
Sosjale media en freonskip:
Ferhalewedstriid foar jong skriuwtalint
Seis skriuwers oer har ynspiraasje
op wykein yn Riis

Lês mear »
Genôch Frysklêzers (mooglikerwize)
250.000 potinsjele Frysklêzers
Neffens de earste sprekker fan de Literêre 4-Stêde Tocht binne der sawat 250.000 minsken yn Fryslân dy't ús taal wol lêze kinne. Klassikus André Looijenga hat ûndersyk dien nei literatuer yn it Frysk en twa oare lytse talen, it Friûlysk (yn Noard-Itaalje) en it Letzebürgysk (yn Lúksemboarch). Yn alle trije gebieten is de eigen taal allinnich dominant as sprektaal. Der binne in protte oerienkomsten, ek út de literêre histoarje wei besjoen. As je sjogge nei it tal boeken dat jierliks yn de eigen taal útjûn wurdt, dogge wy it hjir net min. Yn Fryslân hat de taal syn status stadichoan fergrutte, mar yn Lúksemboarch binne se dêr fierder mei kaam.
Looijenga hat ek útsocht wat minsken driuwt om yn it Frysk skriuwe te wollen. Hast alle Friezen binne ommers meartalich en ha op skoalle neat (of in bytsje) skreaun yn de memmetaal. De sprekker hat fraachpetearen holden mei skriuwers en koe harren motiven gearfetsje ûnder fjouwer kategoryen: emosjoneel, ideologysk, praktysk en artistyk. De sprekker kaam ek oer it lêzen yn it Frysk te praat. Dat is meastentiids foar de ferdivedaasje. Boeken dy't op de ien of oare manier wat mei Fryslân te krijen hawwe, wurde it faakst lêzen.
De lêzing waard ôfsluten mei fragen en diskusje. It gie û.o. oer it ferskil tusken skriuwtaal en sprektaal, mei as aktueel foarbyld Halbe fan de Carglass reklame. De offisjele reklame is yn skriuwtaalfrysk, de parody (by in oar filmke, oars) yn 'sappich' praatfrysk.
Carglass1
Carglass 2
De Literêre 4-Stêde Tocht wol minsken berikke dy't har betrutsen fiele by de Fryske literatuer. Dêrta wurde û.o. rekkene skriuwers, lêzers, studinten, dosinten, sjoernalisten, resinsinten, útjouwers, ûnderwizers, Afûk-kursisten, leden fan Fryske kriten, bibleteek meiwurkers, leden fan lêsgroepen, ensafh.
Symen Schoustra
Bersa Tekstwerk
Der binne noch gjin reaksjes pleatst.
Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.

