fan de literre prizen. Deputearre De Vries wie beret op in antwurd en motivearre de wiziging fan belied: it giet om mear stipe foar debutanten en jongereinskriuwers, klam op ‘literatuer-eksport’ en in fokus op de Gysbert Japicxpriis.
Mear droer yn de nota Kultuer, Taal en Underwiis 2013-2016.
Foar mear oer it skriuwersstnpunt sjoch .o. it nijsitem yn it FD 5-10-2012, it ynstjoerde stik fan Andr Looijenga (LC 6-10-2012), it nijsitem yn de LC 8-10-2012, de kollum fan Pieter de Groot (LC 12-10-2012) en Abe de Vries yn syn rubryk ‘Skroeier’ (FD 3-10-2012 en FD 10-10-2012) en yn in opinystik (FD 11-10-2012).
Op 14 novimber komt de nije Kultuernota yn behanneling yn de kommisjegearkomst 'Boarger en mienskip' fan Provinsjale Steaten. De stimming is yn de algemiene gearkomst op 28 novimber.

Muzikale bydrage
Tusken it Obe- en Feddepart fan de middei joegen Rianne Jongsma en Arjan Jongsma in muzikaal optreden op fluit en marimba. Rianne is masterstudint oan it konservatoarium yn Amsterdam, broer Arjan sit yn 6-vwo fan it Liudger yn Drachten en folget kursussen oan it konservatoarium yn Grins. De lden fan fluit en marimba foegen har goed yn de romte fan de seal. De fluitsolo ‘Syrinx’ fan Debussy sil mannichien wol werkend ha, mar it wurk fan de Japanske marimbaspylster K. Abe grif net. Ofslutend spilen se tegearre twa stikken fan Gillingham: ‘Slow dance of the last living dinosaur’ en ‘Riding on the fast hooves of the gazelle’, in traach en in flitsend stik – symbolysk foar de twa kanten dr’t it mei de literre wrld hinnegean kin?

Teake Oppewal


Utrikking publykspriis, sjueryrapport Tsead Bruinja,
trikking Fedde Schurerpriis, tankwurd Elske Kampen


filmke Douwe Sibma

Skriuwers-aksje

Filmke Neeltje van der Weide

Muzikaal optreden

filmke Haye Bijlstra

Oaren oer de priistrikking
Jaap Krol, Frysk Deibld 13-10-2012, foarside en side 15
Sietse de Vries, Ljouwerter Krante 13-10-2012




Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst.


Reagearje

Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.

Literatuer foar it fuotljocht


Kursussen hjerst 2014


        5 nov 2014


        Besprekstek



Boeken út Tresoar wei op 'e sweef
en reaksjes fan lêzers



Al twatûzen boeken loslitten >>>














Lês mear »

Lêste nijs


Wurdskat


TAGS BY DIT ARTIKEL