Sykje yn de site: | Wiidweidich sykje
wa | wat | wêr | wannear | ynlogge

Swarte ingels: Dûbelsinnich



Jou dyn eigen oardiel









De dûbelsinnigens fan Swarte Ingels


Tryntsje van der Steege

Sa’t Tolstoj eartiids al in kear skreau, lykje alle gelokkige gesinnen op elkoar, en is elk ûngelokkich gesin ûngelokkich op syn eigen wize. It gesin yn Swarte Ingels liket yn earste opslach in gewoan ûngelokkich gesin: in muoisume relaasje tusken âlders út ferskillende miljeus, in heit dy’t mear omtinken jout oan syn buorkerij as oan syn gesin, in mem dy’t har dêrtroch hieltyd mear weromlûkt yn harsels, en twa opgroeiende puberbern dy’t har âlden en elkoar hieltyd wer ôfstjitte en oanlûke. It is lykwols de ta in leafdesrelaasje útgroeide bân tusken de bern Hilbrand en Fardou dy’t it gesin ûngelokkich makket op syn eigen wize – en dy’t harsels tagelyk himelheech gelok besoarget. It is dat dûbelsinnige, dat ambigue dat ik nijsgjirrich fyn oan dizze roman.

De dûbelsinnigens sit fansels fuort al yn de titel 'Swarte Ingels'. Mei sa’n titel ûntkomt men net oan (hjir en dêr wat klisjee-mjittige) religieuze symbolyk – dy’t eins wer yn tsjinspraak is mei de ateïstyske hâlding yn it gesin. Lykwols wurde dêrtroch de grinzen tusken goed en ferkeard, himel en hel, ferstân en gefoel ferdizene. De lêzer wurdt útdage it ferhaal fan alle kanten te besjen – en mei wurdt it jin behindere in suver oardiel te foarmjen. De dûbelsinnigens sit ek yn de personaazjes Hilbrand en Fardou: tagelyk soan en dochter, broer en suster, elkoars beminden. Dûbelsinnich binne ek de ferealens, de emoasjes, de geilens. Wylst it broeit, prikelt en sinzget, fiele je it brânen, stekken, en niteljen oan alle kanten.

Hilbrand ûnderfynt en belichemet dy ambiguïteit. Hy is in wat stil, dreamerich jonkje, dat sa yn syn eigen wrâldsje sit dat er net troch hat watfoar oanlûkingskreft hy op de oare sekse hat. Sa gau’t er yn de gaten kriget – net iens gau, frij let eins – dat in famke him wol lije mei, stjit er har ôf troch it mei in oar oan te lizzen, it makket net út wa, faak de earste de bêste willige faam dy’t foar hannen is. De faasje en passy dy’t er dêrby sjen lit, steane yn kontrast mei syn oars wat passive, ôfwachtsjende hâlding. De libbensskôging fan Hilbrand is dan ek wat twaslachtich; it iene momint stiet er machteleas tsjinoer it libben en lit er it him oerkomme, it oare momint jout er him der alhiel en fol oertsjûging yn, wol er opgean yn dat momint en net neitinke oer de gefolgen. It is fatalisme dêr’t er him oan oerjout; it lot – faaks it needlot – is ûnûntwynber. En sa’t Hilbrand him meislepe lit troch it lot, sa sleept hy de lêzer mei yn de achtbaan fan emoasjes en lusten, hinne en wer en op en del slingere fan spanning nei eangst, fan opwining nei ôfkear.

Fardou oerkomt him ek, as in lúm fan it lot. As it oan Hilbrand lein hie, leau ik net dat it oait útkaam wie. Hy lijt leaver yn stilte as dat er it lot sels in triuw jout. Fardou dêrfoaroer hat de situaasje folslein yn ’e macht. Hja nimt it inisjatyf, hja bepaalt wat der bart en wat der dien wurde moat. Fardou betinkt bygelyks it útstapke foar heit en mem dat harren tichter by elkoar bringe moat, mar ek it idee dat sy en Hilbrand mei oaren omgean moatte om har eigen relaasje te beskermjen komt by Fardou wei. Fardou is yntelligent, serieus en rasjoneel, mar tagelyk represintearret se it yrrasjonele mei har (sabeare) magy, en har ûnfoege easken en langstmen en taeigenjen fan Hilbrand. It is lestich jin yn te tinken dat dy twingende en ferliedlike jonge frou mar in famke is fan in jier as 15, 16. Hja wit krekt wat se wol en hat de toutsjes stiif yn hannen (of ûntslûpe se har ek?). Fardou lit it lot en it libben har net oerkomme, mar se stoart harsels en Hilbrand fol oertsjûging de ferneatiging yn – óf de befrijing temjitte. Dat it úteinlik iepen bliuwt, en dat je it as lêzer krekt net hielendal ynfolje kinne, dat fyn ik it moaie fan dit boek.

Yn Swarte Ingels is der gjin goed of ferkeard, gjin oarsaak, gjin skuld. Der is gjin takomst, gjin ûntwikkeling, gjin doel. It is sa as it is, en sa sil it bliuwe, en sa sil it hieltyd wer gean. Yn ’t earst frege ik my ôf wêr’t it ferhaal hinne gean soe, hoe’t it eindigje koe, en hie ik hoop foar beide bern. Op it lêst seach ik yn dat it net oars ôfrinne koe as dat it die – it begjint sels al mei de ein.

‘Mei nei de djipte,’ ropt se, ‘mei, mei!’ ‘Seemearmin, nee!’


21 febrewaris 2011

Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst.


Reagearje

Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.

Literatuer foar it fuotljocht

Nominaasjes en Stimme                                


Ald Begraafplak Spanjertsleane Ljouwert:





Smellingerlân siket Gemeentedichter >>>

Filmwedstriid Moanne Fryske Boek

























Lês mear »

Lêste nijs


Wurdskat


TAGS BY DIT ARTIKEL