Nominaasjes en Stimme 
Ald Begraafplak Spanjertsleane Ljouwert:
Smellingerlân siket Gemeentedichter >>>
Filmwedstriid Moanne Fryske Boek
Lês mear »
De ljedder
De ljedder
Koos Tiemersma
Friese Pers Boekerij, 2005, 3de printing
Liene by Tresoar
Liene by de iepenbiere bibleteek
Tekst yn de Digitale Bibleteek op Sirkwy
Job Wassermann bedarret yn 1942 as Joadske ûnderdûker op de pleats fan de famylje Nauta, fuort ûnder Frjentsjer. Jacob, de alvejierrige haadpersoan fan De ljedder, jout him as er âld is rekkenskip fan wat der yn de oarloch op de pleats foarfallen is, en fan it skuldgefoel dêr't er altyd mei omrûn hat. Stikje by bytsje wurdt it ferhaal fan Job útraffele, mar der bliuwe riedsels. Dêrtuskentroch spylje Jacob syn oantinkens oan syn jongesjierren op de pleats en syn yntrede yn de wrâld fan de folwoeksenen. It boek is opset as in fernimstige literêre konstruksje dy't foarm jout oan it lêste earbetoan dat Jacob oan Job bringt. De ljedder wie yn 2002 it romandebút fan Tiemersma.
Mei in part fan de tekst wûn er yn 2000 al in Rely Jorritsmapriis. De ljedder waard bekroand mei de Rink van der Veldepriis fan de gemeente Smellingerlân. In oersetting yn it Nederlânsk ferskynde yn 2007, makke troch de auteur sels.
Jabik Veenbaas yn de Ljouwerter Krante 7-6-2002
Sietse de Vries fraachpetear mei de skriuwer, LC 7-6-2002
Tsjerk Veenstra yn it Frysk Deiblêd 11-9-2002
Sjoerd Bottema yn De Moanne/Trotwaer 2002 nr. 1
Elske Schotanus op Kistwurk 2002
Henry Baron yn World Literature Today oktober 2003, The Free Library
Der binne noch gjin reaksjes pleatst.
Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.
Nominaasjes en Stimme 
Ald Begraafplak Spanjertsleane Ljouwert:
Smellingerlân siket Gemeentedichter >>>
Filmwedstriid Moanne Fryske Boek
Lês mear »