Sykje yn de site: | Wiidweidich sykje
wa | wat | wêr | wannear | ynlogge

Yn 2017 nije ferzje fan Sirkwy







foto Maurits Verbiest 2014, Flickr

Yn 2017 nije ferzje fan Sirkwy


Mids novimber 2016 krige de redaksje fan sirkwy fan de webbouwer en hoster fan de site it berjocht dat it cms (it behearsprogramma) mei yngong fan 2017 net langer stipe wurdt. Dat betsjut dat sirkwy yn 2017 in nije opset ha moat, sawol yn it oansjen foar de brûkers as oan de ‘achterkant’. De winsken dy’t der altyd al wiene om sirkwy by de tiid te bringen binne sadwaande yn in streamfersnelling kommen. Tresoar-webredakteur Inge de Vries hat in nij ûntwerp makke. De opset dêrfan is ienfâldiger as sirkwy fan no. Foardiel is dat alle sykfunskjes en links skylk wer wurkje. Tresoar hâldt de site no yn eigen behear. It nije webadres wurdt sirkwy.frl. De nije site komt online sagau’t dúdlik is wannear’t de âlde ferfalt. Dat is nei alle gedachten yn de rin fan febrewaris [en net jannewaris].

Ferhuzing
Meiwurkers fan Tresoar binne op it stuit drok dwaande om de ynhâld fan de âlde site sa goed mooglik te ferhúzjen nei de nije. Dat sil foar 1-1-2017 allinne slagje mei de 300 Frysktalige biografyske sketsen fan skriuwers. Yn de rin fan 2017 folget dan it measte fan de oare ynhâld, te witten:
75 biografyske sketsen yn it Nederlânsk/Ingelsk
500 boekprofilen, almeast fan literêr proaza fan de 21ste iuw
100 ferskate artikels, ûnder oare mei de dokumintaasje oer de literêre prizen.  

Literêr nijs
De ôfdieling mei literêr nijs bliuwt. De nijsitems sille, krekt as no ek al it gefal is, benammen betrekking ha op aktiviteiten dêr’t Tresoar op ien of oare wize mei anneks is. It stiet noch te besjen wat der fan it nijsargyf ferhuze wurdt nei de nije site.

Digitale biblioteek
Sirkwy gie online yn april 2010. Ien fan de bysûndere ôfdielingen dêryn wie in digitale biblioteek mei úteinliks 90 titels, realisearre yn ’e mande mei de DBNL. It is ús doel om dy titels ek op de nije sirkwysite sjen te litten, mar de ynhâld sels stiet by de DBNL, yntusken opgien yn de KB. Yn it ramt fan it digitalisearringsprojekt fan de Provinsje Fryslân sille noch folle mear Fryske boeken digitalisearre wurde. Sjoch oer dat projekt de site redbot.frl.   

Reaksjemooglikheid
Op de nije site komt gjin direkte reaksjemooglikheid, inkeld in emailadres. De needsaak om in account oan te meitsjen komt dêrmei ek te ferfallen. De besteande brûkersaccounts binne oan de âlde website keppele en komme te ferfallen. De brûkers hawwe berjocht krigen fia it mailadres dat yn sirkwy bekend is.

Alde website
De âlde website wurdt opnommen yn it digitaal argyf fan Tresoar, mar is fan bûten ôf net mear te besjen. It is technysk te tiidslinend om dat yn oarder te meitsjen. In ferfelende bykomstichheid is dat de links nei de nije site ferskille fan dy nei de âlde. Eksterne websites dy’t no nei sirkwy ferwize (bg. Wikipedy, Lezen voor de lijst of Frysk literêre tydskriften) komme dan spitigernôch mei ferwizingen te sitten dy’t it net mear dogge – it lot fan folle mear links op ynternet (de libbenssyklus fan in trochsneed website is 5-7 jier).

Doel nije site
Wy hoopje dat mei sirkwy.frl de dokumintêre ynformaasje oer de Fryske literatuer better en oantrekliker presintearre wurde kin as no it gefal is. Fan de geregelde brûkers fan de site moatte wy wol wat geduld freegje, omdat net daliks yn jannewaris alle ynformaasje wer  beskikber is. It sil nei skatting wol in healjier nimme foardat it measte ferhuze is.  Foar de langere termyn lykje de perspektiven dus goed, en yn dat ljocht winskje wy alle brûkers en gasten fan sirkwy in hiel foarspoedich 2017 ta!

Redaksje sirkwy
21.12.2016

Literatuer foar it fuotljocht


KURSUSSEN 2016-2017  >>>

Gerben Abma 1932-2016 >>>


DS beneame advyskommisje
Gysbert Japicxpriis 2017 >>>




Boeken út Tresoar wei op 'e sweef
en reaksjes fan lêzers








Lês mear »

Lêste nijs


Wurdskat