
Sosjale media en freonskip:
Ferhalewedstriid foar jong skriuwtalint
Seis skriuwers oer har ynspiraasje
op wykein yn Riis

Lês mear »
Jong, Simen de
Berne 17-05-1942, Wânswert
Nei ûnderwiis- en hotelwurk yn Ingelân studearre er psychology yn Grins en Amsterdam.
De Jong krige wurk yn de jeugdsoarch en as koördinator fan it flechtlingewurk. Mar ek wurke er as ûndersiker en sjoernalist. Foar Amsterdam Kabouterstad siet er twa kear yn de gemeenteried (1970-1974).
Skriuwerij
Simen syn heit Eelke Simens de Jong wie ien fan de driuwende krêften yn de KFFB en ek skriuwer. It promoasjewurk en de skriuwerij die syn heit altyd neist syn wurk as learaar, dûmny, ferslachjouwer foar de Boalserter krante en yllustrator.
Thús en ek letter hie De Jong earst gjin oanstriid om mei skriuwen te begjinnen, miskien wol om’t syn heit der dei en nacht mei dwaande wie. Simen de Jong hie nea tocht dat er it sels ek koe en woe. Yn in fraachpetear mei Bram Buruma (Fleanende Krie nr. 146, sept. 2005) seit er dêroer: ‘Mar taal rekke my altyd wol. Dêrom spyt it my no ek dat ik der net earder wat mei dien haw.’
Oer de warberens fan syn heit: ‘Hy siet by ús yn ’e keamer oan ’e tafel as wy oant spultsjedwaan wienen of sieten te kwebbeljen. Hy makke dan in stik klear foar de krante of der wie lang om let wer in boek fan him klear. Ik freegje my no noch hieltyd of hoe as dy man dat sa dwaan koe. Ik kin sels sa absolút net wurkje, ik moat der echt foar sitten gean en my weromlûke om wat op papier te krijen.’
Nei oanlieding fan it houlik fan de kroanprins yn 2002 skreau
Troch it skriuwen fan dat boek kaam de skriuwer hiel ticht by syn heit. Hy sei dêroer: ’Ik tink ek dat heit glimket no’t syn soan dit boek foar him ôfmakke hat…’
It boek is skreaun ûnder it pseudonym Simen Oetie, dat er brûkt foar Fryske teksten. Dy namme leit ticht by him, omdat er himsels sa neamde as beuker.
Fierder binne der koarte ferhalen – ‘autofiktive ferhalen’ sa neamt er dit sjenre – opnommen yn de literêre tiidskriften Trotwaer, De Moanne en Ensafh.
Yn it meast resinte boek twee, beskriuwt er mei ko-auteur Klaas Rusticus harren freonskip, yn de kweekskoalletiid.
Bibiografy
2001: Een geur van verlangen (parabel)
2005: De lêste halte (roman)
2010: twee (kearboek), mei Klaas Rusticus
It libben in dream, Roman yn ferhalen
Literêre prizen
2009: Rely Jorritsmapriis mei it ferhaal Leafde hâldt skoft
Webside:
http://simendejong.nl
Der binne noch gjin reaksjes pleatst.
Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.

