Sykje yn de site: | Wiidweidich sykje
wa | wat | wêr | wannear | ynlogge

Bauke de Jong 1931 - 2015



Jou dyn eigen oardiel








foto: skermprint tv-opname 2001

Bauke de Jong 1931-2015

Op 3 oktober is yn syn wenplak Oentsjerk Bauke de Jong ferstoarn. De Jong wie yn syn wurksum libben learaar biology oan de Rykskweek, letter PA, yn Ljouwert.
De Jong foarme yn de jierren sechstich mei Tjitte Piebenga de redaksje fan it polemysk literêr tydskrift Asyl, dat goed twa jier lang op ûnregelmjittige basis ferskynde. Se hellen har ynspiraasje foar in part út argewaasje, benammen om it fêstige literêre tydskrift De Tsjerne. Al yn 1960 hie dat in kritysk stik fan Bauke de Jong oer Durk van der Ploeg wegere, de oanlieding ta it úteinsetten mei Asyl.

Begjin 1965 hie Bauke de Jong yn Asyl in stik oer Eeltsje Boates Folkertsma, âld foaroanman fan it Kristlik Frysk Selskip en earder redakteur fan De Tsjerne. Dat wie yn it Fryske universum de oanlieding ta in fûleindige polemyk oer ‘EBF’ en letter ek oer Jan Piebenga, dy’t sa’n twa jier duorre. Yn 2006 sammele Trinus Riemersma al it materiaal (oant febrewaris 1967) oer de rebûlje om Bauke de Jong yn in bondel ûnder de titel Hoe binne de helten fallen.

De diskusjes hiene ek ynfloed op de foarnommen fúzje tusken de tydskriften De Tsjerne, Asyl en Quatrebras. Je Maintiendrai, de útjouwer fan De Tsjerne, woe yn 1966 net dat in dwerse polemist as Bauke de Jong yn de redaksje fan it nije literêre tydskrift komme soe en krige yn earsten syn sin. De earste trijefearnsjier fan 1968 bestie de redaksje út Durk van der Ploeg, Leo Popma en Trinus Riemersma. De lêste wie yn maart 1968 noch fan miening dat de Fryske literatuer (lês: it fuortbestean fan De Tsjerne) belangriker wie as it literêre lot fan Bauke de Jong (LC 28-03-1968). Mar yn augustus ferklearre er dat er him yntimidearje litten hie troch fiifeintweintich swiergewichten út de Fryske literatuer en dat er it mei syn 'ferried oan Bauke de Jong' ferkeard sjoen hie (De Tsjerne 1968, nr. 9). Steven de Jong priizge him om it publikelik bekennen fan syn fersin (LC 02-10-1968). Riemersma loek him per 1 oktober werom út de redaksje en Popma en Van der Ploeg skreauwen foar 5 oktober yn it Oranje Hotel yn Ljouwert in oerlis út mei 'it hiele skriuwerspotinsjeel' oer de takomst fan De Tsjerne (LC 05-10-1968). It waard in rûzige gearkomst mei as resultaat dat Durk van der Ploeg út de redaksje gie. Der kaam no op 'e nij in fiifmansredaksje dêr't Bauke de Jong ek part fan útmakke (LC 07-10-2015). De nije redaksje woe mei it blêd mear krityk, polemyk, polityk en lûd fan de jonge generaasje (LC 10-10-2015) en kaam noch mei ien nûmer fan De Tsjerne, in dûbelnûmer. De LC hie it oer in 'oktoberrevolúsje' (LC 07-10-1968) dy't de St. Je Maintiendrai foar it blok sette. De útjouwer akseptearre lykwols de nije redaksje op betingst dat Bauke de Jong syn fatsoen hâlde soe (Heslinga, s. 83). Dat woe de redaksje net akseptearje, en per 1 jannewaris 1969 gie De Tsjerne fierder as Trotwaer, útjûn troch Miedema Pers.
Bauke de Jong siet ien jier yn de redaksje en like útskreaun te wêzen.



Yn 2001 bea Riemersma Bauke de Jong it earste eksimplaar oan fan syn kritysk-kolderike roman Sinleas geweld yn it telefyzjeprogramma Breedbyld fan Eelke Lok. Dêr kaam er noch in kear oer de kwestje te praat: ‘Ik hie my altyd tabetroud oan de âlde hearen, mar troch Bauke syn dwaan bin ik der ta kommen te sjen: nee, myn krêft leit yn myn eigen generaasje.’

Bauke de Jong publisearre nei syn Asyl-tiid net mear. In pear kear hie er in ynstjoerd stik yn de Ljouwerter Krante, ûnder oare by de saken oer Meindert Tjoelker (LC 20-01-1998) en Marianne Vaatstra (LC 05-06-1999). It earste wie de oanlieding foar Trinus Riemersma om krekt oan De Jong in eksimplaar fan Sinleas geweld oan te bieden.
Willem Winters fan útjouwerij Perio fersoarge yn 2011 in útjefte fan in koart nederlânsktalich ferhaal fan him út 1965, Het asbakje.


Wurk
nov. 1963 – jann. 1966: stikken yn Asyl (7 nûmers)
1965: Het asbakje (‘Een uit het Fries vertaald verhaal’) Literair kwartier, RONO, 30-03-1965.
1966: besprek Aarden vaten fan Jan Piebenga, RONO 28-06-1966
2011: Het asbakje



Mear oer de skriuwer en syn wurk
Inge Heslinga, 'Leave abonnee. Conflict tussen de literaire tijdschriften De Tsjerne, Quatrebras en Asyl', Masterscriptie Kunsten, Cultuur en Media, RUG 2008. pdf >>.
Babs Gezelle Meerburg yn it ‘Wolkeboek’, Haadstik 6, side 151
Tr. Riemersma, kollum 'Ode dwelen', LC 03-05-2006
Steven H.P. de Jong en Tr. Riemersma oer Het asbakje, Ensafh 13-05-2011
In memoriam, Steven H.P. de Jong, Ensafh 08-10-2015
Pieter de Groot, LC 09-10-2015
Arjan Hut, de Moanne 11-11-2015

Mensenlinq


Tresoar, 13-10-2015

Reaksjes

Cornelis van der Wal skreau op 13-10-2015 00:26:Reagearje

De link nei de LC wurket allnnich at jo abonnee binne. Sjoch ek it stik fan Steven de Jong op ensafh: http://www.ensafh.nl/?p=41965


Reagearje

Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.

Literatuer foar it fuotljocht


KURSUSSEN 2016-2017  >>>

Gerben Abma 1932-2016 >>>


DS beneame advyskommisje
Gysbert Japicxpriis 2017 >>>




Boeken út Tresoar wei op 'e sweef
en reaksjes fan lêzers








Lês mear »

Lêste nijs


Wurdskat


TAGS BY DIT ARTIKEL