Sykje yn de site: | Wiidweidich sykje
wa | wat | wêr | wannear | ynlogge

Tin iis



Jou dyn eigen oardiel
Tin iis
Tiny Mulder
De Tille, 1981
Friese Pers Boekerij, 2005, 5de pr.
Tekst yn de digitale biblioteek

Liene by Tresoar
Liene by de iepenbiere bibleteek

De roman Tin iis is ien fan de meast wurdearre boeken út de Fryske literatuer, sa die yn 2006 bliken út in lêzersûndersyk fan de Ljouwerter Krante. It ferhaal fan it famke Klaske Jagersma dat waarnimt hoe’t har âlder suske Dineke yn it ferset sit en dy’t dêr sels ek starichwei yn behelle wurdt, en de wederwaardichheden fan de famylje Jagersma mei ûnderdûkers yn oarlochstiid binne meinimmend delset. De skriuwster hat der in protte fan hat eigen wjerfarren en fan har âlden yn ferwurke. It ferhaal is situearre yn in plak dat op it eardere Drachten liket. Dat plak wurdt net mei namme neamd, omdat de stêd fan no te grut is foar it lytse plak dat de skriuwster foar eagen stie.
Yn har biografy Foar alles is in tiid seit se dat se it boek skreau út lilkens dat de rol fan de frou yn de oarloch neitiid ûnderbeljochte bleaun is, en dêr woe se wat yn feroarje.
Fan it boek ferskynde in oersetting yn it Hollânsk makke troch de skriuwster sels.



Jou oan wat jo wurdearring is foar dit boek.
Oantal pompebledsjes: 1=min 2=’mwah’ 3=aardich 4=moai 5=klasse!
Jo kinne hjirûnder ek in reaksje jaan.

Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst.


Reagearje

Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.

Literatuer foar it fuotljocht




Boeken út Tresoar wei op 'e sweef
en reaksjes fan lêzers


Al twatûzen boeken loslitten >>>














Lês mear »

Lêste nijs


Wurdskat


TAGS BY DIT ARTIKEL