Sykje yn de site: | Wiidweidich sykje
wa | wat | wêr | wannear | ynlogge

De oarloch fan Durk van der Ploeg



Jou dyn eigen oardiel
De oarloch fan Durk van der Ploeg
Durk van der Ploeg
Friese Pers Boekerij, 2011

Liene by Tresoar
Liene by de iepenbiere bibleteek


Durk van der Ploeg skreau tusken 1988 en 1995 fjouwer romans dy’t hysels de Dongeradielesyklus neamde. Dat binne
De jacht (1988), It wrede foarjier (1994), Reis nei de Kalkman (1995) en It lekken oer de spegel (1995). De lÍste trije titels binne bondele yn de omnibus De oarloch fan Durk van der Ploeg. Yn de romans stiet de Twadde Wr‚ldoarloch sintraal. De auteur beskriuwt dÍrmei in stik politike en sosjale skiednis ķt dy perioade. Mar der lizze ek linen mei noch altiten aktuele kwestjes, bygelyks de fraach oft wy mei de Dķtsers de Twadde Wr‚ldoarloch betinke kinne.

It wrede foarjier – In roman oer de lÍste oarlochswinter, doe’t Dķtsers in ynfal diene op de HŻnepleats te Ealsum. DÍr kamen trije minsken by om it libben, alle trije troch ien kŻgel fan Ingelske makkelij. In kŻgel dy’t nea Űfgien is... It boek is in persoanlike rekonstruksje fan skuld en skuldich fielen, in heale ieu nei de oarloch beskreaun troch immen dy’t de dea yn ’e eagen sjocht.

Reis nei de Kalkman – Anna Richter is oarlochswiddo. Har man is yn de lÍste oarlochsdagen troch Feldwebel Wolfgang SchŲde deasketten. Folle letter keapet GŁnther Ewaldsen, de healbroer fan SchŲde, it hŻs njonken Anna as twadde wente. De beide buorlju kinne it goed mei-inoar fine. Ta in relaasje kom it lykwols nea om’t Anna dat sjocht as Żntrou oan har fermoarde man. GŁnther ferskynt letter op in deadebetinking. Nessumers akseptearje dat net en de Dķtser wurdt nei in folksgerjocht it doarp ķtjage.

It lekken oer de spegel – Yn dizze roman beskriuwt de slŻswachter Benjamin Hellinga de oantinkens oan syn ‚ldere broer Simon, dy’t in pear dagen foar de befrijing yn april 1945 yn it ferset om it libben kaam. Doe’t it lichem fan de soan thķsbrocht waard hong de heit in lekken oer de spegel en bediek dÍrmei syn eigen spegelbyld. Dat wie symboalysk foar de djippe spjalt yn de ferh‚ldings tusken heit en soan, dy’t net mear goed te meitsjen wie.


Jou oan wat jo wurdearring is foar dit boek.
Oantal pompebledsjes: 1=min 2=’mwah’ 3=aardich 4=moai 5=klasse!
Jo kinne hjirŻnder ek in reaksje jaan.

Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst.


Reagearje

Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.

Literatuer foar it fuotljocht


KURSUSSEN 2016-2017  >>>

Gerben Abma 1932-2016 >>>


DS beneame advyskommisje
Gysbert Japicxpriis 2017 >>>




Boeken út Tresoar wei op 'e sweef
en reaksjes fan lêzers








Lês mear »

Lêste nijs


Wurdskat


TAGS BY DIT ARTIKEL