Sykje yn de site: | Wiidweidich sykje
wa | wat | wêr | wannear | ynlogge

Kursussen 2016-2017









Kursussen hjerst 2016 en begjin 2017


It kursusoanbod fan Tresoar foar it seisoen 2016-2017 bringt in ryk ferskaat, sawol yn sjenres as yn dosinten. Hjirnei folget earst in koart oersjoch, dêrnei per kursus in mear detaillearre beskriuwing, de service-ynformaasje en wat mear oer de dosint.

Poëzij
Abe de Vries is dichter en essayist en ek ien dy’t yn heldere taal oer poëzij prate kin. Dat makket him útsoarte kwalifisearre om begjinnend talint paadwiis te meitsjen by it skriuwen fan poëzij. Nei syn sizzen is dat foar in grut part ambacht, in fak dat je leare kinne. Gean nei nr. [1].

Printeboeken
Lida Dykstra en Natascha Stenvert makken tegearre al hiel wat printeboeken. Yn de hjerst fersoargje se in koarte kursus oer it meitsjen fan in printeboek. Lida Dijkstra docht it meastepart en behannelet tekst, teory en omballingen. Yllustrator Natascha Stenvert sil as gastdosint ien lesjûn fersoargje. Mear by [2].

Proaza – libbensferhaal
Guon fan Marga Claus har romans binne yn feite libbensferhalen-mei-in-bewyske-fiksje. It ûnderwerp ‘Libbensferhalen’ is har ding en sa jout se dêr al in oantal jierren mei sukses kursussen oer. Dit kursusjier trije kear: De earste kursus begjint yn septimber 2016, de twadde yn jannewaris 2017,de tredde yn maart 2017. Dit is nr [3].

Proaza – ferhalen
Koos Tiemersma wurke mei oan de ferhalewedstriid fan It Skriuwersboun, Friesch Dagblad en Cedin earder dit jier. Hy joech dêrby ynstruksjejûnen en sil dy ûnderfing no op Tresoar ynsette by syn koarte kursus ferhaleskriuwe. Sjoch nr [4].

Proaza – roman
Jetske Bilker is romanskriuwster yn ieren en sinen mei in goede technyk fan plot en opbou. Dêrom begjint se dit jier mei in kursus oer it ûnderwerp: hoe skriuw ik in roman? Wurkje oan in roman ferget oare kwaliteiten as it skriuwen fan in ferhaal. Sy sil yn koart bestek de basisprinsipes behannelje en mei de kursisten oefenje. Nr [5].

Fryske literatuer
Teake Oppewal fersoarget yn gearwurking mei de Volksuniversiteit Fryslân in kursus Fryske literatuer fan de 21ste iuw yn trije byienkomsten. Dielnimmers krije in oersjoch fan it literêre fjild en se lêze mei elkoar gedichten en in roman fan nei 2000. Foar mear nei nr [6].

Opjefte en falbiledata (deadlines)
Sjoch by de fierdere ynformaasje dy’t by elke kursus oanjûn is.
Wachtsje net te lang. By oeryntekening is der in wachtlist!

Telefoanyske ynformaasje
Mear witte? Jo kinne altyd kontakt op nimme mei kontaktpersoanen Petra Bierma, Marja de Graaf of Teake Oppewal. Skilje mei tillefoannûmer resp. 058 – 789 0 740, 058 – 789 0 792 of 058 – 789 0 789, of stjoer in e-mail nei ynfo@tresoar.nl .


KURSUSPROGRAMMA 2016/2017

[1] Poëzijskriuwe foar begjinnend talint – Abe de Vries
Der is gjin moaiere skriuwerij as dichtsjen. Troch te boartsjen mei taal kin der ynienen rigels op papier komme dy’t knetterje, ferliede, meinimme. De begjinnende dichter kin de kâns grutter meitsje dat soks bart, troch him rekkenskip te jaan fan it feit dat dichtsjen 10 persint ynspiraasje is en 90 persint transpiraasje: dichtsjen is foar in grut part ambacht. Yn de kursus ‘Poëzijskriuwe foar begjinnend talint’ komme de kursisten yn ’e kunde mei it fenomeen poëzij en de feardichheden dy’t in dichter noadich hat. Fia diskusje, it lêzen fan gedichten en it sels skriuwen derfan wurde de earste stappen set op it paad fan it dichterskip. Foar dichters dy’t al wat langer oan ’e gong binne, kin de kursus de oanset jaan ta ferbreding en ferdjipping yn syn of har dichtsjen.

Oanmelding uterlik freed 7 oktober op emailadres ynfo@tresoar.nl. of telefoanysk by Petra Bierma of Marja de Graaf, nrs. resp. 058 - 789 0 740 of 058 – 789 0 792. Fermeld namme, adres, telefoannûmer. De binne genôch oanmeldingen {4 okt], dizze kursus giet troch.

Data woansdei 12 en 26 oktober, 9 en 23 novimber, 14 desimber fan 19.30-21.30 oere.

Kosten € 75,–



Abe de Vries hat sân Frysktalige dichtbondels publisearre, wêrûnder it yn 2005 mei de Gybert Japicxpriis bekroane In waarm wek altyd (2004), en ûnderskate blomlêzingen fan Fryske poëzij. Ek hat er Nederlânsktalige poëzij besprutsen foar de Contrabas. Hy is dêrneist poëzijkritikus foar it Friesch Dagblad en esseeskriuwer. Syn tredde esseebondel oer Fryske literatuer ferskynt yn it neijier fan 2016 by útjouwerij Bornmeer. Biografyske skets op sirkwy.

# o # o #


[2] Printeboek skriuwe – Lida Dykstra en Natascha Stenvert (gastles)
It skriuwen fan printeboeken liket makliker as it is. Want in printeboek hat net in soad tekst, mar elk wurd moat goed wêze, en dan ek noch op it goede plak stean. It ûnderwerp en de taal moatte orizjineel en ferrassend wêze.
It yllustrearjen fan printeboeken is krekt likegoed in keunst mei in grutte K.

Dizze kursus jout yn fiif byienkomsten ynformaasje en help om oan in eigen printeboek te wurkjen, as skriuwer én yllustrator. Lida Dykstra jout teoretyske ynformaasje en begeliedt it skriuwproses fan de kursisten op byienkomsten 1, 2, 3 en 5.
Ylustrator Natascha Stenvert fersoarget de fjirde byienkomst as gastdosint. Sy giet mei de kursisten oan it yllustrearjen.
Lida en Natascha ha ferskate kearen tegearre wurke, bygelyks oan it Aksjeboek foar bern Knipperke, it printeboek Poepkasteel en in pear dielen út de Studio F -rige.

De folgjende aspekten fan it meitsjen fan in printeboek komme oan ’e oarder:
* Wat is de omfang fan in printeboek en hoe wurdt it yndield.
* Wa is de doelgroep en wat binne goede ûnderwerpen.
* Wêr moat in goed ferhaal/scenario oan foldwaan.
* Wat betsjutte faktermen as storyboard, spread, steapelferhaal, twist en running gag.
* Ferskillende stilen om in printeboek te yllustrearjen en yn te dielen.

Doel fan dizze kursus is net om in publikabel printeboek gear te stallen, mar om fierder ynsjoch yn it medium printeboek te krijen en om de eigen kreative feardigens te ûntdekken en út te djipjen. De kursisten wurdt frege op de earste les har trije favorite printeboeken mei te nimmen en op de fjirde les tekenmaterialen (tekenblok op A3 formaat, potlead griis 2B en eventueel kleur, en gom).

Oanmelding uterlik 3 oktober op emailadres ynfo@tresoar.nl. of telefoanysk by Petra Bierma of Marja de Graaf, telefoanysk resp. 058 - 789 0 740 of 058 – 789 0 792. Fermeld namme, adres, telefoannûmer. It maksimum tal dielnimmers is tsien.

Data tiisdei 11 en 25 oktober, 8 en 29 novimber en 6 desimber fan 19:30 – 21:30 oere.

Kosten € 75



Lida Dykstra hat oant no ta sa’n sechstich berneboeken skreaun yn it Frysk en yn it Nederlânsk. Har wurk is ek yn ferskate talen oerset. Behalve printeboeken en boeken foar begjinnende lêzers, skriuwt se ek foar âldere jeugd. By dy boeken hellet se har ynspiraasje graach út de histoarje. Foar fierdere ynformaasje www.lidadijkstra.nl. Biografyske skets op sirkwy.



Natascha Stenvert folge Akademy Minerva yn Grins enwurket al goed tweintich jier as yllustrator: Fan printeboeken oant yochertdrinkfleskes en fan sikehûs-ynformaasjeboekjes oant reklame foar sûker, jierferslaggen en boerdspullen. Sy is der by nacht en by dei mei dwaande, soms ta wanhope fan har man en trije dochters, mei wa’t sy yn it Drintske Zeijen wennet. Nijsgjirrich as se is, hellet Natascha oeral ynspiraasje wei en eksperimentearret se graach mei it bewurkjen fan frjemde materialen, lykas it krassen yn kearsfet of it scannen fan griente. Mear op www.nataschastenvert.nl

# o # o #


[3] Libbensferhaal skriuwe, begjinners – Marga Claus

Ast mei dyn libbensferhaal oan de slach silst, of it libbensferhaal fan in oar fêstlizze wolst, learst dat it bêst en it gaust yn in groep. Ommers: by it útwurkjen fan de tema’s bringst elkoar op ideeën. Boppedat krigest net allinnich feedback op it eigen ferhaal te hearren, mar ek op dat fan de oare dielnimmers.
Yn de kursus aktivearje wy mei bepaalde oefeningen iere oantinkens. Thús wurkje de dielnimmers oan de opdracht, wêrnei’t de resultaten yn de les foarlêzen en besprutsen wurde. Dat liedt ta weardefolle petearen, mei in soad tips en trúks, en opbouwend kommentaar. Al nei in pear lessen silst fernimme dat de kwaliteit fan de teksten tanimt.
De kursus bestiet út acht byienkomsten, en is meastentiids in mjuks fan begjinners en trochsetters. Begjinners kinne nei acht wike eventueel meidwaan oan it folgjende blok.

Ferline jier op 3 maaie 2015 wie yn it radioprogramma Buro de Vries in reportaazje fan Sippy Tichelaar oer Marga Claus har kursus: Buro de Vries fan 3 maaie 2015 11.00 (even skrolle op de side). Dy reportaazje jout in moaie yndruk fan hoe’t it om en ta giet op de byienkomsten. Kursus I is fol. Nim kontakt op mei Marga Claus oer de mooglikheden fan kursus II.

Data
Kursus I wie fan sept oant nov 2016.
Kursus II: woansdeitemiddei 11, 18 en 25 jannewaris, 1, 8 en 15 febrewaris, 1 en 8 maart 2017, 14.00-16.00 oere.
Kursus III: woansdeitemiddei 15, 22 en 29 maart, 5, 12 en 19 april, 10 en 17 maaie 2017, 14.00-16.00 oere.

Kosten foar ien kursus: € 140.
Op syn minst 6, maksimaal 8 dielnimmers.

Oanmelding en mear ynformaasje op website Marga Claus.



Marga Claus wurket noch in pear deidielen as dosint Nederlânsk yn it mbo en begeliedt allochtoane kursisten. Guon fan har boeken binne libbensferhalen-mei-in-bewyske-fiksje. Har lêste boek Kompleten (2013) jout in byld fan de eigen ûnderfiningen yn in achtdeiske retraite yn in kleaster, kombinearre mei it oangripende ferhaal oer de sykte en dea fan har man. De skriuwster jout al moai wat jierren kursussen yn it skriuwen fan libbensferhalen. Biografyske skets op sirkwy

# o # o #

[4] Basiskursus ferhalen skriuwe – Koos Tiemersma

Begjin dit jier skreau it Skriuwersboun in ferhalewedstriid út, yn gearwurking mei it Friesch Dagblad, Cedin en Omrop Fryslân. Koos Tiemersma wie sjuerylid en hy fersoarge ek in pear ienmalige ynstruksjejûnen. Dat foldie him skoander en de kursisten hiene in learsume jûn.
By it besjen fan de ynstjoeringen foel it him op dat der moai slagge ferhalen wiene mar dat in soad skriuwers ek wrakselje mei de plot, de wikseling fan perspektyf en it opbouwen fan de spanning.
Dy ûnderfining wie de oanlieding foar Tresoar om Tiemersma te freegjen yn de hjerst in koarte kursus te fersoargjen. Dat docht er graach, ‘want wat is der moaier as in ferhaal skriuwe en nei ôfrin it gefoel te hawwen dat it slagge is?’
Oer syn plannen mei de kursus: ‘Wy sille in soad prate oer de fraach wat in ferhaal goed makket. Hoe sit dat mei perspektyf en plot, wannear komt in dialooch fan pas en hoe bou ik de spanning op sûnder de ferrassing fuortdaliks fuort te jaan? Dêrneist jou ik opdrachten om op de kursusjûn sels, mar ek thús út te wurkjen.’
Dielnimmers moatte sels har skriuwark meinimme, laptop, tablet of pinne en papier. Grutte kennis fan saken is net nedich, wol is it fan belang tiid beskikber te hawwen foar húswurk en foar lêstiid, want der binne ek lêsopdrachten by. De fiertaal by de kursus is Frysk, mar wa’t leaver yn it Nederlânsk skriuwt is likegoed wolkom.

Oanmelding uterlik snein 2 oktoberop emailadres ynfo@tresoar.nl of de freeds dêrfoar telefoanysk by Petra Bierma of Marja de Graaf, resp. 058 - 789 0 740 of 058 – 789 0 792. Fermeld namme, adres, telefoannûmer. Dizze kursus giet net troch. Oanmeldingen skowe troch nei in folgjende gelegenheid [4 okt].

Data moandei 10 en 24 oktober, 7 en 21 novimber en 12 desimber fan 19.30-21.30 oere.

Kosten € 75.



Koos Tiemersma (1952) wie oant syn pinsjoen wurksum yn it basisûnderwiis. Hy debutearre yn 2002 mei de roman De ljedder. Foar syn lêste roman Einum krige er yn 2015 de Gysbert Japicxpriis. Hy hat in eigen website froonakker.nl en pleatst alle freden in blochartikel. Biografyske skets op sirkwy.

# o # o #


[5] In roman skriuwe – Jetske Bilker

‘Dêr kin ik wol in boek oer skriuwe....’ – dat is makliker sein as dien. Want hoe moatst begjinne en hoe dan trochgean sadat it foar dysels en dyn lêzers leuk bliuwt?
Foar it skriuwen fan in roman moatte je doare te fantasearjen, oer trochsettingsfermogen beskikke en tiid frijmeitsje wolle. De kursus kin dy in oantrún jaan om mei in tema of in gegeven oan ’e gong te gean. Krijst de kâns om mei help fan de kursusliedster en de mei-kursisten oan in moai boek te wurkjen.
Startst mei in selskeazen ûnderwerp of tema en geandewei learst dy de techniken fan it proazaskriuwen oan. Yn de lessen komme û.o. oan bod: it oanbringen en hâlden (!) fan spanning, it skriuwen fan goede dialogen, it kiezen fan in ferteller en de wurking fan tiid en romte. Ek it omgean mei krityk en wat der allegear spilet by it útjaan fan in boek komt op it aljemint.
Elk wurket yn de kursusperioade oan syn eigen roman.
De lessen besteane út teory en it besprekken fan inoars wurk. It is dêrom in eask dat elke kursist bestannen trochmaile kin. Dizze kursus giet net troch. Oanmeldingen skowe troch nei in folgjende gelegenheid [4 okt].

Oanmeldinguterlik 3 oktober by Petra Bierma of Marja de Graaf, telefoanysk resp. 058 - 789 0 740 of 058 – 789 0 792, of op emailadres: ynfo@tresoar.nl.
Fermeld namme, adres, telefoannûmer.

Data tiisdei 11 en 25 oktober, 8 en 29 novimber, 20 desimber en 24 jannewaris fan 19:30 – 21:30 oere.

Kosten € 90.



Jetske Bilker skriuwt proaza, har lêste roman is It libben fan in oar út 2012. Se wie proazakritikus fan de Ljouwerter Krante en it literêre tydskrift Trotwaer en redigearre romans en ferhalen foar útjouwers en literêre tydskriften.
Biografyske skets op sirkwy.

# o # o #


[6] Fryske literatuer yn de 21ste iuw – Teake Oppewal

kursus Volksuniversiteit yn gearwurking mei Tresoar

Op trije middeis jout Teake Oppewal in ynsjoch yn de Fryske literatuer fan hjoeddedei. Fragen dy’t oan de oarder komme: Wêrom is der eins in aparte Fryske literatuer yn Nederlân? Hoe sit de Frysk literêre wrâld yn elkoar: útjouwers, kritisy, tydskriften, literêre prizen? Wat foar belangrike dichters binne der op dit stuit? Wat kinne wy mei www.lezenvoordelijst.nl, ôfdieling Frysk? Wat binne de nijsgjirrichste resinte romans? Foar de twadde en de tredde byienkomst lêze de kursisten yn oerlis in seleksje fan gedichten, respektivelik in roman. It is allinne nedich Frysk lêze en ferstean te kinnen.

Data
Woansdei 18 jannewaris, 15 febrewaris, 15 maart fan 15.00-17.00 oere, Tresoar, Ljouwert.
Kosten foar ien kursus: € 35,–
Deselde kursus waard al earder jûn yn de bibleteken fan Burgum en Snits en in pear kear yn Tresoar.

Oanmelding fia de site fan Volksuniversiteit Fryslân.



Teake Oppewal is meiwurker literatuer by Tresoar. Hy studearre skeikunde en folge letter de learareoplieding Frysk. Hy wurke as learaar yn it middelber ûnderwiis en it beropsûnderwiis. Yn 1993 kaam er yn tsjinst by it doetiidske FLMD en wurke mei oan in grut tal projekten, ûnder oare it literatuerskiednisboek Zolang de wind van de wolken waait. It lêste is de ûntwikkeling en útbou fan de Fryske ôfdieling fan de site Lezen voor de lijst.


[pleatst 12 april 2016]

Literatuer foar it fuotljocht


KURSUSSEN 2016-2017  >>>

Gerben Abma 1932-2016 >>>


DS beneame advyskommisje
Gysbert Japicxpriis 2017 >>>




Boeken út Tresoar wei op 'e sweef
en reaksjes fan lêzers








Lês mear »

Lêste nijs


Wurdskat