Sykje yn de site: | Wiidweidich sykje
wa | wat | wêr | wannear | ynlogge

Moard yn toga



Jou dyn eigen oardiel
Moard yn toga
G. Spaanderman-Wielinga
A.J. Osinga, KFFB nr. 132, 1969

Liene by Tresoar

Liene by de iepenbiere bibleteek


De haadpersoan yn dizze misdiedroman is de Harnzer dûmny Johan Barger (1853-1900), troch de skriuwster omdoopt ta Johan Brongers. It ferhaal is basearre op in tal wier barde feiten en libbet noch altiten fierder yn in strjitsankje yn de Fryske havenstêd:

Tarara boemdiee
De blikken dominee
Die schoot met kruit en lood
Zijn arme naaister dood
Nu zit hij in de kast
Al aan een ketting vast
De jongens roepen luid:
Die komt er nooit meer uit


Dûmny Johan Barger naam yn 1888 in berop fan de Herfoarme Tsjerke te Harns oan en sette him dêr mei syn twadde frou Eilke Venema nei wenjen. Hy waard fereale op ien fan syn kategisanten, de 17-jierrige Cato Mirande (yn it boek Louise Wynalda neamd). De jongfaam kaam regelmjittich as naaister by it dûmnysechtpear oer de flier. Se krigen in geheime relaasje, dy't nei twa jier op dramatyske wize de ein fûn. Doe't Cato op in stuit har minnaar de wacht oansei, skeat dûmny har mei in revolver dea. Hy joech himsels by de plysje yn Harns oan. Brongers waard ta libbenslang feroardiele en ferstoar yn maaie 1900 yn de Ljouwerter finzenis.

Moard yn toga wie de sechsde en lêste roman fan de Harnzer KFFB-skriuwster G. Spaanderman-Wielinga (1899-1971). De skriuwster gie yn it boek frij mei de gronology om en brûkte de earste helte om oer de foarfaars fan Louise te fertellen. It waard troch de literêre kritisy net botte posityf ûnthelle, mar de lêzers fûnen it moai. It grutste
suskes fan de skriuwster wie har roman It goudene ûleboerd (1956), dat yn 1986 in twadde printing belibbe en yn 1984 yn Burgum as iepenloftspul opfierd waard yn in bewurking fna Bertus Klazinga..

Oer it drama fan dûmny Barger en Cato skreau Simon Vuyk yn 2011 de 'true thriller'
De blikken dominee.


Oaren nei oanlieding fan dizze boeken

Oankundiging yn Harnzer Krante 5-1-1968
D.M. v.d. W. (= Douwe Miedema)yn Friese Koerier 4-8-1969
Tr. Riemersma yn Literair Kwartier, Rono, 28-9-1969
M.S. (= Marten Sikkema) yn de
Ljouwerter Krante 14-10-1969
N. Hornberg-van Driesten yn Harnzer Krante 7-2-1970
IM skriuwster yn de Fleanende Krie hjerst 1971

Jeanine Otten op
Harlingen boeit 05-01-2012
Aletta Schweigmann-Snoekc yn de Ljouwerter Krante 27-5-2011


Jou oan wat jo wurdearring is foar it boek fan Spaanderman-Wielinga
Oantal pompebledsjes: 1=min 2='mwah' 3=aardich 4=moai 5=klasse!
Jo kinne hjirûnder ek in reaksje jaan.

Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst.


Reagearje

Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.

Literatuer foar it fuotljocht

Lêzing Nyk de Vries:




Sosjale media en freonskip:
Ferhalewedstriid foar jong skriuwtalint



Seis skriuwers oer har ynspiraasje

op wykein yn Riis










Lês mear »

Lêste nijs


Wurdskat


TAGS BY DIT ARTIKEL