
Sosjale media en freonskip:
Ferhalewedstriid foar jong skriuwtalint
Seis skriuwers oer har ynspiraasje
op wykein yn Riis

Lês mear »
Wal, Cornelis van der
Cornelis van der Wal is op 28 jannewaris 1956 berne yn Ljouwert. Hy is dêr opgroeid en hat der wenne oant er begjin jierren njoggentich ferhuze nei Grins. No wennet er yn Snits.
Yn 1981-1982 wurke er by de Fryske Akademy, syn taak wie om it hânwurdboek fan de âlde nei de nije stavering om te setten. Syn earste stappen op it skriuwerspaad sette er yn it Nederlânsk. Al yn syn middelbere skoalletiid wie er begûn mei it skriuwen fan science fiction en poëzy. It Frysk idioom dat er by syn wurk op de Akademy tsjinkaam brocht him ta it skriuwen yn it Frysk. Syn earste fersen en ferhalen publisearre er yn 1982 yn de literêre tydskriften Hjir en Trotwaer. Van der Wal presintearre him sels yn in koart curriculum vitea yn Trotwaer, augustus 1996 as: ‘dichter, kritikus, okkultist en terrorist te Grins’.
Dichter
Hy debutearre yn boekfoarm mei In nêst jonge magneten, de bondel ferskynde begjin 1991 by de Koperative utjouwerij. Twa jier letter, yn 1993, waard syn talint erkend mei de takenning fan de Fedde Schurer-priis, de provinsjale priis foar debutanten. Yn it begeliedende sjuery-rapport waard dat sa motivearre: ‘Yn de bondel sjogge wy it stribjen om, sa’t de dichter Marsman skreau, ‘groots en meeslepend’ te libjen’. /…/ ‘Steatlike, bibelteksteftige, gjalperige, tagediene, hurde en meidielingeftige rigels wikselje inoar ôf. Dat jout in yroanysk, grotesk of faak ek in grimmitich effekt. Hoewol’t men jin bytiden de bûsen útskuort, kin men net sizze dat Van der Wal in humoristysk dichter is. Dêrfoar is de ynhâld te swier. Faak wurdt de opstiging fan skientme teneate dien troch te dûken yn de swarte kanten fan it libben. Dy opstiging en it ferset dêrtsjin kin men omskriuwe as de ultime spleen. Dat makket dizze dichter foar Fryslân frij unyk en pleatst him yn de tradysje fan ‘poètes maudits’ as Baudelaire’. Njonken lof wie der ek krityk op de bondel. Jabik Veenbaas sei yn syn besprek (Frysk & Frij, 05-09-1991); ‘Bytiden jout Van der Wal my it gefoel dat er wat te folle út is op skokkende en ekstreme bylden, op it ‘épater le bourgeois’, en wat te min te sizzen hat; it gefaar fan leech wurdsjebreidzjen – fan in tizeboel fan tipelsinnige en frijbliuwende bylden en wurden – leit op ’e loer’.
Syn twadde bondel Sinnestriel op it offermes kaam út yn 1997. It útkommen fan dy bondel wie oanlieding foar in optreden op Poetry International 1997. Dêrnei hat it even duorre, mar yn 2003 en 2004 ferskynden flak nei elkoar twa nije útjeften fan Van der Wal. Utjouwerij Bornmeer joech de bondel Subsydzje foar de Graal út en by Utjouwerij Venus ferskynde de bondel Skalder en it swurd. By it epysk gedicht Skalder en it swurd, besteande út trettjin fersen, makke kollega-dichter en byldzjend keunstner Anne Feddema tolve tekeningen. It ferhaal fan Skalder, de reynkarnaasje fan in Fryske held dy’t weromkomt op ierde om him foar ‘de Fryske saak’ yn te setten, sit, eigen oan it wurk fan Van der Wal, fol romantyske, mytologyske en religieuze symbolyk.‘It is in groteske en net yn it lêste plak troch it binnenrym, dat Germaansk oandocht. De kombinaasje mei de riedseleftige tekeningen fan Anne Feddema makket it gehiel ta in keunstwurk, mar boppe-al grappich’. (Babs Gezelle Meerburg, Leeuwarder Courant, 26-03-2004). De titel Subsydzje foar de Graal, ferwiist nei Keltyske leginden oer de hillige Graal. De bondel befettet 33 fersen, krektsa as dat ek it gefal is yn de earste beide bondels fan Van der Wal. Hoewol’t de fersen yn Subsydzje foar de Graal tagonkliker binne as dy yn syn eardere wurk, litte se har troch ûnderwerp, libbensfyzje en wurdgebrûk net maklik lêze.
Tema’s
In wichtich tema yn de gedichten fan Cornelis van der Wal is iensumheid. Yn in fraachpetear mei Sietse de Vries (Leeuwarder Courant, 04-11-1993) seit er: ‘It is mear it tema dat ik as dichter keazen ha, in mystyk tema suver. It is it sykjen nei de graal, nei it ultime lok. Ik skriuw út ûnfrede mei it materiële, minsklike bestean. Poëzy is in manier om dêr boppe út te stigen’.
It, yn de moderne poëzy al lang ferlitten tema fan de dichter as preester, wurdt troch Van der Wal yn syn wurk noch libben holden. ‘Met zijn groteske gedichten neemt Van der Wal een eigen plaats in. Hij bedrijft, naar eigen zeggen, magie met zijn poëzie en wil de lezer betoveren. Als dichter presenteert hij zich als uitverkorene en eigent hij zich het groots en meeslepend leven van Marsman toe, maar zet die positie in een absurdistisch kader waarin heiligheid en platvloersheid voortdurend stuivertje wisselen. Van der Wal herschikt en herschept de realiteit tot taal. Cryptische bombast en morbide borrelpraat worden in één adem opgevoerd, verlevendigd met verrassende neologismen en onconventionele metaforen. Zelfverheffing valt samen met zelfspot. Spel en ernst verdringen elkaar in zwarte humor. ( Harmen Wind in: Zolang de wind van de wolken waait. Geschiedenis van de Friese literatuur, bl. 197)
De poëzy fan Van der Wal falt op troch it rynsk brûken fan bylden en fantasij. De taal is ferrassend troch it grutte tal nijfoarmingen dy’t de dichter brûkt. Wurden as: ‘tinkwjirms’; ‘ljochtbloedsûgers’; ‘dreamloft’; ‘sinnefûgels’ en ‘tovertriennen’ eksistearje yn syn fersen en meitsje se fakentiids ta in barok gehiel.
List fan belangrykste wurk:
Poëzy:
1991 : In nêst jonge magneten
1997 : Sinnestriel op it offermes
2003 : Subsydzje foar de graal
2004 : Skalder en it swurd
2006 : Singeliere krusing tusken aap en preester / Zonderlinge kruising tussen aap en priester
2007 : Hûn oan 'e himel
2011 : Kristus Pavlov
Proaza:
2008 : Kening Kees
Prizen:
1997 : Fedde Schurer-priis foar : In nêst jonge magneten
Tresoar © 27-08-2008
Mear ynformaasje oer it literêre wurk fan Cornelis van der Wal op de 'Friese literatuursite' fan Jelle van der Meulen.
Download de Flash player om de video te bekijken.
|
Cornelis van der Wal skreau op 12-01-2012 13:46:Reagearje
Ha goeie! Ik bin gjin kritikus mear fan it FD. En yn de boekelist stiet ek it boek "In het rechte spoor". Dat boek is net troch dizze Cornelis van der Wal skreaun!
fr gr cvdw
Webmaster Tresoar skreau op 14-04-2010 14:39:Reagearje
De weblog is aangepast en de huidige woonplaats is toegevoegd.
Cornelis van der Wal skreau op 10-04-2010 11:16:Reagearje
Van der Wal is poƫzijkritikus foar it Friesch Dagblad
Cornelis van der Wal skreau op 09-04-2010 22:33:Reagearje
Ha goeie! Cornelis wennet no yn Snits en it webloch stiet no op www.cornelisvanderwal.nl Hy is webmaster fan ensafh.nl
Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.

