Sykje yn de site: | Wiidweidich sykje
wa | wat | wêr | wannear | ynlogge

De fűke



Jou dyn eigen oardiel
De fûke
Rink van der Velde
Friese Pers Boekerij, 2005, 10de printing

Liene by Tresoar
Liene by de iepenbiere bibleteek
Tekst 2005 yn de DBNL; tekst 1970 yn de DBNL

De haadpersoan yn dizze roman wurdt net by namme neamd. Hy is 'hy', ielfisker fan berop, in gewoane man dy't ûnopfallend syn wegen giet en dat ek net oars wol. Der wie al in rite dat er ferwachtings fan it libben hie, mar de tiid hat him dat wol ôfleard. Hy kaam út in anargistysk nêst yn de omkriten fan Beets. Dêr jilde it prinsipe dat elk dy't achter de broek sitten waard by him in feilich ûntwyk fine koe. Yn de Twadde Wrâldoarloch waard hy foargoed op dat prinsipe ferge. Syn fiskersklinte oan de Tsjûkemar wie in taflechtsoard foar ûnderdûkers en oare ferfolgen. Oant op in dei syn iennichste soan it slachtoffer fan in razzia wurdt. De fiskerman komt foar in ûnmooglike kar te stean. Under de ferhoaren bedarret er hieltiten fierder yn de fûke.

De earste printing fan De fûke ferskynde yn 1966, dêrnei folgen noch fjouwer printingen oan de ein fan de jierren santich ta, mei ek troch de suksesfolle teaterútfiering troch Tryater yn 1977.



Pas yn 1995 ferskynde der wer in nije printing, de sechste, mei it bekende panterdoaske op it omslach. Van der Velde stavere foar dy edysje de tekst om en paste ek de ynhâld oan. Foar yn it boek kaam dêr in koarte ferantwurding foar. Yn dizze sechste edysje waard ek de steurende printflater yn de earste sin fan it boek ferbettere, dêr't 'ik' stie yn plak fan 'it'.

De fûke wurdt troch in protte literatuerkritisy as de bêste roman fan Rink van der Velde sjoen, al waard dat oardiel ek wol jûn doe't de skriuwer syn oeuvre noch net ôfsletten hie.

It ferhaal waard yn 2000 ferfilme troch Steven de Jong. Oersettingen ferskynden yn it Nederlânsk (troch Jan J. Bylsma), Ingelsk (troch Henry Baron) en Oekraynsk (troch Yuri O. Zhluktenko).

De razzia moarns ier dêr't it boek mei begjint fynt plak omdat yn de nacht droppings west ha op de mar. Van der Velde jout yn in aparte meidieling oan dat er by it skriuwen sydlingswei tocht hat oan de dropping fan geheim agint Lodo van Hamel op de Tsjûkemar, yn it begjin fan de oarloch.


Oaren oer dizze titel

Marten Sikkema, LC 22-10-1966
Jelle Krol LC 26-05-1995 diel 1 en diel 2
Critici in Amerika loven 'The trap', LC 16-08-1995
Alpita de Jong, 10 Books from Friesland sept 2013
Eric Hoekstra op it sympoasium 'Alde meuk?', Opname Audiofrysk 12-04-2014


Jou oan wat jo wurdearring is foar dit boek.
Oantal pompebledsjes: 1=min 2='mwah' 3=aardich 4=moai 5=klasse!
Jo kinne hjirûnder ek in reaksje jaan.





Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst.


Reagearje

Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.

Literatuer foar it fuotljocht


KURSUSSEN 2016-2017  >>>

Gerben Abma 1932-2016 >>>


DS beneame advyskommisje
Gysbert Japicxpriis 2017 >>>




Boeken út Tresoar wei op 'e sweef
en reaksjes fan lêzers








Lês mear »

Lêste nijs


Wurdskat


TAGS BY DIT ARTIKEL