Sykje yn de site: | Wiidweidich sykje
wa | wat | wêr | wannear | ynlogge

Potstro Fongers



Jou dyn eigen oardiel
Potstro Fongers
Sietse de Vries

Friese Pers Boekerij, 2009


Liene by Tresoar
Liene by deiepenbiere bibleteek


Trije manlju fan middelbere leeftyd besykje wat fan it libben te meitsjen. Snackbarhâlder Cor Fongers dreamt fan in bistro mei allinne Fryske gerjochten, en dan foaral potstro.
Aptekersassistent en keapman Marten Bok siket om in belizzing foar syn swart jild. Resjersjeur Arjen Witteveen – sûnt syn skieding wer by syn mem yn 'e hûs – begjint op terapeutyske basis oan it ûndersyk nei de moard op dyselde Marten Bok.

Oaren oer dizze titel
Jetske Bilker yn de Ljouwerter Krante
Henry Baron yn World Literature Today,1 mrt 2010, op The Free Library


Jou oan wat jo wurdearring is foar dit boek.
Oantal pompebledsjes: 1=min  2=’mwah’  3=aardich  4=moai  5=klasse!
Jo kinne hjirûnder ek in reaksje jaan.


Reaksjes

Bernard Wiersma skreau op 26-07-2010 09:35:Reagearje

Potstro Fongers is in knap opset misdiedferhaal mei trije haadpersonaazjes en in wichtige byrol foar in fjirden-ien. Cor Fongers: snackbarhâlder dy’t wol ris wat mear wol as allinne kroketten yn ’e frituer mikke. Marten Bok: aptekersassistint yn it Medysk Sintrum Fryslân (MSF). Syn tsjinspiler: Siger Kalsbeek, direkteur fan it MSF en yn syn jongesjierren doarpsgenoat fan Bok. En Arjen Witteveen, resjersjeur, krekt by de frou wei, húsmanjend by syn mem, op terapeutyske basis wer oan it wurk.
Yn it boek wurde om en om konsekwint trije ferhaallinen ferteld, fan Fongers, fan Bok en fan Witteveen. Ut de lêste ferhaalline wit de lêzer al yn it earste haadstik dat Bok fermoarde is. De ferhalen oer Fongers en Bok rinne út op ’e dei fan de moard, dat fan Witteveen begjint dêr. De fraach wa’t it dien hat wurdt oan de ein ta iepenhâlden: Fongers, Kalsbeek of noch ien oars? De wederwaardichheden dy’t ferteld wurde oer Fongers en Bok litte op meinimmende wize sjen hoe’t it sa fier komd is, en dat wurdt oanfolle mei achtergrûnynformaasje dy’t Witteveen boppe wetter hellet yn syn ûndersyk. Ien kear hie ik by it lêzen it gefoel dat de ferhaallinen wat lestiger yn elkoar pasten: as it ferhaal fan Bok dat fan Fongers ‘ynhellet’. Gelokkich hat de skriuwer elk fragmint in datum meijûn, sadat de gearhing yn de tiidsfolchoarder nei te kommen is.

De fjouwer manlju yn it boek fertsjintwurdigje alle fjouwer ferskillende types minsken. Fongers is fan ienfâldich komôf. Hy is wat nayf en twifelet oan syn mooglikheden en kapasiteiten. Dat jildt ek foar Bok, mar dy is in stumer, dy’t him miskend fielt en rankune hat oer syn nederlagen en dy fan syn heit. Dat hie er allinne mar opkroppe, as er net de gelegenheid krigen hie om op in maklike manier jild te meitsjen, wat him yn krimineel farwetter bringt. Sa kin er krekt sa’n djoere auto en sokke djoere skuon keapje as syn direkteur Siger Kalsbeek. Dat is de selsfersekere winner dy’t op de weagen fan de skaalfergrutting hyltyd mear fertsjinnet. Witteveen is in wat sombere man, dy’t him steande hâlde moat tsjinoer syn mem, syn eks, syn baas en syn ambisjeuze jongere kollegas.

It aardige fan boeken dy’t yn Fryslân spylje is de relatyf grutte werkenberens. Dat kin ferkeard útpakke, as jin in moassige ynkrowdrook út sa’n boek yn ’e mjitte slacht, mar dat is yn Potstro Fongers net it gefal. It MSF, kemping ‘De Wetterwylch’ by Bartlehiem, spesjaliteiterestaurant ‘De Dichter’ yn Ljouwert en syn baas André Brinksma, it binne allegear saken en persoanen dy’t ek yn werklikheid besteane, ûnder in oare namme. Ek it gegeven dat je elkoar fan je jeugd yn it doarp kenne, mar dêrnei ferskillende kanten útgien binne, en hoe’t je dan letter mei elkoar omgeane, is werkenber.
De aktuele situaasje fan it Frysk komt yn it boek as subtema ek oan de oarder. Cor Fongers en Arjen Witteveen ‘hawwe wat mei it Frysk’. Fongers op sljochtwei wize: hy hat de wâldsang as ringtoan op syn mobyl en wol mei Potstro in Frysk kulinêr produkt ferkeapje. Want sis no sels, wêrom wol pizza of nasy, mar gjin potstro? Witteveen hat wolris in boek fan Rink van der Velde lêzen en ferbetteret syn bern as se ‘it tocht’ sizze yn plak fan ‘it siicht’. Mar ‘de striid tsjin it omdraaien fan de tiidwurden hie er al lang opjûn’. Dat ferriedt it 50+-perspektyf fan de skriuwer. Troch al dy saken is dit misdiedferhaal net in willekeurich misdiedferhaal dat tafallich yn it Frysk skreaun is, mar in wier Frysk misdiedferhaal.

In oanrieder, ek prima as fakânsjelektuer, moai boek: 4 stjerren.


Reagearje

Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.

Literatuer foar it fuotljocht

Lêzing Sigrid Kingma:


Sosjale media en freonskip:
Ferhalewedstriid foar jong skriuwtalint



Seis skriuwers oer har ynspiraasje

op wykein yn Riis










Lês mear »

Lêste nijs


Wurdskat


TAGS BY DIT ARTIKEL