Sykje yn de site: | Wiidweidich sykje
wa | wat | wêr | wannear | ynlogge

De Frouwepenje



Jou dyn eigen oardiel

De Frouwepenje
Harke Bremer en Jarich Hoekstra
Bornmeer, 2009

Liene by Tresoar
Liene by de iepenbiere bibleteek


Yn 1323 wurdt yn Auwerk in ting fan ´e Opstalsbeam hoden, de grutte gearkomste fan alle rjuchters en prelaten út ´e Fryske lannen. It sil gean oer de fernijing fan it bûn. Broer Nanne fan kleaster Blomkamp is dêr ek by as riedsman fan syn abbet. De earste dei fan it ting wurdt de soan fan syn âlde freon Tsjaard Haaiena fermoarde. Tusken de tosken sit him in sulverstik klamme, in penje mei in ôfbylding fan Us Leaffrouwe. De oare deis wurdt in twadde deade fûn, de bêste freon fan de fermoarde jongfeint. Sit de greve fan Hollân dêr efter? Wol dy it ienheidsstribjen fan de Friezen fertribelje en troch moard de partijen opinoar oanhysje? Mar der blykt noch in tredde deade te wêzen. Stadichoan komt Broer Nanne der efter dat alles oars yninoar stiket as dat it liket…

Oaren oer dizze titel
Jetske Bilker yn de Ljouwerter Krante (earste part) en (twadde part)

Jou oan wat jo wurdearring is foar dit boek.
Oantal pompebledsjes: 1=min  2=’mwah’  3=aardich  4=moai  5=klasse!
Jo kinne hjirûnder ek in reaksje jaan.


Reaksjes

Geart Tigchelaar skreau op 04-07-2010 09:49:Reagearje

Lês ek it besprek yn Skanoskrift (nr. 4 2009, s. 18-19):
http://www.skanomodu.nl/bestannen/skanoskrift/0809_skanoskrift4.pdf

Willem Bakker skreau op 17-05-2010 23:16:Reagearje

Jetske Bilker yn de LC fan 24-12-2009:

Kompakte misdiedroman yn moaie taal, dy't spilet yn de Midsieuwen.
* * * o o

Teake Oppewal skreau op 17-05-2010 23:08:Reagearje

Fernimstich detektiveferhaal yn markante taal

Wa hat it dien en wêrom?
De moarden op it ting fan de Upstalbeam freegje om in oplossing. Broer Nanne raffelet yn petearen mei allerhanne minsken dy’t mear fa nde saak lykje te witten, de triedsjes fan it hoe-en-het út inoar. Dat slagget him knap sûnder dat je as lêzer mei it gefoel sitte dat by de oplossing alles fan tafallichheden oan elkoar hong. Mar fansels is dêr wol it stuit fan in samar-ynienen klear ynsjoch by it haadpersonaazje: ‘No skrille er op. De frouwepenje! Hy gie oerein sitten op ’e râne fan it bêd. De holle mealde him. At dit wier wie, dan wie it grouwélich! Mar der wie gjin mis op, sa moast it west ha. De hiele skriklike werklikheid efter de moarden stie him no gril foar de geast.’ (s. 120).

Meinimmend
It plot fan dit boek stekt fernimstich yn elkoar en it is tige ûnderhâldend skreaun. It ropt gjin emoasjes op: je lêze it mei in sekere ôfstanlikens. It is net al te omfangryk (126 siden) en is dêrmei in moai boek om yn ien wykein út te lêzen. Dat yn-ien-sike útlêzen is needsaak: as je it lêzen faker ûnderbrekke ha je alle kearen klauwen om de trie wer op te pakken, en dat docht it lêsgeniet ûnderstek.
In aparte sjarme fan it boek foarmet it bysûnder rike taaleigen dat de auteurs bezigje. Dat wie al bekend fan har eardere fermaaklik boek Hâld faasje! út 1995 en fan de oersettingen fan de Bommelstrips.
De besprekken fan Jetske Bilker yn de Ljouwerter Krante en fan Sjoerd Bottema yn de Moanne 2009-4 jouwe mear útwurke in fergelykber byld fan it boek. Sietse de Vries hie in fraachpetear (part 1 en part 2) mei Jarich Hoekstra.

* * * * o

Teake Oppewal


Reagearje

Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.

Literatuer foar it fuotljocht

Lêzing Sigrid Kingma:


Sosjale media en freonskip:
Ferhalewedstriid foar jong skriuwtalint



Seis skriuwers oer har ynspiraasje

op wykein yn Riis










Lês mear »

Lêste nijs


Wurdskat


TAGS BY DIT ARTIKEL