
Sosjale media en freonskip:
Ferhalewedstriid foar jong skriuwtalint
Seis skriuwers oer har ynspiraasje
op wykein yn Riis

Lês mear »
Atze Bosch 1927-2011
klik foar grutter byld
Atze Bosch ferstoarn
As lang om let de rails it einpunt fine
winkt my de wiksel nei de ivichheid
Ofrûne tiisdei 20 desimber is Atze Bosch ferstoarn, yn Frysk-literêre rûnten bekend as dichter, benammen fan geastlike lieten en as oersetter. Bosch kaam fan Achlum en die de HTS yn Ljouwert (yn de tiid dat de HTS offisjeel noch MTS hjitte). Hy en syn frou wennen yn Hilversum; hy wurke by Philips yn Huizen. Se hiene gjin bern. Nei syn pinsjoen yn 1987 setten se har nei wenjen op It Hearrenfean, tichteby de bosken.
Skriuwe wie foar Bosch in hobby, dy't 'wat oanboaze wie' doe't er mear tiid om hannen hie. It wie begûn mei de oersettingen dy't Bosch makke foar it Fryske sjongkoar dêr't hy en syn frou by wiene, doe't se noch om utens wennen.
Hy wie it soarte fan ambachtlike dichter dat in kapstok nedich like te hawwen om syn kreativiteit streame te litten. Mei syn sweager Bernard Smilde skreau er in grutte samling bernebibellieten, dy't yn 1993 by Intrada ferskynde ûnder de titel Sjonge by de Bibel. Hy wie ek ien fan de meiwurkers oan de tsjerkelietebondel Tuskentiden út 2006. Yn 2009 ferskynde de bondel Alles op syn tiid, in iroanyske titel foar in bondel dy't formeel syn debút neamd wurde kin. Cornelis van der Wal resinsearre de bondel yn it FD.
Oersettingen wiene ek hielendal Bosch syn ding, en as it eardere FLMD of Tresoar workshops oersetten organisearre, wie hy der altyd by. Fan in oantal bekende Nederlânske gedichten makke er Fryske wjergaders, dy't ûnder oare ferskynden op Farsk.
Bosch wurke mei oan de trijetalige blomlêzing út it wurk fan Gysbert Japix yn 2003 en levere bydragen foar de foardrachtskriichbondels Fersefariaasje. As der earne in oprop dien waard foar in gedicht die er grif mei. Eppie Dam frege yn de LC in kear om fersen oer in plak dêr't je wat mei ha, en Bosch kaam mei in fers oer Ieslumbuorren by Achlum. En sa binne der ek noch it Nij Frysk folskliet, de allinnesteande beam yn it Stellingwerver lânskip, in Slachte-fers en begjin 2011 de wedstryd om nije Fryske wurden te betinken. Dêr wûn er de earste priis mei syn fynst 'hipperhapke'.
Yn 1996 joech útjouwerij Frysk en Frij in temabondel út mei gedichten op it tema stilte. De bydrage fan Atze Bosch, 'Nul decibel', ferbynt op oansprekkende wize syn situaasje fan tanimmende dôvens mei it leauwe dat syn libben droech. It gedicht is opnommen yn it lûdsargyf fan Tresoar en hjir te beharkjen.
Advertinsjes op Mensenlinq.
Atze Bosch kriget fan sjuerylid Rixt Weiland de earste priis útrikt
by de Nijwurdwedstryd, Tresoar 14 -1-2011.
Foto Haye Bijlstra
Teake Oppewal
pleatst 23-12-2011
Marja Schuppert skreau op 26-12-2011 23:21:Reagearje
Beste lezers,
Heel verrast om dit te lezen en zeer trots ben ik op myn leave omke Atze!!
Hipperhapke..hoe krijg je het verzonnen..enorm geestig!!!!!
Wat zullen we ûs Omke missen!!
Fijne Kirsjttiid en een rijk literatuer 2012!
Marja Schuppert ~ Eindhoven
Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.

