Sosjale media en freonskip:
Ferhalewedstriid foar jong skriuwtalint
Seis skriuwers oer har ynspiraasje
op wykein yn Riis

Lês mear »
Hettinga, Tsjêbbe
Tsjêbbe Hettinga komt fan Burchwert by Boalsert. Nei de kweekskoalle wurke er sa’n trije jier as opnametechnikus by de blinebibleteek yn Grins. Hy helle yn 1986 it doktoraal eksamen Frysk en Nederlânsk oan de Ryksuniversiteit fan Grins en wennet sûnt 1982 yn Ljouwert.
Bûten Fryslân is Tsjêbbe Hettinga ien fan de bekendste Fryske dichters fan dit stuit. Dêr binne in oantal redenen foar: Hettinga syn unyk dichterskip, syn kwaliteiten as foardrager en it feit dat er yn de gelegenheid steld waard op te treden op de Frankfurter Buchmesse yn oktober 1993. Want dêr die bliken dat in Fryske dichter op it Dútske publyk likefolle yndruk meitsje koe as hokker Nederlânsktalige dichter ek. Fangefolgen waard er yn 1995 útnoege om op te treden op de ‘Nacht van de poëzie’ yn Utert en op ‘Poetry International’ yn Rotterdam, de twa wichtichste poëzij-festivals yn Nederlân. Datselde jiers ferskynde by útjouwerij Atlas yn Amsterdam de bondel Vreemde kusten / Frjemde kusten, dy’t yn de lannelike parse tige posityf ûntfongen waard. Poëzijkritikus Guus Middag fan de NRC wie by it beharkjen fan de cd by de bondel al nei twa rigels – ‘Oan swarte stielkabels hawwe de bokken / de nacht boppe see en haven úttakele’, seis sekonden tekst – hielendal ferkocht: ‘Mij was overkomen wat veel bezoekers van poëzieavonden moet zijn overkomen: overrompeling door de voordracht van Hettinga’. Letter folge in grut tal optredens yn binnen- en bûtenlân, ûnder oare yn Brussel, Barcelona, Berlyn, Londen en Vancouver. Trochdat de dichter minne eagen hat draacht er al syn fersen út ’e holle foar. Hettinga sels fergeliket syn foardracht graach mei solo’s yn de jazz. Hendrik Carette stelt yn Ons Brussel: ‘Hettinga horen is poëzie ondergaan zoals je muziek ondergaat’. Yn in fraachpetear dat Corine Vloet mei Hettinga hie, seit de dichter dêr fan dat de foardracht in ferlingstik foarmet fan wat op papier stiet.
Yn Fryslân wie Hettinga syn namme al earder fêstige. Hy debutearre yn 1970 yn Trotwaer mei it fers ‘Forsyk’. Mei de fersen ‘Forfal’ en ‘Ljocht út en troch’ wûn er yn 1970 en 1971 in Rely-Jorritsmapriis. In pear jier letter kamen yn eigen behear syn earste bondels út. Hy sleat him oan by de rûnten fan it literêre tydskrift Hjir, dêr’t er fan 1975 oant 1990 yn de redaksje siet. Dêrnêst foarme er mei de dichter Benne Boarnstra in skoft ‘It Sizzenskiplik Wurkferbân’, in ‘parapluviusterm foar de noardlike Earder- en Letterkundigenferienheden Lieksa Blieksa Moatsa Hassa Wêzena’. Dêryn waard op in boartlike wize oan de taal ‘kaaike’ (sjoch Hjir maart 1980 s. 30). Hettinga trede altyd al op, lykas yn de jierren tachtich op it Ljouwerter strjitfestival en yn it begjin fan de jierren njoggentich mei it programma ‘Hotelkeamers eigen’. Yn april 1997 wie yn Boalsert de premiêre fan in programma mei de Angolese muzikant Basile Maneka Lukadi ûnder de titel ‘De dood, het lied, het paard’, dêr’t Hettinga ûnder oare syn lang gedicht ‘It faderpaard’ yn foardroech.
Hettinga’s earste trije bondels falle op troch kollaazjewurk en yllústraasjes fan Jelle Kaspersma; de twadde bondel stiet ek poëzij fan Kaspersma yn, en dy bondel kin winliken beskôge wurde as in ko-produksje fan de beide dichters. Nei de foarm rekkene binne Hettinga syn fersen yn dy trije bondels net sa gelyksoartich en strak opboud as de lettere. De rigellangte wikselt en der sitte noch in soad fersen by mei koarte sinsbou. Al hast fan it begjin ôf skriuwt de dichter dêrnêst ek poëzij opboud út lange rigels mei sinnen dy’t oer de rigelein hinnegripe (enjambemint). Dat is in aspekt fan Hettinga syn poëzij dat yn de lettere bondels oanwinne sil. Fierder brûkt de dichter gauris begjinrym en klinkerrym. Einrym komt hast net foar. In aparte kant fan Hettinga syn byldzjend dichterskip is ek dat er der net bang foar is om nije wurden te meitsjen, bg. ‘ferjiskebakje’ of ‘oktoberje’. De fjirde bondel Tusken de bedriuwen troch is âlderdom ferskynde yn 1981 en waard printe yn in hânskreaune tekst. De poëzij yn dizze bondel is tige oerladen mei bylden en hiel sterk assosjatyf út de taal wei skreaun. Dêrnei waard it in skoft stil en moast de dichter, sa’t er it letter sels sei, syn wurk earst fierder rypje litte. Mei it wurk dat fan 1992 ôf ferskynde hie er syn definitive foarm fûn.
De fjouwer bondels út 1992, 1993, 1995 en 1999 foarmje in sterke ienheid, omdat se foar in part deselde ynhâld ha. Yn de earste, Under seefûgels / De kust, is de risping fan tsien jier dichterlike arbeid byinoar brocht. De oare trije bondels binne twatalich. Sy besteane út de twadde helte fan de bondel út 1992, De kust (op ien fers nei), mei respektivelik in Dútske, Nederlânske en Ingelske oersetting derby. Yn de bondels fan 1995 en 1999 stiet dan fierder ek noch it lange gedicht ‘It faderpaard’, opdroegen oan de neitins fan de heit fan de dichter. De poëzij yn de fjouwer bondels toant in bettere balâns tusken byldstream en ferhaalline as yn it eardere wurk, al ferskille de fersen ûnder inoar noch wol yn begryplikens. Jabik Veenbaas, dy’t in grut essee skreau oer it wurk fan Hettinga, stelt dat de dichter yn dizze bondels in soarte fan persoanlike mytology skept, wêryn’t er yn allerhanne bylden de oarsprong, it wêzen en de ein fan langst en drift werjout. Ljocht en simmer hawwe dêrby hast altyd te meitsjen mei lok en leafde, de see is it symboal foar de ivichheid, en de kust it plak der’t in minske oan de ivichheid reitsje kin. Seefûgels binne dêrby it ‘besieljende’ foarbyld, sy ferbyldzje de langjende libbenskrêft, de ‘eros’, en fiskers ferbyldzje faak de minske op syk nei it lok. By al dizze mytologyske symbolyk is der lykwols yn alle gedichten wol in ferhaal oanwêzich dat it gehiel struktuer jout.
Ein 2000 ferskynde de bondel Fan oer see en fierder. Yn fergeliking mei de eardere ‘kuste’-bondels is it ferheljende elemint yn dizze bondel sterker wurden, de toan is evenrediger en minder hertstochtlik. De bondel hat njoggen fersen en foarmet in ienheid. De dichter beskriuwt in odyssee: it dichterlike ‘ik’ komt yn it earste fers oan op in Gryksk eilân, op de lêste siden set er wer ôf en giet de syktocht fierder. Babs Gezelle Meerburg stelt yn har besprek fan de bondel (LC 11-05-2001) dat de kombinaasje fan ‘gewoan’ deistich libben, ferwizingen nei âlde literatuer en de dreamerige wrâld fan it dichterlike ‘ik’ de sfear yn de bondel riedseleftich makket. Veenbaas jout oan dat it eilân de siel fan dichter ferbyldet, isolearre, sykjend, longerjend nei lok en leafde. Hy ferdútst dat mei it sitaat: ‘Yn dat sykjen sûnder finen koe de siel him / Wer as in eilân troch eilannen omspield’. Oan dy rigels ûntliende Piter Verhoeff de titel fan de dokumintêre film dy’t er yn 2006 oer de dichter makke. It sykjen is ien fan de sintrale romantyske tema’s út Hettinga syn wurk, sykjen om lok en leafde dy’t ûnder oare ferbylde wurde troch it ljocht, in motyf dat yn in protte fan Hettinga syn fersen foarkomt. De slotsin fan de bondel is: ‘En earst no / Stapt de ezel ûnder de moerbeibeam fuort yn it ljocht / Dat oars net is as lokies foar syn bline passagier.’
Yn syn tredde bondel út 1975 tsjut de dichter in pear kear iepentlik op it feit dat syn eagen minder wurde, lykas yn it fers ‘skieding’, mei de rigels ‘as fjoer / skrine de skeinde eagen nei / en blyn as de nacht wachtet / de dream’. Dat feit sil him net behinderje yn syn dichterskip, is syn foarnimmen. Al yn syn debútfers út 1970 is er dêr dúdlik oer: ‘ik gean op deselde foet fierder’. Yn lettere bondels wurdt de konkrete ferwizing nei de persoanlike situaasje minder útsprutsen. Hettinga wiist nammers alle belangstelling foar syn privee-persoan ôf wannear’t dy bûten syn teksten en foardrachten om giet. It giet om syn teksten, op skrift of op de wjukken fan syn lûd. Al Hettinga syn poëzij fan 1995 en letter is behalve yn tekst ek útbrocht op cd. Dat jout wol oan hoe wichtich oft de foardracht fan syn poëzij is.
Nêst de boppeneamde bondels ferskynden ek noch twa aparte cd’s mei poëzij. De tekst waard bylevere op in inlay-boekje. Ien cd kaam út by gelegenheid fan ‘Simmer 2000’ mei emigraasje as tema, de oare giet oer it libben fan de folksdichter-skilder Gerben Rypma. Ta beslút moatte ek de oersettingen neamd wurde dy’t Hettinga makke hat, benammen dy fan Derek Walcott, Dylan Thomas en Walt Whitman.
Literatuer:
1995: Guus Middag, ‘De geur van instinct en gasolie’, NRC 14-4-1995
1998: Dokumintêre Geart de Vries, 'Moarn sil it foar ivich maitiid wêze' : portret fan Tsjêbbe Hettinga. Omrop Fryslân 22-03-1998
2001: Sjueryrapport GJ priis 2001 yn Trotwaer nr. 9, 2001, p. 361-368
2001: Artikel fan himsels yn Revolver, 2001
2003: Jabik Veenbaas, ‘Dionysos yn de stringen’, yn De lêzer is in duvel, Ljouwert, 2003
2003: Corine Vloet, ‘Een zwak voor havens. Gesprek met de Friese dichter Tsjêbbe Hettinga’. NRC 28 november 2003
2004: Piet Gerbrandy, ‘”Oanwaaid en eigen”. De rusteloze epiek van Tsjêbbe Hettinga’ Ons Erfdeel jg 47, nr 3, 2004, p. 407-419
2006: Film Piter Verhoeff Yn dat sykjen sûnder finen. VPRO 08-01-2006
Wurk:
Poëzij:
1973: Yn dit lân
1974: Loft, lân en sé (tegearre mei Jelle Kaspersma, ûnder de skûlnammen Kasper Jellema en Hette Tsjêbbinga)
1975: Fan lân loft en leafde (mei tekeningen fan Jelle Kaspersma).
1981: Tusken de bidriuwen troch is âlderdom
1992: Under seefûgels / De kust
1993: 8 Gedichte / Gedichten (oersettingen yn it Dútsk troch Babs Gezelle Meerburg en Ronald Noppers)
1995: Vreemde kusten / Frjemde kusten (Nederlânske oersetting Benno Barnard; mei de cd ‘De foardrachten’)
1998: Fryslân! De wrâld! Friesland! Die Welt! (oersettingen yn it Dútsk trochArd Posthuma, Babs Gezelle Meerburg en Ronald Noppers, ek mei wurk fan Obe Postma)
1999: Strange shores / Frjemde kusten (oerset yn it Ingelsk troch James Brockway)
2000: It doarp Always Ready (cd mei teksten yn inlay boekje: Nederlânke oersetting: Benno Barnard en Tsjêbbe Hettinga, Ingelske oersetting: Susan Massotty)
2000: Fan oer see en fierder
2003: Platina de zee (twatalige edysje fan de bondel út 2001 mei oersettingen troch Benno Barnard en Tsjêbbe Hettinga)
2003: Oan ’e Brek in dei / Een dag aan de Brekken. (cd mei teksten op ynlay-boekje; muzyk fan the Doarmers)
2008: Andries Deinum : Fryslân revisited (gedichten: Tsjêbbe Hettinga; tekst: Geart de Vries, Brooke Jacobson, Tsjêbbe Hettinga; oers.: Susan Massotty, Abe de Vries)
2009: Equinox
2010: Aan schor en Stad Niks voorbij - Oan leech en Stêd Niks foarby (Nederlânske oersetting: Benno Barnard)
Oersettingen
1989: Tusken de rails, Peter Römer (toneeltekst)
1989: Brel, in Fries (oersettingen fan lieten fan Brel yn it Frysk, mei oaren)
1995: Salut au Monde fan Walt Whitman (oersetting yn it Frysk troch Tsjêbbe Hettinga en yn it Nederlânsk troch Jacob Groot).
Prizen
1970 : Rely Jorritsmapriis (fers: Forfal)
1971 : Rely Jorritsmapriis (fers: Ljocht út en troch)
1987 : Rely Jorritsmapriis (fers: Súdwesthoeke)
2001 : Gysbert Japicxpriis foar de bondel Fan oer see en fierder
2004 : De Hans Berghuisstok fan de gemeente Maastricht
© Tresoar, 28 aug. 2008
Mear ynformaasje oer boeken skreaun troch Tsjêbbe Hettinga op de 'Friese literatuursite' fan Jelle van der Meulen.
Der binne noch gjin reaksjes pleatst.
Reagearje kin allinnich as jo ynlogd binne. Klik hjir om yn te loggen.
