Sykje yn de site: | Wiidweidich sykje
wa | wat | wêr | wannear | ynlogge

Gerben Abma 1932-2016



Jou dyn eigen oardiel








foto Henk Kuiper 1974, kolleksje Tresoar

Gerben Abma 1932-2016


Yn Amsterdam is histoarikus en skriuwer Gerben Abma ferstoarn. Abma kaam út in grutte boerehúshâlding yn Folsgeare. Hy studearre teology en skiednis oan de Universiteit fan Amsterdam, letter studearre er ek Frysk. Hy wurke as learaar skiednis en Frysk yn Ljouwert en Snits. Yn de jierren sechstich skreau er in oantal moderne romans, mar it kaam net ta in literêre trochbraak. Hy wie ek ien fan de inisjatyfnimmers fan it polemyske tydskrift A-wyt dat bestie fan 1967-1969. Yn 2005 folge noch syn roman De Brek. Nei syn pensjoen ferhuze de skriuwer nei Amsterdam.
Hy publisearre ek in oantal regionale histoaryske stúdzjes en wie mei Klaas Jansma einredakteur fan de Encyclopedie van het Hedendaagse Friesland (1975). De Fryske dichter en romanskriuwer G. (Gerben) Willem Abma is syn jongste broer.

Mear
Mensenlinq
Sirkwy, Biografyske skets
Nekrology Frysk Deiblêd 06-12-2016 [**link folget]
Sietse de Vries, In memoriam LC 08-12-2016 [**link folget]
Pieter de Groot, ‘In tragysk fersom yn it Wolkeboek’, Dwers LC 26-05-2006
A-wyt: Zolang de wind van de wolken waait, side 175, Hdst 7


[06.12.2016]

Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst.


Reagearje

Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.

Literatuer foar it fuotljocht


KURSUSSEN 2016-2017  >>>

Gerben Abma 1932-2016 >>>


DS beneame advyskommisje
Gysbert Japicxpriis 2017 >>>




Boeken út Tresoar wei op 'e sweef
en reaksjes fan lêzers








Lês mear »

Lêste nijs


Wurdskat


TAGS BY DIT ARTIKEL