Sosjale media en freonskip:
Ferhalewedstriid foar jong skriuwtalint
Seis skriuwers oer har ynspiraasje
op wykein yn Riis

Lês mear »
Nijsbrief nr.2 - 2010 De Moanne fan it Fryske Boek
De Moanne fan it Fryske Boek
De aktiviteiten foar De Moanne fan it Fryske Boek krije hieltyd mear foarm en ynhâld. Der wurde yn septimber mar leafst 50 literêre, kulturele, sportive, kulinêre en opmerklike aktiviteiten organisearre. Te folle om allegear yn in nijsbrief op te neamen. Wa’t goed op ’e hichte bliuwe wol fan alles om De Moanne fan it Fryske Boek hinne moat geregeldwei efkes sjen op http://www.moannefanitfryskeboek.nl/
In oantal aktiviteiten wurdt hjirûnder foar de lêzers fan dizze nijsbrief foar it fuotljocht helle.
In twicht is in twittergedicht
Ta gelegenheid fan De Moanne fan it Fryske Boek wurdt in bysûndere gedichtewedstriid útskreaun. Elkenien dy’t foar 30 septimber 24.00 oere in twicht (in twittergedicht) publisearret op syn of har eigen Twitteraccount docht mei foar de sulveren Twicht, dy’t op 2 oktober yn Drachten útrikt wurdt. De ynhâld, foarm en taalkar binne frij. Op Twitter kin yn in berjocht maksimaal 140 tekens brûkt wurde, sadat de lingte fan in twicht yn prinsipe beheind is, mar in twicht mei wol yn mear tweets publisearre wurde (as it mar dúdlik is dat se byelkoar hearre!).
Troch in twicht werkenber te meitsjen mei it sykwurd #twicht (mei in hekje!) kin Tresoar de twichten fine en op de webside fan de Moanne fan it Fryske Boek werjaan. Hjir binne ek de spulregels fan de wedstriid te finen.
De wedstriid wurdt organisearre troch Tresoar en troch de Stichting It Fryske Boek. De sjuery bestiet út Jellie Tiemersma (direkteur Bibliotheekservice Fryslân), Asing Walthaus (redakteur Leeuwarder Courant) en Sjoerd Ybema (produsint Omrop Fryslân).
3-9 Boekefeest
Op 3 septimber is der in grut lêzers- en skriuwersfeest yn Tresoar. It programma:
20.30 oere: Seal iepen
21.00: Start programma
- Optreden Elske DeWall
- Literêre útdaging, troch Bert Looper, direkteur Tresoar
- Optreden dichter Nyk de Vries
- Byldkeunst nei oanlieding fan it wurk fan G. K. van het Reve,
mei moadeshow fan Teigetje en Woelrat
- Presintaasje kadoboek Los sân fan Greet Andringa
- Optreden Elske DeWall
Nei ôfrin dûnsje mei DJ Robert
De tagong ta it feest is fergees.
It is wol nedich om jo yn it foar op te jaan!
Opjefte fia: ynfo@tresoar.nl of 058-7890789
3-9 Literêre pypshow
Stel jo foar: in tsjustere romte, in lyts read lampke, in loaie stoel en yn it healtsjuster draacht in dichter in gedicht foar. Wa is de dichter? Faaks kinne jo de stim thúsbringe of it gedicht. De literêre pypshow is in ûnderdiel fan it Boekefeest.
3-9 Boek op 'e sweef (Bookcrossing)
Bookcrossing is in inisjatyf fan entûsjaste lêzers yn de hiele wrâld. Sy litte yn iepenbiere romten in boek efter; in oar kin it meinimme en lêze. By it Boekefeest is der ek gelegenheid in boek efter te litten en in (of mear) oaren wer mei te nimmen. Dus nim in boek (of boeken) mei dêr’t jo fan tinke dat it foar in oar de muoite fan it lêzen wurdich is. It hoege net perfoarst Fryske boeken te wêzen.
7-9 Aksjeboek foar bern
De bern wurde fansels net fergetten yn De Moanne fan it Fryske Boek. Lykas oare jierren komt der foar harren in aksjeboek. De oanbieding fan it earste eksimplaar fan it Tomke Ferkearsboek is op 7 septimber by pjutteboartersplak De Oesterkes yn Stiens.
Literêre programs yn biblioteken
Yn De Moanne fan it Fryske Boek wurde op ferskate plakken yn biblioteken yn Fryslân literêre programs organisearre. Nijsgjirrige jûnen mei skriuwers, dichters en muzyk. Sjoch op http://www.moannefanitfryskeboek.nl/ om út te finen oft yn jo wenplak ek in literêre jûn is.
7-9 Le Tour du monde en 80 jours fan Jules Verne yn it Frysk oerset.
It Jules Verne Genootschap sil op 7 septimber, om 20.00 oere, by Tresoar de Fryske oersetting fan Le Tour du monde en 80 jours presintearje.
It boek is in klassiker yn de wrâldliteratuer en it meast bekende wurk fan Verne. Verne is ien fan de meast oersette skriuwers yn de wrâld. Syn boeken en ferhalen ferskynden yn wol hast 100 talen, mar it Frysk wie der noch net by. Troch de ynspannings fan it Jules Verne Genootschap feroaret dat no.
It earste eksimplaar fan In wrâldreis yn 80 dagen wurdt oanbean oan skriuwer en seesiler Eerde Beulakker. De jûn bestiet dêrnjonken út koarte bydragen oer libben en wurk fan Jules Verne en in diskusje oer de wearde fan it oersetten fan klassike wurken yn it Frysk.
Elk is wolkom!
Hea!
Yn De Moanne fan it Fryske Boek sil it tv-program ‘Hea!’ fan Omrop Fryslân geregeldwei omtinken hawwe foar lêzen, boeken en lêzers. Kenne jo immen dy’t oars neat docht as lêze? Of immen dy’t boeken op in kreative manier brûkt, bygelyks om stuollen, lampen of oars wat fan te meitsjen? Of immen dy’t it hûs fol mei boeken hat? Jou dan in tip oan it programma ‘Hea!’ ( hea@omropfryslan.nl)
9-9 De skiednis fan it Sprutsen Frysk Boek
Presintaasje fan de skiednis fan it Sprutsen Frysk boek troch Ad van der Waals yn Tresoar. Oanfang 14.30 oere
11-9 Boekemerk yn Frjentsjer
Boekemerk yn Frjentsjer op de Bredepleats. Literêr optreden op it poadium fan de Bredepleats fan Jelle Bangma en it muzikale duo Mucifer.
Fan 13.30 oant 14.30 oere is de Fertelbus op ’e boekemerk en tusken 13.30 en 15.30 oere kinne bern mei Tomke op ’e foto.
11-9 Kuiertocht troch de omkriten fan Haulerwyk mei in tûfke literêre rjemme
Startplak: Iisbaan/skeelerbaan, Snikke 8, 8433 HE Haulerwyk
Organisaasje: Iisklup Nooitgedagt, T 06-16507498, T 06-50625227, sipke.visser@hetnet.nl
Starttiid: 15 km (9.00-10.00 oere), 20 km (8.00-10.00 oere), 30 km (8.00-9.00 oere)
Ynskriuwjild: € 5,00
11-9 Literêre Skatsikerij ûnder de titel ‘Fûstkje mei Greet’
Greet Andringa is de skriuwster fan it kadoboek Los sân. Hy of sy dy’t op sneontemoarn 11 septimber de oanwizings yn it programma Op en út fan Omrop Fryslân goed opfolget kin in ferrassend Frysk kultuerpakket winne mei in wearde fan € 500,--. Net stinne, harkje, der hinne en winne… Tusken 9.00 en 12.00 oere.
11-9 Literêre preamfeart
Op sneon 11-9 iepenet Tresoar it nije kursusseizoen. Dan jout Jetske Bilker fan 10.30 oant 13.00 oere de workshop ‘Mei de sintugen iepen it wetter op’: ynspiraasje foar skriuwen opdwaan by it farren op in pream!
De workshop begjint om 10.30 oere yn Tresoar. Dêr fertelt Jetske Bilker oer de ynspiraasje dy’t it skriuwen op lokaasje opleverje kin. Elkenien dy’t oer earen, eagen en/of noas beskikt kin meidwaan, want de klam sil lizze op de waarnimmings fan wat der om ús hinne bart.
Ferjit net jo favoryt skriuwark mei te nimmen!
Dielname stiet frij foar elkenien. Meidoggers fan Jetske Bilker har kursus ‘Skriuwtraining foar begjinners’ kinne yn de preamworkshop alfêst ynspiraasje opdwaan foar de kursus, dy’t begjint op tiisdei 14 septimber.
Meidwaan oan de preamworkshop kostet € 15,–. Opjaan uterlik woansdei 8 septimber 2010 op ynfo@tresoar.nl , of belje mei Petra Bierma, tel. 058 – 7890789.
De boat is fol by 19 opjeften. As it striemin waar is, feroaret de preamtocht yn in ekskurzje troch de depots en katakomben fan it Tresoar-gebou. Sjoch foar mear ynformaasje www.tresoar.nl
11-9 Oanbieding portret Anne Feddema en presintaasje fan syn nije bondel
It is in moaie tradysje dat fan de winner fan de Gysbert Japicxpriis in portret makke wurdt dat in plak krijt yn de Gysbert Japicxseal yn Tresoar. Yn 2009 krige Anne Feddema de prestizjeuze priis foar syn poëzijbondel Reidhintsje op ’e Styx. Anne Feddema is dichter, mar ek skilder. It lei yn ’e reden, dat Feddema frege waard om in selsportret te meitsjen.
Op sneon 11 septimber sil it selsportret fan Anne Feddema ûntbleate wurde. Tagelyk presintearret útjouwerij Bornmeer de nije poëzijbondel fan Anne Feddema, Torpedo’s los.
15.30 ynrin mei kofje en tee, 16.00 start programma.
12-9 Dichters op iepen Monumintedei- snein
Sneintemiddei trede sân dichters op yn trije monuminten. Belangstellenden kinne de trije poadia delgean en alle optredens bywenje. It is ek mooglik om in part te folgjen. De tagong is fergees. Fan in oantal dichters is koartby nij wurk ferskynd. Leafhawwers kinne in hantekene eksimplaar fan de nije bondel keapje. De dichters sille by har optreden as it mooglik is oanslute by it tema fan Iepen Monumintedei of by Ljouwert/Liwwadden/Leeuwarden yn it algemien.
Optredens fn Willem Abma, Elske Kampen, Edwin de Groot en Anne Feddema.
Optredens Fan Edwin de Groot, Anne Feddema, Willem Abma, Elske Kampen, de ynhâld is oars as om 14 oere.
Optredens fan Arjan Hut, Piter Boersma en Grytsje Schaaf.
12-9 Twa kuiertochten: Súdwest-Fryslân en Feanwâlden
Wijnstra: www.mindertwijnstra.nl.
14-9 Oanbieding boek en iepening útstalling Brolsma
Presintaasje fan it Skriuwersprinteboek oer Reinder Brolsma bij Tresoar. Abe de Vries, útjouwer en Doeke Sijens, redakteur/skriuwer, hâlde in koarte taspraak. Ulke Brolsma lêst in ferhaal foar oer syn pake en iepenet de útstalling oer Reinder Brolsma. Gerrit Breteler, oantroude famylje fan de Brolsma’s, sil sjonge.
Tiid: 20.00 oere.
Nijsbrief
De meiwurkers fan IFB en Tresoar wolle jo graach op ’e hichte hâlde fan de aktiviteiten yn De Moanne fan it Fryske Boek; dêrom dizze nijsbrief. Jo kinne jo opjaan en ôfmelde foar de nijsbrief troch it stjoeren fan in e-mail nei ynfo@tresoar.nl
Der binne noch gjin reaksjes pleatst.
Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.
