
Sosjale media en freonskip:
Ferhalewedstriid foar jong skriuwtalint
Seis skriuwers oer har ynspiraasje
op wykein yn Riis

Lês mear »
Literêre 4-stêdetocht 2012


Lêzingen oer Fryske literatuer
Fjouwer sprekkers hawwe de opdracht oannommen om in tal markante aspekten fan de Fryske literatuer út te wurkjen yn in lêzing en essay. De lêzingen wurde hâlden yn de fjouwer grutste Fryske stêden, se foarmje in literêre 4-stêdetocht, alle kearen yn in bibleteek. Elke lêzing stiet lykwols op himsels, jo hoege as harker de hiele 4-stêdetocht net te folbringen.
It leit yn de bedoeling om alle lêzingen te publisearjen yn it aprilnûmer-2012 fan it literêr tydskrift Ensafh.
De lêzingen binne ornearre foar elk dy't him by de Fryske literatuer betrutsen fielt: skriuwers, lêzers, studinten, dosinten, sjoernalisten, resinsinten, útjouwers, afûkkursisten, learlingen, leden fan Fryske kriten, simmergasten, wintergasten en wa net al.
De sprekkers en har ûnderwerp

17 jannewaris 2012
André Looijenga - Tresoar, Ljouwert
Literatuer yn lytse talen
Skriuwe yn in minderheidstaal - wat betsjut dat?

31 jannewaris 2012
Greet Andringa - Bibleteek, It Hearrenfean
Dien wurk
Besprek fan de fiif romans fan Koos Tiemersma

14 febrewaris 2012
Sigrid Kingma - Bibleteek, Drachten
Fryske berneliteratuer
Untjouwingen en foarútsjoch oan de hân fan de ôfrûne 20 jier

28 febrewaris 2012
Nyk de Vries - Bibleteek, Snits
Raffelich realisme?
Nije streaming fan in jonge generaasje skriuwers
Biografy sprekkers
Achtergrûn en oanlieding
De Fryske literatuer is in nijsgjirrich bedriuw dêr't fan alles oer te sizzen falt. Fansels yn it foarste plak oer de literêre teksten dy't no en yn earder tiid skreaun binne, en dy't ús boeie, ús reitsje en ús libben kleur jouwe. 'Us' sis ik, en dan bedoel ik de mienskip fan minsken dy't wat mei Fryske literatuer ha, fan tafallige belangstellende oant en mei yngreven folgers en dielnimmers. Al dy literêre teksten by elkoar kinne je yn groepen en soarten yndiele, en je kinne sjen watfoar ûntwikkelingen der west ha yn de tiid. En dan is fansels it 'tuskenbeidenplak' fan de Fryske literatuer as literatuer yn in lytse taal ek bysûnder.
Sirkwy is útsoarte it stee dêr't de leafhawwers fan Fryske literatuer telâne kinne. De saaklike ynformaasje yn Sirkwy wurdt hyltyd omfangriker, it oantal boektitels dat derop te finen is rint oer de 200 en ek alle achterlizzende ynformaasje wurdt hyltyd riker. Tresoar hat net de pretinsje dat de site yn koarte tiid folslein wêze sil, salang't der mar in steech en starich trochgroeien is. De seminars passe goed yn it konsept fan Sirkwy. Yn it seizoen 2010/2011 binne yn Tresoar mei grut sukses fjouwer lêzingen hâlden oer de Fryske literatuer fan nei 2000. De rige krige de tapaslike namme Sirkwy Seminar. Begjin 2012 wurdt de rige fuortset mei de boppeneamde fjouwer lêzingen, no moai ferspraat oer Fryslân.
Fierdere ynformaasje
Alle jûnen begjinne om 20:00 oere.
Tagong €5,00 per jûn, ynklusyf kofje.
Bibleteekleden, freonen fan Tresoar en studinten €3,50
De oankundigingsflyer kinne jo hjir dellade as PDF.
Fjouwer wike foar de datum fan eltse lêzing komt it program fan de jûn op dizze webside te stean mei detailynformaasje oer it krekte plak.
De Literêre 4-stêdetocht wurdt organisearre troch Bibliotheekservice Fryslân (Symen Schoustra), Taalburo Popkema (Anne Popkema), Literêr tydskrift Ensafh (Jelma Knol en Piter Boersma) en Tresoar (Teake Oppewal, skriuwer fan dit stikje).
[datum 16 septimber 2011]
Der binne noch gjin reaksjes pleatst.
Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.

