Sosjale media en freonskip:
Ferhalewedstriid foar jong skriuwtalint
Seis skriuwers oer har ynspiraasje
op wykein yn Riis

Lês mear »
Oer 'It Feest': film-boek-iepenloftspul
It feest / Festen
Iepenloftspul Jorwert spilet dit jier it stik It feest (Festen), in toanielbewurking fan de Deenske film mei deselde titel út 1998. Trinus Riemersma makke yn 2005 ek in Fryske toanielbewurking fan it filmskript, dat as boekje útjûn waard by útjouwerij Venus.
Riemersma stelt yn it foaropwurd dat it ûnmooglik is om fan de film in toanielstik te meitsjen. By in iepenloftspul soe it mei in pear yngrepen wol kinne. Syn oplossing om de sênes dy’t yn de film op allerhanne ferskillende lokaasjes spylje yn ien romte sichtber te meitsjen, is dat er in moai oantal op in grut skerm projektearret. Dat jout de mooglikheid om op toaniel fluch te wikseljen fan lokaasje. De produsinten fan it Jorwerter iepenloftspul hawwe Riemersma syn oplossing net oernommen en in eigen bewurking makke fan it filmskript.
Dat skuort net út dat der no in Frysk tekstboekje leit dat by de opfiering past, al is de tekstbewurking oars. Minsken dy’t nei ôfrin nochris neilêze wolle hoe’t it stik gie, kinne te riede gean by de tekst fan Riemersma. Wa’t de film al sjoen hat sjocht it iepenloftstik fansels mei oare eagen. Dy soe ek foarôf de tekstbewurking fan Riemersma lêze kinne. En dan mar harsenskraabje oer de fraach: Wat is better – de film? it boek? it stik?
It feest
troch Thomas Winterberg & Mogens Rukov
teaterbewurking fan Tr. Riemersma
útjouwerij Venus, Frjentsjer 2005
€ 9,50, isbn 90 5998 021 2
Te keap by de bettere boekhannel.
Der binne noch gjin reaksjes pleatst.
Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.
