Sosjale media en freonskip:
Ferhalewedstriid foar jong skriuwtalint
Seis skriuwers oer har ynspiraasje
op wykein yn Riis

Lês mear »
Tiemersma, Koos
Libben en wurk
Koos Tiemersma is berne te Frjentsjer, hy groeide dêr op yn in boerehúshâlding. Hy learde ta skoalmaster. Sûnt 1975 wurket er yn Kollumersweach yn it basisûnderwiis, it plak dêr't er him dat jier ek nei wenjen sette.
Muzikant
Koos Tiemersma is nei 2000 yn Fryslân bekend wurden as skriuwer fan romans. Dêrfoar wie er warber op it mêd fan de muzyk. Hy skreau lieten en fersoarge as sjonger solo-optredens, lykas op it ferneamde Tsjochfestival yn Drachten. Yn 1992 rjochte er mei Foppe Jacobi en Bauke van der Heide de groep 'Skift' op. De groep wie populêr en wûn meardere prizen: de 2e priis op Liet '92 mei it liet 'Frjemd Folk' en in 1e priis op it Noord-Nederlands Liedjesfestival mei in ferskaat oan lieten. Under de titel Nije Hoed namen se in cd op en setten útein mei de toernee 'Boer-de-Chant', in rige suksesfolle optredens op boerepleatsen yn Fryslân, Grinslân en Oerisel. Yn 1999 hâlde de groep op te bestean en sochten de leden eigen wegen.
Skriuwer: De ljedder en De mjitte
Tiemersma besluet doe om him út te lizzen op it skriuwen. Hy ferkende syn mooglikheden troch yn 1999 in ferhaal op te stjoeren foar de Rely Jorritsmapriis. Nei in bemoedigjend sjueryrapport gie er troch mei skriuwen en stjoerde yn 2000 it ferhaal Job- in alter yn. Dêr wûn er dat jiers de Rely Jorritsmapriis mei. Itselde ferhaal wurke er fierder út, it waard de basis fan syn debútroman De Ljedder, dy't yn maaie 2002 ferskynde.
It boek waard troch de lêzers tige posityf ûntfongen. De literêre kritiken wiene oer it generaal allyksa posityf, al kamen der fan dy kant ek inkelde krityske opmerkings, benammen oer de komposysje fan it boek. Wurdearring kaam der ek fan in oare kant: hy krige foar De Ljedder yn febrewaris 2004 as earste auteur de Rink van der Veldepriis, út hannen fan Mineke van der Velde, de widdo fan Rink. De Rink van der Veldepriis is ynsteld troch de gemeente Smellingerlân en de Friese Pers om it oantinken fan de yn 2001 ferstoarne skriuwer libben te hâlden. It sjueryrapport priizge De Ljedder om de humor, de knappe persoansbeskriuwing en útwurking fan karakters en om it rike taalgebrûk, de flotte styl en it moaie idioom.
Yn 2004 ferskynde de twadde roman fan Tiemersma, De mjitte. Ek dy roman waard troch it lêzerspublyk wer tige wurdearre. De literêre krityk wie ferdield: Jabik Veenbaas (Leeuwarder Courant, 14 aug. 2004) en Sjoerd Bottema (De Moanne, nû.3, 2005) wiene beide posityf. Jetske Bilker hie yn har resinsje yn Farsk (sept. 2005) deselde oanmerkings as earder op De Ljedder, se fûn de opbou fan it ferhaal net stevich genôch foar de ynhâld.
Tema's
De tematyk fan beide romans komt oerien: de haadpersoan, de ferteller yn it ferhaal, giet werom nei it ferline. Yn De Ljedder is de haadpersoan in man, yn De mjitte is dat in frou, mar de problematyk fan beide romans is yn wêzen deselde. Troch werom te gean nei har bernejierren, it ferline, besykje se helderheid te krijen oer har wêzen as folwoeksen persoan. Yn beide romans wrakselje de haadpersoanen mei djip yngripende saken dy't se as bern meimakke hawwe en dy't har lettere libben as folwoeksene noch altyd beynfloedzje. Se besykje it ferline te rekonstruearjen om op dy manier fet op har libben no te krijen.
Ek de yndieling fan beide romans is te fergelykjen, Tiemersma lit de haadpersoanen troch flashbacks weromgean nei har ferline. It ferhaal wurdt fierder ôfwiksele mei gronologyske fertelstikken, in ynlieding (De Ljedder) en in 'útlieding' (De mjitte). Tiemersma hat in libbene styl, in ferrassend ryk taalgebrûk en hy is in rasferteller. Syn wize fan beskriuwen fan de minsken dy't figurearje yn de romans, mar ek fan plakken en situaasjes, drage foar in belangryk part by oan de kwaliteit dêrfan.
It liet fan de Ibis
De tredde roman fan Koos Tiemersma, It liet fan de ibis, ferskynde maaie 2006. De roman spilet him ôf yn in lytse stêd dy't op Frjentsjer liker. De Nigeriaanske keunstner Obi Okere wennet dêr op de skipswerf.. Hy wie syn eigen lân ûntflechte, omdat er him troch middel fan syn keunst fersette tsjin it misbrûken fan de oaljegebieten yn de Nigerdelta. Okere gie wolris te roeien mei it swakbegaafde famke Eva Leijn. As Eva op in stuit fermist wurdt en letter ferdronken blykt te wêzen, wurdt Okere al gau fertocht dêr de hân yn te hawwen. Dy fertinking bringt yn it stedsje prosessen op gong dêr't eigenbelang de driuwende krêft yn blykt te wêzen.
Ek oer dizze tredde roman fan Tiemersma binne de kritiken aardich posityf. Joop Boomsma seit dat er by it lêzen geniete hat fan taal, sfear en fernimstige opbou fan it boek, mar dat er oan it gehiel fan de roman net folle hâld hie. Abe de Vries fynt dat it boek yngenieus yn elkoar stekt en dat de skriuwer de linen knap útwurket, mar miskien hat er tefolle hea op 'e foarke nommen. Henry Baron yn World Literature Today: 'The reader is often challenged to fit the various pieces of the narrative puzzle into the proper sequence. And there are many missing pieces, [...]. Still, Koos Tiemersma's rich use of imagery and detail and craft of storytelling make this postmodern novel for the most part an entertaining reading experience, even while imparting a fairly grim assessment of society's contemporary malaise.'
Spultsjes mei de holle & Fryslân ûnder wetter
Foar de beide folgjende titels, Mind Games en Under wetter, wurdt hjir earst folstien mei in ferwizing nei de boekeprofilen (sjoch links yn de titellist) en de dêr wer oan linkte resinsjes.
Karriêreswitch
It motto fan it lêste boek fan Tiemersma is ûntliend oan Hessel Miedema: 'Jonges ik ha myn plicht dien foar it heitelân oer sis mar' - mei in sekere irony, mar ek út geastesbesibbens, want krekt as Miedema ferklearre Tiemersma dat er útskeie woe mei syn Fryske skriuwerij (LC 28-12-2009). Der wie ek in grut ferskil, Miedema hâlde hielendal op mei fiksje, Tiemersma besiket yn de wrâld fan de nije media syn paad te finen. Fan 21 juny 2010 ôf hat er in nije webside, Froonakker. Syn ôfskiedsferhaal fan de Fryske skriuwerij is dêr net mear op te finen.
Yn tsjinstelling ta Miedema bleau Tiemersma ferbûn mei de Fryske skriuwerswrâld, hy is sûnt mids 2008 foarsitter fan it Frysk Skriuwersboun. Op it wykein fan dat Skriuwersboun yn Riis, begjin novimber 2011, ferklearre Tiemersma dat er him tenei útlizze woe op de publikaasje fan e-books yn it Frysk en yn it Nederlânsk, en dat syn ôfskied fan de Fryske ltieratuer troch de media sterk oanset wie, sjoch ferslach.
Biografy op eigen webstek
Wurk
Romans
2002 : De ljedder (3e pr. 2005 [Merkel-rige])
2004 : De mjitte
2006 : It liet fan de ibis
2007 : Mind Games: fertelling fan in kaartehûs
2008 : De mjitte: audioboek, foarlêzen troch Tryntsje Finnema en Koos Tiemersma
2009 : Under wetter
2010 : Hoe blond je aap
Oersettingen
2007 : De ladder (De Ljedder)
Prizen
2000 : Rely Jorritsmapriis (ferhaal: Job – in alter)
2004 : Rink van der Veldepriis foar de roman De ljedder
© Tresoar, 26-04-2010, oanpast 3-1-2012
Johannes Beers skreau op 25-04-2010 18:08:Reagearje
@kinnetsed: myn en dyn stikje nochris lêzend, wol ik wol sein hawwe dat ik dyn konklúzje fan " geweldige lêserfaring en in yntrigearjend ferhaal" perfoarst ûnderskriuwe kin. Myn earste reaksje is wat dat oanbelanget wat súntsjes. Ik sjoch ek noch in oare konklúzje: as de Friezen harren taal en identiteit net heech hâlde, kinne wy Fryslân ek wol ûnder wetter sette....
http://grienetsiis.blogspot.com
Kinnetsed Mango skreau op 22-04-2010 00:57:Reagearje
Ha Griene Tsiis,
Moai ferhaal oer Under wetter! Ik ken der wol it ien en oar yn werom. Haw it boek in jier lyn lêzen, en doe myn reaksjes daliks notearre. Hjirby, hapsnap:
1.
Stilistysk fyn ik it in tige knap boek. T. kin skriuwe, mei tige orizjinele bylden. In prachtige literêre styl.
2.
It is net dalik helder wat T. mei dit boek sizze wol. It is my of is er begûn mei in ferhaal, mei in idee yn ’e holle, sûnder sels te witten hoe’t it útpakke soe. Ha! In eksperimintele skriuwer! Wol wat oars as de literêre konstrukteur fan syn eardere titels.
It plot is hapsnapperich. Mar dat past wol wer by in deiboek. De realiteit fan Sil Posset is ek hapsnapperich en fragmintarysk.
3.
Foar my bliuwt it dekôr dizich en net sa oertsjûgjend. Soe it wier sa om en ta gean as in lân ûntmantele waard?
4.
Der sit net op in ynkringende manier sosjale gaos yn it ferhaal. Je soene mear gefaar, geweld en grimmitigens ferwachtsje yn sa’n ramp-situaasje.
5.
It Frsyke-striid-elemint is net helder útwurke. It is krekt of hat T. samar wat aspekten fan de situaasje fan no rûnstruid.
6.
It ferhaal spilet yn 2065. Der sit hast gjin SF yn dit boek. De realiteit fan 2065 liket my tefolle op dy fan 2009.
7.
Lêsproses: Earste 30 siden nedich om der yn te kommen, dan meinimmend, oanslach op Wigge stiet los fan de rest, gong sakket wolris fuort. By werlêzen fan de earste 30 siden wurdt it folle helderder. Ynkadering, Litouwen etc aardich betocht. Litousk foaropwurd ek.
8.
De moard op Wigge: it idee is min, yn de jûne situaasje, want wat foar effekt hat soks no binnen it plot? En: achternei pakt Sil der amper mei om, hy libbet mar wat yn syn eigen wrâldsje.
9.
Dit is gjin benearjend boek. It grypt jin net by de strôt.
10.
Mar dochs, al by al, in geweldige lêserfaring en in yntrigearjend ferhaal.
Ik soe Under Wetter 4 stjerren jaan.
Johannes Beers skreau op 16-04-2010 17:45:Reagearje
Oer Under Wetter: it boek komt mei faasje op gong. De sfear fan in stêd yn ferfal, wurdt goed beskreaun. Personaazjes binne werkenber en realistysk. Dizze realiteit wurdt ferhege mei útspraken fan guon minsken yn it Nederlânsk (en dy fan Bouwe yn it stedsfrysk).
Mei de oanslach op Folkert Wigge liket der in iere klimaks yn it boek te wêzen. It ferhaal dêrnei moat it foar in grut part hawwe fan de sfear en by de dagen yn it Dútske opfangkamp sekket it ferhaal echt wat yn.
Twa saken binne my net hielendal dúdlik. Op it foarste plak: wat is it belang fan de religieuze oertsjûgings fan guon bypersoanen (Wende Andrae, syn beide memmen, syn broer Freark en syn frou Ellen).
Op it twadde plak wurdt der wat maklik keazen foar it fermoardzjen fan in persoan. De wrakseling mei dat idee, hie wat my oanbelanget wat mear klam krige kinnen.
“Taal komt en giet, ûntstiet yn isolemint en lûkt har werom as de doarren iepengean, se is soeverein, lykas dyn identiteit. Moatst der net sa swier oan tille, Sil, net bang wêze foar de takomst. (....) Net hingjen bliuwe, dat is it geheim”.
Al op ien tredde part fan it boek wurdt boppesteande sitaat útsprutsen troch Wende Andrae, in wize, âlde frou. It liket it boadskip fan Tiemersma oer de takomst fan de Fryske taal en identiteit te wêzen. Oan ´e ein fan it ferhaal komt Sil Posset ta de selde konklúzje. It klinkt allegear reedlik, mar it sprekt my persoanlik net sa oan.
Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.
