Nominaasjes en Stimme 
Ald Begraafplak Spanjertsleane Ljouwert:
Smellingerlân siket Gemeentedichter >>>
Filmwedstriid Moanne Fryske Boek
Lês mear »
Bilker, Jetske
Libben
De skriuwster Jetske Bilker is op 16 april 1960 berne yn Seisbierrum, dêr't har heit doe haad fan 'e kristlike skoalle wie. Yn 1966 waard er learaar oan de ULO yn Dimter, sadat de húshâlding dêrhinne ferfear. Jetske Bilker folge de Pedagogyske Akademy yn Almelo, helle dêrnei it Frysk foech foar de basisskoalle en ferhuze nei Ljouwert om dêr it twaddegraads foech Frysk te heljen. Dêrnei studearre se Algemiene Literatuerwittenskip oan de Ryksuniversiteit fan Grins. Dy stúdzje hat se yn 1992 ôfrûne.
Sûnt dy tiid is se freelancer op it gebiet fan Fryske literatuer en oersetwurk (Ingelsk-Nederlânsk) en kombinearret dat mei lesjaan yn it fuortset ûnderwiis. Hja hat ferskate oersettings yn it Frysk makke nei oarspronklik Hollânske boeken fan H. de Roos. Yn 1996 besoarge Jetske Bilker in bondel mei de moaiste Fryske krystferhalen.
Jetske Bilker hat altyd al graach skriuwe mocht. As bern utere se har yn brieven en ferhalen en hâlde se in deiboek by. Yn Dimter skreau se earst yn it Nederlânsk, mar yn 1977 gie se oer op it Frysk.
It skriuwen waard serieus yn 1986, doe't se nei oanlieding fan in advertinsje in opdracht oanfrege by de Provinsje Fryslân. It konsept dat se ynlevere, joech safolle betrouwen, dat se jild krige foar it skriuwen fan in roman. Sa debutearre se yn 1988 mei Imitaasjelear, in boek oer de problemen fan in famke, dat har losmeitsje wol fan it âldershûs en har eigen plak yn de wrâld siket. Yn de roman wurdt de ûntjouwing fan it inerlik konflikt fan de haadpersoan tige konkreet beskreaun en dochs bliuwt it net stykjen yn refleksje-earm, rjochtút-en-rjochtoan beskriuwen. De skriuwster ferstiet de keunst om in direkte realistyske taal en styl te hantearjen en tagelyk in feralgemienjende ferdjipping te bewurkjen. Imitaasjelear waard yn 1990 bekroand mei de provinsjale ûnderskieding foar debútanten, de Fedde Schurerpriis.
Har twadde boek waard in ferhalebondel. Yn In nacht fan hûs (1997) steane alve koarte ferhalen. Dêryn foelen har fernimstige plots en it effektive gebrûkmeitsjen fan symboalen op. De taal is eigentiids en past by de problemen fan dizze tiid mei syn technology, relaasjeproblemen en konsumptyf gedrach, sa't dy yn de ferhalen beskreaun wurde.
Jetske Bilker wurke foar de Leeuwarder Courant en Frysk & Frij en siet fan 1989 oant 1995 yn de redaksje fan it literêr tydskrift Trotwaer, de lêste jierren as einredakteur. Fan 1994 oant 1997 wie se ien fan de fêste kritisy dy't yn de rubryk `Tusken de rigels' foar Omrop Fryslân literatuer besprieken. Fierder hat se in sit yn advyskommisjes foar literêr wurk en makke se fan 1997 oant 1999 diel út fan de sjuery foar de Rely Jorritsmaprizen. Hja makket sûnt de oprjochting yn 2003 diel út fan de redaksje fan it literêre blêd Farsk, dat op ynternet ferskynt.
Yn 2004 skriuwt Bilker it Fryske boekewikegeskink, Oar plak oare tiid, mei súkses.
Bibliografy
Romans:
1988 : Imitaasjelear
2004 : Oar plak oare tiid (boekewikegeskink)
Ferhalebondel:
1997 : In nacht fan hûs
Ferskaat:
2000 : Koartwei (ferhalebondel, mei oaren)
2001 : Listen fan goaden en bisten (fiif fabels, mei oaren)
2009 : Fan Duveldrek nei Hoarnestreek (mei oaren)
Oersettingen:
1995 : De Kameleon fernimt ûnrie. (út it Hollânsk nei H. de Roos)
1995 : Op reis mei de Kameleon. (út it Hollânsk nei H. de Roos)
1998 : Kameleon yn ’e brâning. (út it Hollânsk nei H. de Roos)
1999 : Goede feart, Kameleon. ((út it Hollânsk nei H. de Roos)
2000 : Folksferhalen: fan Europeeske minderheidsfolken (út it Ingelsk nei Wolfgang Greller)
2004 : De Kameleon stekt fan wâl. (út it Hollânsk nei H. de Roos)
2004 : Andere plaats andere tijd (oersetting fan Oar plak, oare tiid, troch Jantsje Post)
2006 : De skippers fan de Kameleon. (út it Hollânsk nei H. de Roos)
2007 : Harry Potter en de stien fan 'e wizen (út it Ingelsk Harry Potter and the philosopher's stone, J.K. Rowling)
2007 : De Kameleon fynt de skat. (út it Hollânsk nei H. de Roos)
Berneboek:
2010 : Sjouke en Kevin (studio F: taalmetoade Frysk)
Prizen:
1990 : Fedde Schurerpriis foar de roman: Imitaasjelear
Tresoar, 6 augustus 2008
Mear ynformaasje oer it literêre wurk fan Jetske Bilker op de 'Friese literatuursite' fan Jelle van der Meulen.
Der binne noch gjin reaksjes pleatst.
Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.
Nominaasjes en Stimme 
Ald Begraafplak Spanjertsleane Ljouwert:
Smellingerlân siket Gemeentedichter >>>
Filmwedstriid Moanne Fryske Boek
Lês mear »