Sykje yn de site: | Wiidweidich sykje
wa | wat | wêr | wannear | ynlogge

Vries, Abe de



Jou dyn eigen oardiel
Berne: 10-01-1965, Winaam



Abe de Vries waard berne op 10 jannewaris 1965 yn Winaam. Hy folge fuortset ûnderwiis oan de RSM Simon Vestdijk yn Harns en teach as achtjinjierrige nei Amsterdam om dêr politikology te studearjen. Dy stúdzje befoel him net, en nei twa jier die er syn tsjinstplicht. Dêrnei tekene er by en wurke er noch seis jier op kontrakbasis yn it leger, û.o. as ynljochtinge-ofsier. Hy begûn ûnderwilens oan in stúdzje skiednis en waard frege om leden fan it fredesleger yn Bosnië les te jaan oer de achtergrûnen fan it konflikt yn dat lân. Sa begûn er dêr ek oer te publisearjen en bejoech er him yn de sjoernalistyk. Yn de oarloch om Kosovo siet er in jier yn Belgrado as korrespondint foar Trouw, Elsevier en ANP.

As tweintiger hie De Vries al wol ris poëzij skreaun, yn it Nederlânsk. Mar it joech him net genôch foldwaning en fan de dichterij kaam earst neat. Yn 2001, doe't er in faze fierder wie yn syn libben, yntusken troud, heit fan twa jonges, mem ferstoarn, begûn er op in reis yn Eastenryk wer te dichtsjen, no yn it Frysk. Yn it iepeningsfers fan syn debútbondel stiet it sa: "Oar plak, oare tiid, op reis / myn eigen Donau bylâns, haadstrjitte / fan Europa, hear ik har. / 'Mem' skriuw ik. Net 'moeder'." Hy waard nijsgjirrich nei Fryske poëzij en lies it wurk fan oare Fryske dichters. Dat rekke him, en hy stoarte him yn de arena fan de Fryske literatuer mei in seldsum fertoande passy. Syn earste fersen ferskynden yn Trotwaer nûmer 1 fan 2002, en dêrnei ek yn Hjir en op kistwurk.nl. Doe't ein maaie 2002 Kistwurk op 'en nij op ynternet ferskynde – yn 'e kist, út 'e kist – kaam er yn de redaksje. Nei it op 'e non rinnen fan Kistwurk oan de ein fan dat jier naam Abe de Vries yn febrewaris 2003 it inisjatyf ta de oprjochting fan www.farsk.nl, dêr't er oant oktober 2006 haadredakteur fan wie.

Oan syn wurkjen kin men fernimme dat De Vries sjoernalist is: hy skriuwt mei in flotte pinne en hy is altyd tûk op literêr nijs. Foar de rubryk 'Teleks' op Farsk makket er handich gebrûk fan de snelheid fan it medium ynternet. Syn entûsjast ferdjipjen yn it wurk fan kanonisearre Fryske dichters late ta it besoargjen fan twa karlêzingen mei poëzij, fan Obe Postma en fan Douwe Hermans Kiestra, yn in besykjen oare ynfalshoeken te kiezen as wenst wie. Yn 'e mande mei Jabik Veenbaas wurke er oan de twatalige blomlêzing mei fersen fan Sjoerd Spanninga. Begjin 2005 folge er Veenbaas op as proaza-resinsint by de Ljouwerter Krante oant oktober 2006 doe waard er útjouwer by de Friese Pers Boekerij/Noordboek.

Yn syn poëzij besiket de dichter Abe de Vries syn lykwicht te finen tusken de wrâld dêr't er yn libbet en de wrâld fan syn komôf – Winaam, de bou en de see. Dêrmei besibbe is de tematyk fan de ferlerne leafde, sawol dy út de jonge jierren as dy fan it houlik dat op 'e non rûn, al stiet earne: "Lit it gjin berêsten wêze. Neam it gjin mislearring". In moai oantal fan syn fersen spylje yn East-Europa en wjerspegelje syn bining mei dat part fan ús wrâld. Op mear as ien plak is benammen yn syn debútbondel de besibbens mei it idioom fan Eeltsje Hettinga te fernimmen; ferwizingen nei of echo's fan oare Fryske dichters komme yn beide bondels gauris foar. De Vries syn styl is byldzjend, lykas bliken docht út fersrigels as: "Slaan do de bile no mar / yn it achtsilinder motorblok / fan dyn bouhoekster mankelikens."

Yn 2005 krige Abe de Vries de Gysbert Japicxpriis foar syn twadde bondel In waarm wek altyd, en hy is dêrmei nei Jan Wybenga, Trinus Riemersma en Willem Abma de fjirde Fryske skriuwer dy't de priis ûntfong foar in jong oeuvre.

Wurk
Poëzij

2002 : De weromkommer yn it ûnlân
2004 : In waarm wek altyd
2006 : Under fearne goaden
2006 : Warme boxkachels & weke irenes = Gleone bokskachels & weake irenes
2008 : Fangst fan 'e demoandolfyn
2010 : Sprankeskyn

Besoarger en ynlieder
2004 : Obe Postma, It sil bestean
2005 : Douwe Hermans Kiestra, Skielk beart de hjerst
2007 : Sjoerd Spanninga, Indian summer
2008 : Het goud op de weg: de Friese poëzie sinds 1880

Prizen
2005: Gysbert Japicxpriis - (dichtbondel: In waarm wek altyd)

Mear yn formaasje
Jelle van der Meulen, 'Friese literatuursite'
Powerpoint oer winner Gysbert Japicxpriis 2005, Abe de Vries 

Sjueryrapport Gysbert Japicxpriis 2005



© Tresoar, tekst 15-01-2009 / korreksjes en oanfollingen 1-12-2011


Reaksjes

Redaksje Sirkwy skreau op 01-12-2011 09:14:Reagearje

Is oanpast!

Abe de Vries skreau op 30-11-2011 17:27:Reagearje

Fierder is wilens myn website fan adres feroare: www.seedyksterfeartfisk.blogspot.com.

Abe de Vries skreau op 30-11-2011 17:26:Reagearje

In lytse korreksje: ik bin net de tredde, mar de fjirde skriuwer dy't de GJ Priis krige foar in jong oeuvre. Jan Wybenga krige ek de priis foar in twadde bondel (yn myn bertejier).


Reagearje

Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.

Literatuer foar it fuotljocht

Lêzing Nyk de Vries:




Sosjale media en freonskip:
Ferhalewedstriid foar jong skriuwtalint



Seis skriuwers oer har ynspiraasje

op wykein yn Riis










Lês mear »

Lêste nijs


Wurdskat


TAGS BY DIT ARTIKEL