Sykje yn de site: | Wiidweidich sykje
wa | wat | wêr | wannear | ynlogge

Marta, it is té... Jetske Bilker oer Frijende kikkerts



Jou dyn eigen oardiel

‘Martha, it is té...’

troch Jetske Bilker

Ik bin fan ’e wike troch Frijende kikkerts hinne flein! En dat hast fiifentweintich jier nei’t it útkommen wie. Datearre? Nee, hielendal net.

Yn 1986 moat ik it ek lêzen ha; ik wist de haadsaken noch. De frou Martha dy’t tydlik yn in ynrjochting siet, it byld fan de frijende kikkerts dat se oan it boetsearjen wie en de man, har man, dy’t it ynleveret ûnder syn namme en der in priis mei wint. Skrinend, dat herinnere ik my. Mar wat ik fergetten wie, wie de toan fan it boek. 

Miskien fûn ik, doe ergens yn ’e tweintich, dy toan en har styl gewoan grappich. Of tocht ik dat dy Martha in nuverenien wie en dat se har sels sokke dingen wol op ’e hals helle hie. Mar no’t ik de leeftyd nader wêrop Goïnga Frijende Kikkerts skreau – se hat it yn 1986 publisearre, dus ik nim oan dat se it yn it jier derfoar skreaun hat – sjoch ik dat se mei har koarte, komyske styl swiere saken oanroere kin, dy’t – as se gewoan opskreaun waarden – knap larmoyant, mar foaral ûngeloofwaardich wêze soenen.

Har styl is ek no, 25 jier letter, noch flot, goed en komysk. It ferhaal stiet noch altyd oerein as in hûs, al soe ik sels de ein – as de echtgenoat liket te dementearjen – derút helje.

Doe hie ik wat muoite mei de manier wêrop’t Goïnga har heldin Martha delset. Se komt ûnnoazel oer en ik sil it dreech fûn hawwe om har serieus te nimmen.  

‘Wêr’t ik mei ûntroering oan tinke kin,’ fertelt se oan de psycholooch neidat se opnommen is omdat har man har geastlik mishannele mei it praten oer syn bûtenechtlike relaasjes, ‘as er syn holle yn myn skoat lei en treast by my socht. Dat wie altyd neidat der wer in relaasje ôfrûn wie, hoe moat ik it neame? In hiele swiere kop hied er dan. Wer krekt net fûn wat er socht. Foar my wienen dat lokkige mominten. En dat barde nochal ris. Dat der hawwe in hiele protte lokkige mominten west. Kinst dy dat foarstelle?’

Wie Martha wier sa nayf? It docht my tinken oan it boek De smearlappen fan Anne Wadman, ienris echtgenoat fan Hylkje Goïnga. Yn dat boek spilet deselde fraach: is haadpersoan Eelkje werklik sa ûnnoazel of docht se har sa foar omdat it har better útkomt?

Dat naïve, dêr sjoch ik no wat oars tsjinoan. In skriuwer set syn haadpersoanen faak wat dommer del as er sels is. Just omdat men harren gedrach útlizze en stjoere wol. Miskien ek  omdat je as skriuwer de tinkwrâld fan personaazjes brûke om ien of oar tema of in konklúzje ûnder de oandacht te bringen. De skriuwer stiet der altyd boppe. (Sa wurdt it in hiele toer om jins haadpersoanen jins eigen yntelliginsjenivo mei te jaan. Hielendal  ûnmooglik wurdt it om se noch tûker te meitsjen as jinsels  (koe dat mar...))

No by de twadde lêzing safolle jier letter sjoch ik hoe’t Goïnga skreau en dat it in bewuste kar west hat om Martha op dizze manier del te setten. Har kar om Martha nayf foar it ljocht komme te litten, jout har de mooglikheid om saken oan te roeren dy’t oars noait sein wurde koenen, sûnder dat it in pamflet waard. Krityk op manlju, krityk op it establishment dat manlju opboud hawwe. Op dizze manier kin der in soad dingen sein wurde, it is ommers dochs mar de spontane, naïve Martha dy’t it seit.  

Tagelyk brûkt Goïnga faak it groteske. Se oerdriuwt nochal. Har lossteande ferhalen oer deselde Martha ‘kinne’ faak net, mar hjir jildt itselde: just omdat se sa oerdriuwt kin se de saken ûnder de oandacht fan de lêzer bringe. It gefaar hjirby is dat de lêzer sa’n ferhaal ôfdocht as ‘fantasij’. Wa’t der belang by hat de ferhalen as fantasij ôf te dwaan, kin dat dwaan. Mar bart soks ek net mei foar wier fertelde ferhalen?

Dat oerdriuwen wurdt sels tematisearre yn ‘Frijende kikkerts’: as har man – wylst se in wykein nei hûs mei – Martha yn geuren en kleuren oer syn minnares fertelt en Martha dat dêrnei oan har terapeuten rapporteart, leauwe dy har net. ‘Martha, it is té!’ sizze se. Goïnga liket dêrmei de lêzers – dy’t yntusken ek alris tocht hawwe: it is té mâl – in slach foar te wêzen. It is de trúk dy’t skriuwers brûke as se harren personaazje sizze litte: ‘It liket wol in boek, mar it is dochs echt!’

It bliuwt de fraach oft Martha echt sa ûnnoazel is as se har foardocht, mar Goïnga makket knap gebrûk fan har mooglikheden as skriuwster om bepaalde saken ûnder de oandacht te bringen.

16 maart 2010


Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst.


Reagearje

Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.

Literatuer foar it fuotljocht

Lêzing Sigrid Kingma:


Sosjale media en freonskip:
Ferhalewedstriid foar jong skriuwtalint



Seis skriuwers oer har ynspiraasje

op wykein yn Riis










Lês mear »

Lêste nijs


Wurdskat


TAGS BY DIT ARTIKEL