Sykje yn de site: | Wiidweidich sykje
wa | wat | wêr | wannear | ynlogge

DichterBy: Nije ferzje



Jou dyn eigen oardiel








Voor Nederlands zie hieronder >>>

App DichterBy by de tiid brocht

Op Gedichtedei 2012 ferskynt ferzje 1.3 fan de Tresoar-app 'DichterBy'. Mei de app kinne besitters fan in smartfoan of iPad gedichten beharkje by in bepaalde lokaasje yn Fryslân.
De earste ferzje fan de app ferskynde yn de Moanne fan it Fryske boek 2011. Yn de nije ferzje binne gedichten opnommen by 255 lokaasjes.

Frije ynstelling of spul
De app hat twa ynstellingen: 'Frij' en 'Spul'. By de frije ynstelling binne alle fersen frij te beharkjen, los fan it plak dêr't men is. Yn de spul-ynstelling moat de smartfoan op minder as 250 m wêze fan it punt dêr't it gedicht mei twa gps-koördinaten op de kaart fan Fryslân fêstpript is. De besitter kin dy gedichten opsparje.

Nij yn 1.3
Nij yn ferzje 1.3 binne in oantal klassike Nederlânsktalige fersen oer Fryslân, foarlêzen troch Remco Ekkers. Foarbylden binne fersen fan Gerard Reve by Blauhús en Greonterp, M. Vasalis har gedicht oer de Ofslútdyk, Ida Gerhardt har fers 'Onder de Brandaris' of Jean Pierre Rawie syn 'Spanjaardslaan'.
Abe de Vries skreau spesjaal foar de nije appferzje in fers oer Gryn, 'Kariatide foar in sânplaat op 'e rin'. It fers kin 'opheind' wurde op 12 km ôfstân fan Gryn (en net op 250 m, lykas by de oare). Fierder binne nije fersen tafoegen, ûnder oare fan Nyk de Vries, Goaitsen fan der Vliet, Albertina Soepboer, Eppie Dam en Job Degenaar. Flaters yn de eardere ferzjes binne ferbettere en fan elk gedicht is no de tekst beskikber.

Foarbylden
Foar de leafhawwers steane hjirûnder fjouwer mp3 bestannen mei foarbyldfersen
Feanwâlden - Nyk de Vries, 'Pantheon'
Blauhús - Gerard Reve, 'Graf  te Blauwhuis'

Dellade
De app is ûntwikkele troch de Dutch Application Company en fergees del te laden fan de Android Market of de Apple Store. Sjoch ek de site fan Dutch Applications Company.

Gjin smartfoan?
Wa't gjin smartfoan hat, kin de gedichten beharkje fia tillefoannûmer 085 - 210 20 15. Je moatte dan in nûmer ynjaan by it plak: List mei plaknûmers en  Totaal oersjoch fan plakken, dichters en gedichten.

Screenshots fan DichterBy

Takomst
Tresoar hopet dat de app yn de takomst fierder útwreide wurde kin mei mear lûd, tekst en byld. Ien en oar sil ôfhingje fan de beskikberens fan fûnsen.


Teake Oppewal
pleatst 24-01-2012

NL hierna>>




Upgrade van App DichterBy

Op Gedichtendag 2012 is versie 1.3 verschenen van de Tresoar-app 'DichterBy'.
Met de app kunnen bezitters van een smartfoon of iPad gedichten beluisteren bij een bepaalde locatie in fryslân. De eerste versie vande app verscheen in de 'moanne fan it Fryske Boek', september 2011. In de neiuwe versie zijn gedichten opgenomen bij ruim 250 locaties.

Vrije instelling of spel
De app heeft twee instellingen: 'Vrij' en 'SpEl'. Bij de vrije instelling zijn alle gedichten vrij te belusiteren, los van de plek waar de smartfoon zich bevindt. In de spel-modus moet de smartfoon op midner da n250 m zijn vande plak waar het gedicht met gps-coördinaten vastgeprikt is op de kaart van Fryslân. De gebruiker vande telefoon kan die gedichten sparen.


Nieuw in 1.3

Nieuw in versie 1.3 zijn een aantal klassieke Nederlandstalige gedichten over Fryslân, gelezen door Remco Ekkers. Voorbeelden zijn onder andere gedichten van Gerard Reve bij Blauwhuis en Greonterp, M. Vasalis haar gedicht over de Afsluitdijk, Ida Gerhardt haar vers 'Onder de Brandaris' of Jean Pierre Rawie zijn 'Spanjaardslaan' in Leeuwarden.
Abe de Vries schreef speciaal voor de nieuwe app een gedeicht ovver Griend, 'Kariatide foar in sânplaat op 'e rin' ('Kariatide voor een zandplaat op de loop'). Het gedicht kan worden 'opgevangen' als men binnen 12 km van Griend is (en niet 250 m, zoals bij de andere gedichten). Verder zijn nieuwe (Friese) gedichten toegevoegd, onder andere van Nyk de Vries, Goaitsen fan der Vliet, Albertina Soepboer, Eppie Dam en Job Degenaar. Fouten in de eerdere versies zijn verbeterd en van alle gedichten is de tekst te lezen.

Downloaden
De app is ontwikkeld door de Dutch Application Company en gratis te downloaden van de Android Market of de Apple Store. Zie ook Dutch Applications Company

Geen smartfoon?
Wie geen smartfoon heeft, kan de gedichten beluisteren via telefonnummer 085 - 210 20 15. Er wordt dan gevraagd naar een nummer bij een lodactie. Lijst met plaatsnummers en  Totaal overzicht  van plaatsen, dichters en gedichten.

Screenshots van DichterBy

Toekomst
Tresoar hoopt dat de app in de toekomst verder kan worden uitgebreid met meer geluid, beeld en tekst.

Teake Oppewal
[geplaatst 26-1-2012]


Documenten / Bestanden

Oersjoch plakken, dichters. gedichten 45.7 KB Download »
Feanwalden_Nyk-de-Vries 297.5 KB Download »
Blauhus_Gerard-Reve_Graf-te-Blauwhui 247.1 KB Download »

Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst.


Reagearje

Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.

Literatuer foar it fuotljocht

Lêzing Nyk de Vries:




Sosjale media en freonskip:
Ferhalewedstriid foar jong skriuwtalint



Seis skriuwers oer har ynspiraasje

op wykein yn Riis










Lês mear »

Lêste nijs


Wurdskat


TAGS BY DIT ARTIKEL