Sosjale media en freonskip:
Ferhalewedstriid foar jong skriuwtalint
Seis skriuwers oer har ynspiraasje
op wykein yn Riis

Lês mear »
Wind, Harmen
Harmen Wind is berne op 24 desimber 1945 te Ljouwert, hy groeide op yn Aldeboarn. Yn Drachten folge er de ûnderwizersoplieding oan ’e kweekskoalle en dêrnei hat er yn Amsterdam Nederlânsk studearre. Fan 1972 oant 1976 wie Wind learaar Nederlânsk op it Nassau Kolleezje op It Hearrenfean, dêrnei oan it Groen van Prinsterer College yn Doetinchem. Letter waard er beneamd as lid fan de direksje fan de learare-oplieding fan de Iselinge-Hogeschool yn dat plak. Hy wenne lang yn Doesburch.
Dichter
Yn de tiid doe’t er yn Amsterdam studearre begûn er mei it skriuwen fan gedichten yn it Hollânsk, guon dêrfan stjoerde er op nei it literêr tydskrift Spektator en ta syn fernuvering waarden se fuort pleatst. Mei skriuwen yn it Frysk begûn er nei’t er gedichten fan in jong ferstoarne omke lêzen hie. Yn in fraachpetear mei Sietse de Vries (Leeuwarder Courant 25-09-1998) sei er dat er him dêrnei suver ferplichte fielde om yn de tradysje fan syn omke te stappen en ek Frysk te skriuwen.Sûnt dy tiid skriuwt Harmen Wind yn beide talen Hy debutearre yn it Frysk yn1985 mei de bondel Ut ein, dêrnei kaam der fan him likernôch om de twa jier in Fryske en om de trije jier in Hollânsktalige bondel út. Hy is ien fan de meast produktive Fryske dichters, mar seit dat er nea foar ien taal kieze sil. Hy ferklearret syn driuw om te skriuwen út in ferlet om net spoarleas te bliuwen, hy wol merktekens efterlitte. Yn dy tekens is er dwaande om foar himsels in wei te finen nei it antwurd op de fraach nei de sin fan it libben, in antwurd dat alle minsken sykje mar dat hy it bêste op skrift ûnder wurden bringe kin. Poëzy jout him in kâns om as minske út te finen wêr’t er stiet, wat er fynt en hoe’t er tinkt. Yn syn fersen siket er antwurd op syn fragen nei flechtigens en fiksaasje, ivichheid en fergonklikheid. Takomstdreamen, de grutte leafde, it dichterskip, it leauwen, syn heit en it ferstjerren fan syn heit en mem binne ûnderwerpen dy’t yn de fersen fan Wind gauris weromkomme
Skriuwer
Hy debutearre as proazaskriuwer yn 1998 mei de histoaryske roman De izers fan ’e frijheid oer de Fryske frijheidsstrider Jancko Douwama, dy’t libbe fan 1482 oant 1533. Ien fan de boarnen dy’t er brûkt hat by it skriuwen fan de roman binne de mear as 700 siden oan deiboeken en memoires, dy’t Douwama sels neilitten hat (yn 1849 troch it Friesch Genootschap ûnder de titel Geschriften útjûn). Hy set Douwama yn it boek del as in held mei minsklike proporsjes, hy wikselet beskriuwingen fan syn dwaan en litten as frijheidsstrider ôf mei brieven dy’t er as finzene oan syn frou skreau.
Yn 2002 ferskynde syn earste Hollânsktalige roman Het verzet, in roman oer it ferset fan in heit tsjin de feroarings yn tsjerke en maatskippij en it ferset fan de soan tsjin de heit. De roman w aard tige goed ûntfongen troch lêzers en kritisy, hy krige der de Debutantenprijs 2003 foar. Yn 2004 kaam in Fryske oersetting/bewurking fan it boek út ûnder de titel It ferset, op 'en nij útjûn yn 2010
Yn 2001 set Harmen Wind de mânske roman Piksjitten op Snyp fan Josse de Haan oer, dy’t troch Meulenhoff útjûn waard ûnder de titel Kikkerjaren.
Yn 2008 ferskynden twa Fryske proazawurken, Lek en brek. fjirtich fabels en Om it libben. Foar it lêste, sjoch hjir .
Wurk: (Frysktalich)
Dichtwurk:
1985 : Ut ein
1989 : In wjirm mei in izeren rêchbonke
1992 : Boppe wetter
1995 : Op alle dagen
1996 : Plak
1998 : Wei
2000 : Op sân
2002 : By heech en by leech
2005 : Ierdewurk
2005 : Ta swijen - in hymne = Tot zwijgen - een hymne
2010 : Heechtiid
Romans (Frysktalich)
1998 : De izers fan 'e frijheid
2004 : It ferset (oersetting fan Het verzet 2002; 2e pr. 2010)
2008 : Lek en brek : fjirtich fabels
2008 : Om it libben
Ferskaat
2003 : In dynamyske diskusje
Oersetting
2001 : Kikkerjaren (oersetting fan Piksjitten op Snyp, Josse de Haan)
Foar in folslein oersjoch fan al Wind syn 36 boekepublikaasjes, kies de boppe oanjûne link nei de katalogus fan Tresoar. Klik dan 'Analyseer set' en kies Boeken.
Prizen :
1987: Fedde Schurerpriis foar Ut ein
2003 : Debutantenprijs foar Het verzet
2006 : Rink van der Veldepriis foar It ferset
© Tresoar, 8 juny 2006 / 4 okt 2010 / 16 nov 2010
Mear ynformaasje oer it literêre wurk fan Harmen Wind op de 'Friese literatuursite' fan Jelle van der Meulen.
Johannes Beers skreau op 01-05-2010 10:59:Reagearje
Goedt voerloeren, wenich voerloeren
het lijff voerloeren, voele voerloeren
dan ere voerloeren, al voerloeren*
Wat makket in goede roman? Wat der ek oer motiven, tiidsgebrûk en komposysje sein wurde kin, foar my is ‘t yn ‘t foarste plak it ferhaal dat in roman makket. Mei it libben fan haadling Jancko Douwama hat Harmen Wind goud yn ‘e hannen.
Der binne yn de hiele skiednis fan Fryslân net in protte minsken te finen, dy’t - sa soe men it sizze kinne - in romannelibben libbe hawwe as dizze Jancko Douwama. Hy makke de komst fan de hartoch fan Saksen, spile in wichtige rol yn de oarloch tusken Saksen en Gellersken en de oernamme fan Fryslân troch keizer Karel V. De loyaliteit fan Douwama hat eins oeral lein en dat hat him in plak yn de skiednis fan Fryslân besoarge as in ûnbetroubere figuer en ferrieder.
Unrjochtlik, tinkt Harmen Wind, nei it lêzen fan de memoires fan Douwama, skreaun yn syn lêste jierren yn in Flaamske finzenis. Eare wie it motyf dat Douwama dreaun hat. De Fryske belangen, de Fryske frijheid hat Douwama heechholden en in hearsker dy’t syn ûnthjit ferbrekt hat ek gjin rjocht mear op de stipe fan in ealman as Douwama. Dit boadskip wurdt de lêzer goed dúdlik makke. Tige goed. Net ien kear, mar kear op kear, wurdt it de lêzer fan ‘e begjin ôf dúdlik makke.
“Ik kin myn eare net los sjen fan myn libben, myn libben net los fan myn liif, en myn liif net los fan myn goed.” (Izers fan ‘e Frijheid, bls. 210)
It ferhaal fan it libben fan Douwama is prachtich en dat driuwt de lêzer oer de bledsiden fierder, mar in man dy’t fan ‘e begjin oan ‘e ein ta rêchbonke sjen lit, makket it dreech jin mei sa’n ien te identifisearjen. Benammen as er al jierren finzen sit, siik en ferjitten is, is it dreech te leauwen dat der net mear omtinken jout oan belies jaan, werom te gean nei frou en bern, mar syn tsjerker ferkiest boppe de frijheid.
Yn de rin fan it ferhaal begûn ik sels wat antypaty te fielen by de haadfiguer. Nayf wachtet er syn rjochtssaak ôf dy’t nea komme sil. Hy hâldt fêst oan midsieuske ideeën en sels as syn frou him smeket belies te jaan en nei hûs te kommen, wegeret er noch.
Wind is der goed yn slagge it byld fan Douwama om te tsjoenen fan ferrieder nei frijheidsstrider, de motiven fan Douwama út te lizzen en de jierrenlange opsluting as in grut ûnrjocht del te setten. Foar de lêzer dy’t de skiednis fan Fryslân kin, is it in tawurkje nei in ein dat al bekend is en dan is 266 bledsiden in bêst ein.
Lokkigernôch foar Harmen Wind, binne der net in soad Friezen dy’t de Fryske skiednis en Douwama kenne, dy hawwe mei de izers fan ‘e frijheid in moaie histoaryske roman.
*Brandenburgh, H. (ed.), Jancko Douwama's geschriften (Leeuwarden, 1830)
Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.
