Sykje yn de site: | Wiidweidich sykje
wa | wat | wêr | wannear | ynlogge

Trinus Riemersma oer 'Tink om 'e bocht' fan Harm Lodewijk



Jou dyn eigen oardiel

troch Trinus Riemersma

Frjentsjer: poel fan ferdjer

 

It sil sa’n fyftich jier lyn wêze dat ik Harm Lodewijk syn Tink om ’e bocht foar it earst lies. Hoe’t ik dêr sa by kaam, wit ik net mear. Lodewijk wie in ridlik bekende skriuwer, mar hy gyng net foar in grut keunstner. Doe’t Wadman en Terpstra as romanskriuwers nei foaren kamen, rekke Lodewijk rillegau yn it ferjit. Mar wat my fan it boek altyd bybleaun is, is dat de stêd Frjentsjer as in poel fan sûnde foarsteld waard.

 

It ivige plattelân

Wat men ek lêst, men moat jins ferwachtingen in stikhinne oanpasse oan de lektuer, oars wurdt it neat. Lêst men in kristlik boek en men is sels net tsjerks, dan moat men dochs wat belangstelling opbringe foar de kristlike tinkwrâld. Lêst men in boek mei mearkes, dan moat men net roppe fan ‘ierdmantsjes bestean net’ en ‘heksen bestean net’. Men moat foar de tiid fan it lêzen oannimme dat ierdmantsjes en heksen wòl besteane.

            Tink om ’e bocht is in streekroman, in sjânre dat benammen bloeide yn ’e foarste helte fan de tweintichste ieu, net allinnich yn Fryslân, mar ek yn Nederlân, Flaanderen, Dútsklân en de Skandinavyske lannen. De streekroman is ornaris in konservative roman, mei wurdearring foar it âlde en in skalk each op fernijing, of sels eangst dêrfoar. Der is altyd opposysje tusken it lân en de stêd, it lân is goed, de stêd is ferkeard. En alles wat yn de stêd omgiet of út de stêd wei oer it lân komt is ferkeard: de nije moade, auto’s, de bioskoop, de merke, de (lien)bank.

            Ik wist dat doe noch net, mar it giet hjir om in hiel âld foaroardiel fan minsken dy’t har net thúsfielden yn de stêd en it plattelân idealisearren. Tink oan de bekende dichtrigel: zeven kinders en een wijf zijn zijn dagelijks tijdverdrijf. Mar it wie net wier, de boer hie wol wat oars te dwaan as de tiid ferdriuwe mei wiif en bern: hy wrotte him út ’e naden en dan krige er noch net altyd de mage fol. De skriuwers en filosofen seagen de wierheid net, se seagen it ideaal. Ek Gysbert Japicx, fan komôf in stedsjer (Boalsert) skreau: ik hâld dan fêst, op ’t lân is ’t bêst.

            Apart is dat net de ‘echte’, de sosjale, maatskiplike en politike problemen fan it plattelân beskreaun wurde. Oer sosjale ûnrêst heart men ornaris neat. Boeren en arbeiders libje yn grutte ienzens, sa’t it lykje moat. De Twadde Wrâldoarloch is yn dit boek ek neat fan werom te finen. Wat der yn de wrâld ek wielet en omgiet, it plattelân feroaret net.

 

It âlde ferhaal op ’e nij ferteld

Dêr moat men jin as lêzer dus mei fermoedsoenje, ik krij hjir in âlderwetske en nochal konservative wrâld op myn pantsje mikt en ik moat besykje om dêr fan te genietsjen.

            It is my by twadde lêzing hast oan de helte fan it boek ta slagge om my wolwollend op te stellen, mar doe wie it út. It geseur en gesanger fan de haadpersoanen begûn my de strôt út te hingjen. Mar foaral dat dy skriuwer de personaazjes gjin earlike kâns joech, stie my tsjin.

            Mar lit my earst de persoanen en har problemen even foarstellen. Jelte Venema, soan fan de doarpssmid, giet neffens syn mem wat al te maklik mei it libben om. Hy flintert mar wat om, benammen op it stik fan froulju, in los skarreltsje no en dan, mar fêste ferkearing, ho mar! En yn it doarp wennet dochs sa’n aardich en deeglik fanke, Hylkje, as de jonge dêr no ris wurk fan meitsje woe!

            As lêzer wit men dan: Hylkje wurdt Jelte syn wiif. Want sa giet dat yn streekromans, en nammers ek yn kasteelromans. Man en frou dy’t foarinoar bestimd binne – om it mar wat himelsk te sizzen – moetsje inoar al rillegau yn it ferhaal, mar se reitsje faninoar, belibje allerhande avontoeren, hawwe soms in soad tsjinslach en fertriet en rûgelje inoar by einsluten yn de earms. En it is sa moai dat men dat as lêzer nei tsien bledsiden al wit: dit komt wol goed, hoe mâl it bytiden ek lykje mei, se krije inoar.

            As men wurch is of lui en in dreech boek jin tefolle is, dan is sa’n boek in útkomst. Men set it ferstân op nul en lit it ferhaal nei de ein ta rôlje.

 

Moterfyts

Op in kear komt der in fertsjintwurdiger fan in moterfytshanler by de Venema’s en dy ornearret it soe in moaie hannel foar de smid wêze om moterfytsen te ferkeapjen. As er dan leart om dy dingen te reparearjen, kin er der twaris oan fertsjinje. Jelte is fuort wyld fan de moter en baas Venema beslút dat se dan mar ien hawwe moatte. Sûnt jakkeret Jelte yn syn frije tiid op ’e moter om, mar hy ferkeapet sawier ek noch twa, dat de winst makket de ynvestearring goed.

            Dochs spilet de moter yn de earste helte fan it boek in minder grutte rol as men ferwachte hawwe soe. Jelte wurdt mear yn beslach nommen fan de froulju en benammen fan Hylkje. Miskien dat er dochs better nei syn mem harkje wol as er himsels tajout. Mar dy Hylkje wol neat fan him witte, liket it, se is freonlik en fatsoenlik, mar sa stiif as in planke. Se kin net laitsje en net kwinkslaan. As Hylkje ris in kammeraatske op besite hat, in Sjoerdtsje, en Hylkje wol wer neat fan him witte, beslút Jelte om mar ris in reis nei Sjoerdtsje te dwaan, dy’t - as myn rekkensom kloppet -, yn Tsjommearum wennet.

            Mar och hea, dat wurdt in ôffalder. Ik sitearje: “Doe kaem Sjoerdtsje by him en lake him lokjend ta. Hy helle har oan, dat hearde nou ienkear sa. Hja joech har, oerstjûr, en sei, dat hja bliid wie mei syn kommen. En wer kaem er efkes ûnder de tsjoen fan har fûle oanhinkelikens, har eagen ljochten fel yn sines. Doe stie it hiele gefal him ynienen tsjin.” (s. 58-59) Men moat begripe, dy Sjoerdtsje is fierste geil! It giet my boppe de pet, mar sa moat it wêze. Jelte stekt ôf nei hûs ta.

            Krekt dêrfoar hat him wat oars ôfspile, dat in ynsidint liket, mar grutte gefolgen hat. Jelte hat mei syn maat Tsjerk oer iis nei Frjentsjer west en dêr ha se twa froulju moete dy’t duvelse goed ride koenen. De jonges stelle út om in baantsje te riden – krúslings, sa’t doe wol de moade wie. Jelte syn iisfaam hyt fan Anny de Jong en se is skoaljuffer yn Frjentsjer. In ûnbetsjuttend detail, tinkt men as lêzer...

 

Dochs Hylkje

As se mei de sjongferiening nei Gasterlân binne, aaiket Hylkje Jelte spontaan oer it hier. Jelte doar dan, in pear wike letter, einliken de dryste stap te setten en freget Hylkje oft se ferkearing ha kinne. Mar Hylkje kin net samar ja sizze, se moat dêr lang en earnstich oer prakkesearje. Dy Jelte hie ommers altyd skarreltsjes en sy wol net syn safolste tuskenbeurtsje wêze.

            Dan wurdt Hylkje siik en se gammelet de hele winter sa wat om. Yn de maityd moetsje se inoar wer yn Ljouwert. Der is dan in sjongkonkoers dêr’t it koar mei de bus nei ta set is. Mar om’t de bus fol wie, binne Tsjerk en Jelte der op de moter hinne riden. Nei it konkoers kuieret Jelte in skoft mei Hylkje en hy freget har op ’e nij. En wat seit sleauwe tutte? “’t Is goed.”

            In handige set fan ’e skriuwer is dat er Anny de Jong ek by dat konkoers ferskine lit. It ferskil tusken de sleauwe Hylkje en de libbene Anny moat pynlik foar Jelte wêze. Spitigernôch lit de skriuwer it hjir net by, hy lit Anny sizze, sa lûd dat Jelte it hearre kin: “Hoe is ‘t mooglik, sa’n fint mei sa’n stiif fanke.” (s. 91). In skriuwer moat net alles sizze, hy moat suggestyf skriuwe, dat de lêzer syn eigen konklúzjes lûke kin.

            En sa wurdt it dus fêste ferkearing. Mar och hea, der binne noch in bulte noeden en soargen. Dy Hylkje twivelet oft se wol de goede frou foar Jelte wêze kin: “It bikrûpte har wolris, dat hja soms sa’n bytsje meidwaen koe. It lei har net, har oeral samar by to jaen en dêryn wie Jelte sa hiel oars. Fansels soks brocht syn wurk ek mei en ’t wie mar goed, dat er yn alles sa linich wie, him sa by alle minsken dêr’t er kaem oanpasse koe. Mar hja hie dêr gjin ferlet fan. As hja Jelte mar hie, dan wie ’t wol goed. Hja hie der nou al sin oan, as it ienkear safier wie, alhiel foar him soargje to kinnen, altiid foar him klear to stean.” (s, 97-98)

            Jelte hat likegoed syn twivels: “En dochs woe ’r soms wol ris dat Hylkje hwat oars wie, hwat better har rêdde koe.” (99) “It fierdere fan ’e joun wie Hylkje hast noch stiller as oars. Soks hie Jelte argewaesje fan, hy hie sa graech hwat mei syn faem pronkje wollen. Hwat koe hja dochs min mei dwaen by dy oare fammen allegear. Mar oan ’e oare kant soe ’r ea wol better faem fine kinne?” (s. 115)

            As lêzer tinkt men dan: triuw dat fanke wat gimber yn ’e kont! Mar ja, de lêzer hat neat te sizzen yn it boek.

 

De mûs op it spek

Jelte syn suster Tsjal is troud mei de skoalmaster út it doarp en tegearre binne se nei Ljouwert ferhuze. Der moat in nije skoaljuf komme en dat slagget, mar mei in kosthús rint it minder flot. Dan biedt Venema oan om har yn de kost te nimmen, it keammerke fan Tsjal stiet ommers leech.

            De skoaljuf komt, en it is... Anny de Jong.

            Nee, achte skriuwer, dit hie net moatten. Hjir wurdt dy earme Jelte sa op it spek bûn, dat er net oars kin as der fan sline. Hy en sy tegearre op ’e solder mei in skotsje dertusken. Se kinne inoar sykheljen hearre...

            In skriuwer moat syn personaazjes in earlike kâns jaan en har de frijheid litte om it goede of om it ferkearde te kiezen. Jelte hat hjir gjin kar, hy kin net oars as it oanlizze mei de skoaljuf.

            Mar ynearsten wrakselet Jelte noch yn einleaze prakkesaasjes mei Hylkje om en Hylkje docht dat fan har kant krekt sa. As Jelte op in kear Anny yn de auto nei hûs ta bringt en se komme by Doanjum om Hylkje op de fyts foarby, dan komt der in ferhastiging fan it proses fan útinoar driuwen. Jelte lûkt de dryste skuon nochris oan, diskear om de ferkearing út te meitsjen.

            Op in sneintejûn as Jelte allinnich thús is en Anny komt werom fan Frjentsjer, dan falle se inoar yn ’e earms. Mem komt der rillegau efter en ornearret dat Anny de doar út moat. Jongelju dy’t ferkearing ha, kinne net ûnder ien dak ferkeare.

            Oars, mem sjocht it in gat troch de kop mei dy Anny. Der wurdt yn it doarp al skande fan sprutsen dat de nije juf geregeldwei nei see giet om te swimmen. Soks heart net foar in frommes, en grif net foar in skoaljuf.

 

Grutte dreamen

As Anny de earstkommende sneons Jelte mei nei har âlden nimt om har nije feint foar te stellen, seit De Jong – dy’t in bedriuw yn moterfytsen hat - dat syn feint opholden is en dat er in nijen siket. Jelte is gau beret, syn ideaal hat al tiden west om in grut garaazjebedriuw yn Frjentsjer te begjinnen. Sa kin er der moai yngroeie.

            Dat Jelte komt by de De Jongen yn de kost en Anny bliuwt by de Venema’s. Sneons en sneins is Anny altyd yn Frjentsjer en dan kinne de jongelju har trekken waarnimme.

            De De Jongen binne net sokke deeglike minsken. Se geane sneins noait faker as ienkear nei tsjerke en De Jong sels hast nea. Anny troait Jelte ek al ris mei nei de bioskoop ta. Dit libben foldocht Jelte, it is hjir lang sa benypt net as by heitendy. En hy merkt dat De Jong him genegen is, dy soe graach wolle dat it bedriuw fuortset waard, mar hy hat allinnich mar dochters. Miskien wie it wat foar Jelte...

 

De TT

Jelte mei graach syn keunsten op de moterfyts fertoane foar de klanten. As der ris in fertsjintwurdiger fan de Nortonmoterfytsen op besite is, komt dy tige ûnder de yndruk fan Jelte syn feardichheden. Hy stelt Jelte út om oan de TT mei te dwaan, syn maatskippij wol dan wol in Norton beskikber stelle.

            Anny stiet der fûl op oan dat Jelte meidocht en dy lit him oerhelje. Hy wit wol dat syn âlden der tige op tsjin wêze sille. En sels hat er destiids op de feinteferiening ek sein dat in minske net mei syn libben boartsje mei. Mar tiden hawwe tiden, hy is los fan it âlde doarpslibben.

            De grutte dei komt en Jelte riidt as de wjerljocht. Yn de lêste rûnte leit er foar, mar in Ingelskman sit him op ’e hakken. Dan makket Jelte in ferkearde maneuvel en bedarret yn de striepakken. Daliks mei de ambulânse nei Grins en dêr docht bliken dat de iene hakke en foet ferbrizele binne. Nei it even oansjoen te hawwen, lizze de dokters it oardiel: de foet moat derôf, want dogge se dat net, dan kin ’t wêze dat skielk de hiele skonk derôf moat.

            Jelte hat yn it sikehûs genôch tiid om te prakkesearjen. Hy sjocht yn dat er mis west hat. Hy hie de ferkearing mei Hylkje net útmeitsje moatten en mei Anny gean. Anny wie in kreas frommes, mar se prate noait oer de djippere dingen fan it libben.

 

Eart wurdt foer

As er wer thús is, skriuwt er Anny ôf en dy liket dêr wol tefreden mei te wêzen. Anny is ek net in frommes dat mei in ynvaliden fierder wol.

            Jelte krijt in keunstfoet en dan kin er heit wer helpe yn de smitte. En hy jakkert ek al werris op de moter om. Hy moetet Hylkje op ’e dyk en dy sjocht der wat minder stiif út, se hat in permanintsje yn it hier. Jelte stelt út om noch in kear te praten en sy wol dat wol. Jelte freget har om ferjeffenis foar syn dwaan tsjinoar har, en Hylkje is dêr fansels fuortendaliks ree ta. As Jelte har freget of er har yn de earm hingje mei om’t er sa min rinne kin, kin it fanke har lok gjin ein mear.

 

Alhiel neffens it boekje

Tink om ’e bocht is in streekroman alhiel neffens it boekje. De foarnaamste yngrediïnten sitte yn it boek bebakt. De opposysje stêd-lân, de oanstriid ta it konservatisme en it ôfwizen fan nijmoadrichheden, de foarkar foar ynbannige froulju boppe wyldepûsten en de bekearing ta in deugdsum libben, sa’t Jelte trochmakket. Mei in tefreden sucht kinne wy it boek slute.

 

 

Easterbierrum?

It doarp dêr’t it ferhaal spilet, leit net al te fier fan Frjentsjer yn de bouhoeke. It doarp leit ticht oan see en yn it neistlizzende doarp stiet it gemeentehûs. Giet men oer iis nei Frjentsjer, dan komt men troch in oar doarp. As it jongfolk mei de bus nei Gasterlân sil, dan ride se fia Harns.

Ik gok derop dat it om Easterbierrum giet. It neistlizzende doarp mei it gemeentehûs (doe noch) is dan Seisbierrum. It doarp dêr’t men reedridend trochkomt, is Tsjommearum.

 

Mear oer Harm Lodewijk

Op de ynternetside fan Tresoar is oant no ta (july 2009) gjin ynformaasje oer Harm Lodewijk te finen. Nimmen hat grif ea de muoite nommen om in stikje oer him te skriuwen. Yn it literêre tydskrift De Tsjerne (1946-1968) haw ik in koarte resinsje fan Anne Wadman fûn oer Lodewijk syn roman Yn oare wei (jiergong 1950). Botte optein is Wadman net.

 


Reaksjes

sjieuwe borger skreau op 25-05-2010 18:35:Reagearje

Is dit in besprek fan de helte fan it boek, of fan it folsleine boek? Dat wie my net alhiel dúdlik, al miende ik út 'e opmerking dat it boek foldocht oan it boereroman-model, opmeitsje te kinnen dat besprekker it hiele boek besprekt.


Reagearje

Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.

Literatuer foar it fuotljocht

Lêzing Sigrid Kingma:


Sosjale media en freonskip:
Ferhalewedstriid foar jong skriuwtalint



Seis skriuwers oer har ynspiraasje

op wykein yn Riis










Lês mear »

Lêste nijs


Wurdskat


TAGS BY DIT ARTIKEL