Sykje yn de site: | Wiidweidich sykje
wa | wat | wêr | wannear | ynlogge

Frijende kikkerts



Jou dyn eigen oardiel
Frijende kikkerts
Hylkje Goïnga

Eigen behear 'Fryslân lêst syn toppers', 2010, 2de printing

Liene by Tresoar

Liene by de iepenbiere bibleteek
Beskikber yn de digitale bibleteek

Yn dizze roman út 1986 fertelt Hylkje Goïnga op in hast achteleaze wize it emosjonele ferhaal oer de striid fan Martha yn de relaasje mei har man. Hy hat gjin wiere oandacht foar har en is har ûntrou. Sa komt sy yn in krisis telâne. As se him op in dei in koarkelûker yn it boarst draaie wol om te sjen oft syn hert noch wol foar har kloppet, lit hy har opnimme yn in ynrjochting. Troch it relaas dat sy oan de minsken fan de klinyk fertelt kriget de lêzer ynsjoch yn de foarskiednis en yn wat Martha besielet. Se fynt har selsbetrouwen werom en slagget deryn om fan him los te kommen.

Frijende kikkerts
is in ûntroerend boek dat tagelyk ek humor en relativearring biedt. De tryste tastân fan Martha wurdt net in kommer-en-kweldrama, mar troch har skerp each foar detail en har nuchtere ferteltrant in ferhaal dat in protte yndruk makket.
Yn 1988 ferskynde de oersetting Vrijende kikkers.
De twadde printing fan de roman wie yn 2010 de earste útjefte yn it ramt fan de lêsbefoarderingsaksje 'Fryslân lêst syn toppers'.


Oaren oer dizze titel
Jan Wybenga
Ljouwerter Krante 27-6-1986
en mear...
Jantien de Boer, 'De Martha in jezelf', De Moanne nr 3, 2010
Janneke Spoelstra, Ensafh nr 2, 2010
Jaap Krol op Sirkwy 9 april 2010
Nynke de Jong op Sirkwy ein april 2010

Jetske Bilker op Sirkwy maaie 2010


Jou oan wat jo wurdearring is foar dit boek.

Oantal pompebledsjes: 1=min 2='mwah' 3=aardich 4=moai 5=klasse!

Jo kinne hjirûnder ek in reaksje jaan.

Reaksjes

Diderica van Thes skreau op 06-08-2010 21:38:Reagearje

In eerste instantie leek het boek "Frijende Kikkerts" wel een verzameling Libelle-columns. Daarna wekte het geheel de indruk van een persoonlijke afrekening. Maar naarmate het boek vorderde, en de samenhang van de verhalen duidelijker werd, leek dit boek op een suspense-achtige psychologische roman. Ogenschijnlijk oppervlakkig, maar al doorlezend met een mooie, subtiele onderlaag. Een vrouw die hunkert naar liefde en erkenning, en veel te bieden heeft. Een Pieter Jelle Troelstra-achtige partner nog uit de tijd dat 'de man het hoofd van de huishouding' was. En wat dat met mensen kan doen. Ook in deze moderne tijd nog steeds actueel: de toename van huiselijk geweld en familiedrama's zijn uitspattingen van wat vroeger binnenshoofds en binnenskamers werd gehouden.
De interpunctie in de eerste helft van het boek was helaas wat storend, maar het Fries heel mooi toegankelijk. Een goede start!

Ditty Bekema skreau op 19-07-2010 12:29:Reagearje

Wat hearlik om wer in Frysk boek te lêzen.
Het drama, de striid, mar ek de soarch foar de heit fan har bern makken grutte yndruk op mij.
Opskreaun mei yn stikje humor en tagelyks realistysks.

Jelle van der Meulen skreau op 13-06-2010 20:52:Reagearje

Zie de bespreking van Jelle van der Meulen op http://home.planet.nl/~meul2882/fries/Goinga,Hylkje.html

Elske Dekker skreau op 13-06-2010 17:12:Reagearje

In een keer uitgelezen. Gelachen en gehuild. Misschien juist door het Fries raakte het me zo. Een mooi boek, inderdaad voor grote mensen, Hester :)

Agatha Hoekstra skreau op 16-05-2010 15:45:Reagearje

Wy krigen de opdracht om in miening oer it boek Frijende Kikkerts te meitsjen. Mar ik moat earlik sizze ik fûn it net in leuke opdracht. Ik ha probearre om it boek te lêzen. Mar ik jou earlik ta ik bin ûngefear oant de helte ta kaam. En doe hie ik it al besjoen. It boek boeide my wier net. Ik hie wier gjin nocht om it boek hielendal út te lêzen. Ik wie it wol fan plan mar ik stelde it hieltiid mar út. En doe wiene we al snein 16 maaie 2010. Ik wie noch hieltiid op de helte fan it boek. Ik tocht ik ha wier gjin nocht mear om dit hele boek noch út te lêzen. Dus doe ha ik mar efkes op ynternet speurd en der hie ik in gearfetting fan it boek fûn. Doe ha ik dy mar even trochlêzen, sa dat ik dôchs wist hoe dat it fierder gie. Ik fûn dat se fan it ien op it oare oer gienen. Ik snapte der op’t lêst net sa folle mear fan. Want dan wie se wat oan it fertellen oer Sjouke en dan gie it samar wer ergens oars oer. It boek wie ek net boeiend genôch om it yn ien kear út te lêzen. Want by de measte boeken wol ik meastal graach witte hoe it ôfrint. Mar by dit boek hie it dat hielendal net. Ik hie hielendal gjin nocht om it te lêzen. Ik fûn it hiel gemien dat har man ûndertusken dat sy yn in ynrjochting siet dat hy mei Cecile gien is. Dat fûn ik sneu foar har. Ik fûn it ek sa begrutlik dat Sjouke dea gie en dat sy sa hecht oan him wie en dat se noch hieltiid krekt die as wie er der noch wol. Oan te mei dat Antine lâns kaam en dy ûntdekte dat er dea wie. Dat in minske mei in koarkelûker by harren man in stik út it hert helle fûn ik in bytsje te fier socht. Ik fûn it wol goed dat sei har eigen libben wer libjen gie doe’t se út de ynrjochting kaam. En dat se net wer wat mei har man begûn. Dan koe hy ek ris fiele hoe sy har faak field hie. De titel fan it boek wie Frijende Kikkerts mar ik fûn it eigenlik net sa’n goede titel. De titel hat der wol mei út te stean mar dat is mar in lyts diel fan it hiele ferhaal. Se koene better de titel: “De problemen fan Martha” dwaan. In els gefal wat yn dy rjochting. Einliks fûn ik it boek gewoan te dreech. Ik tink dat it mear in boek foar folwoeksenen is. Miskien dat ik wat âlder west wie dat ik it dan wol in moai boek fûn hie. Omdat je miskien dan mear mei dat soad dingen yn oanrekking komme.

Anna Pijnacker skreau op 16-05-2010 12:38:Reagearje

Ik fyn Frijende kikkerts in apart boek. Ik kin it my hast net foarstelle dat der minsken binne dy’t sa “gek” kinne wurde of binne. Ik hie der ek noch noait fan heard dat je op sa’n manier “gek” wurde kin. En dat dêr ek in speciale ynrjochting foar is wist ik ek noch net. Sa’n man as Floris fyn ik ek mar apart, dat je troud binne mei ien en dan noch allegear ôfspraakjes hawwe mei oare frouen. Dan kin ik mei wol yn bytsje foarstelle dat sa’n frou als Martha dy’t mei sa’n man troud is in bytsje “gek” wurd. Mar als noch fyn ik it in raar ferhaal. Ik wist net dat dit ek yn it echt foar komme kin. Sels soe ik ek net myn hiele libbensverhaal yn brieven skriuwe en dan samar stjoere oan in persoan die’st net iens kinst. Dan wit ien alles fan dei en do niks van him. Dat liket my mar frjemd. Foar de rest fûn ik Frijende kikkerts in dreech boek. Ik hie gjin nocht om it in ien kear út te lêzen, sa as ik dat wol ris mei yn spannend boek haw. Mar dat ik it in dreech boek fyn komt miskien ek wol omdat ik hiele oare boeken als dizze went bin. Of omdat dit boek, tink ik, mear foar folwoeksen minsken skreaun is dan dat it foar jongere minsken skreaun is. Foar de rest fyn ik dat it in boek is wêr’t net echt wat nijs bart. It draait hast allegear om it selfde, in frou yn in ynrjochting en har man dy’t mei allegear ferskillende frouen ôfspraakjes hat. Der gebeurd net echt wat spannends, sa datst it boek yn ien kear útlêze wolst.

Hester Poelstra skreau op 13-05-2010 20:47:Reagearje






Ik bin yn famke fan fjirtjin jier en sit yn de twadde klasse havo/vwo op it Dockinga College in Ferwert en ik mei hiel graach lêze.
Foar fryske les krigen wy de opdracht it boek “Frijende kikkerts” fan
Hylkje Goïnga te lêzen.
Ik bin hjir oan begûn mar ik fyn it in ferskriklik dreech boek.
Ik begripe dêr hielendal neat net fan.
Ik bin net iens oan de helte ta kommen. { side 40 }
Fuortendaliks yn it begjin fan it boek wurde ik al hielendal aaklik.
Hwa stekt no in koarkelûker by in oar yn it boarst?
Dan komt dêr in stik oer Martha dy’t hiel lang in man wer’t sy foar soarche dea op bêd lizze lit en krekt docht ast der neat bart is.
Hjirre fûn ik it wol hiel luguber wurden.
Ik haw noch besocht in pear haadstikken te lêzen, mar bin net folle fierder kaam.
It waard my fierstente dreech. Ik begrypte dêr hielendal neat mear fan.
Nei de gesprekken mei terapeuten en psychiaters haw ik besletten it optejaan.
Neffens my is dit in boek foar grutte, folwoeksen, minsken.

Nanja Willemsen skreau op 10-05-2010 09:11:Reagearje

Een boek dat raakt en waarin je door wilt lezen. Omdat het boeiend is de strijd van Martha te lezen op de wijze waarop het geschreven is. Als niet Frieslalige, die de taal nu (bijna altijd) kan verstaan is het goed (maar langzaam) te lezen. En het Fries is een taal die direct bij emoties komt en deze zo mooi en eerlijk verwoord. Ik heb ervan genoten!

. . skreau op 28-04-2010 13:55:Reagearje

Wat ik deprimearjend fûn, wie dat dochs wol hieltyd de ellinde oerhearske en dat ôfsjoen fan dy relaasje-ellinde it ferhaal net folle te bieden hat. Yn elts gefal te min nei myn betinken om it net in deprimearjend ferhaal wêze te litten. Leo

Neeltje van der Weide skreau op 22-04-2010 10:15:Reagearje

http://humortv.vara.nl/pa.339623.schudden-met-hun-kikker-act-in-cabaret-co.html




Inge de Vries skreau op 20-04-2010 11:05:Reagearje

Ik vond het boek ook niet deprimerend.
Het gedeelte over de koarkelûker om een stukje uit het hart van haar echtgenoot te halen vond ik ook wel wat ver gezocht. Maar wie weet zijn mensen tot zulke acties in staat wanneer ze wanhopig op zoek zijn naar een beetje liefde.
Bij dit boek heb ik het idee dat Martha niet in de war is geraakt enkel en alleen door haar man. Volgens mij moet ze mentaal nooit echt sterk zijn geweest, anders laat je het niet zover komen lijkt mij. Ze moest inderdaad los komen van haar man, maar ook werken aan haarzelf.

Cornelis van der Wal skreau op 20-04-2010 10:47:Reagearje

Sjoch foar opnamen fan de Hylkje-jûn yn Snits op Omrop Knilles. Efkes googelje, want ik kin hjir gjin links delsette.

fr gr Cornelis van der Wal

Cornelis van der Wal skreau op 20-04-2010 10:45:Reagearje

Sjoch foar opnamen fan de Hylkje-jûn yn Snits op Omrop Knilles: http://omropknilles.blogspot.com/2010/04/hylkje-jun-19-04-2010.html

Neeltje van der Weide skreau op 19-04-2010 13:43:Reagearje

Ik vond juist dat het 'zware' onderwerp man-vrouwverhouding hilarisch is verteld. Ik heb heerlijk uit dit boek gelezen.

. . skreau op 14-04-2010 22:09:Reagearje



Boeken oer minsken dy’t gek of demint wurde, of sels suïsidaal binne, wurd ik yn de regel net fleurich fan. Ek frijende kikkerts is net in boek om hiel fleurich fan te wurden. As man fiel ik my hieltyd lytser wurden en komt hast sa fier dat ik meifiel mei Floris út it boek dy’t op side 62 seit: “Soms … skamje ik my der foar dat ik ta it soarte hear, dat man hjit.” Fansels is it in hiele mislike hufter dy man fan Martha, mar op it lêst witst dat ek wol in kear.
Sowieso haw by it lêzen fan frijende kikkerts it gefoel hân dat guon saken der wat (yn fiksjoneel opsicht) te dik boppe op leine. Yn de media haw teminsten noch nea in berjocht sjoen oer in minsken dy’t mei koarkelûkers oan de gong wiene om by harren echtgenoaten in stik út it hert te heljen. Mar miskien haw ik wat mist. Dat soe fansels best kinne. En de wurklikheid kin fansels noch wol bizarder wêze as in optocht ferhaal en faaks is dat it west, dat it ferhaal fan frijende kikkerts myn foarstellingsfermogens net te boppen gie.

Wat my opfoel by it lêzen fan frijende kikkerts, is dat de skriuwster wol fan in tige klisjeemjittige sitewaasje út giet. De man giet frjemd en de frou moat dat bekeapje mei it ferliezen fan har sûn ferstân. Op side 45 seit Martha har man oer Anneke ‘wêrom sit dy hjirre? Ek swierrichheden mei de man?’ Kennelik binne it standert de froulju dy’t yn psychiatryske ynrjochtings bedarje en is it dan de meast foar de hân lizzende fraach oft se swierrichheden mei de man hawwe. Ik freegje my ôf oft it net likegoed manlju wêze kinne dy’t troch it hâlden en dragen fan harren froulju it paad kwytreitsje. Mar wa bin ik om dat te sizzen. Ik bin fansels in man. Mar as ik net in man west wie, dan hie ik faaks wol in frou west en wie dan ek wer net neutraal yn in man-froufraachstik west. Hawar, ik hie it yn alle gefallen moediger fûn fan Hylkje Goïnga as se in man naam hie as haadpersoan dy’t troch har frou ta waansin dreaun waard. Mar dat se dêr net foar keazen hat, kin ik my ek wol wer begripe. Al mei al fûn ík it in tige deprimearjend boek.



Reagearje

Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.

Literatuer foar it fuotljocht





Boeken út Tresoar wei op 'e sweef
en reaksjes fan lêzers


Al twatûzen boeken loslitten >>>














Lês mear »

Lêste nijs


Wurdskat


TAGS BY DIT ARTIKEL