Sykje yn de site: | Wiidweidich sykje
wa | wat | wêr | wannear | ynlogge

Top 20 sutelaksje 2009

Boeke Top 20  sutelaksje 2009       

1 Velde, Rink van der
* De fjildferhalen
443
2 Ploeg, Durk van der *In beferzen mar 410
3 Huber, Diet
* Tutte mei de linten
333
4 Wytsma, B. en C. van der Heijde * Koesboek (miny)
332
5 Haan, W.de en Leeuwenstein, J. * Ytboekje
332
 6 Jong, Jehannes D. de * Boerewurk
317
 7 Vries, Sietse de
* Potstro Fongers 
305
 8 Peanstra, Pitstra en Douma
* Tomke jierboek 268
 9 Douma, G.  
* Tomke nei de bisten
219
 10 Speerstra, Hylke
* De kâlde krústocht (pocket) 218
 11 Claus, Marga 
* Bollman & Bollman
210
 12  Hooijenga, Hedzer
 * Ûnrêst op Sumarreheide
 207
 13  Peanstra, A. en R. Pitstra 
  * Tomke en swarte Pyt / krystkrânskes  182
 14   **** 
 * Tomke earste wurdsjes  
 173
 15  Wadman, Anne
 * De oarloch fan Wadman
 167
 16  Hichtum, Nynke van 
 * Der wie ris in âld wyfke  164
 17  Douma, G.   * Tomke nei de dokter
 151
 18  Peanstra, Auck
 * Grapkemakkers 
 146
 19  Vledder- van der Knoop  
 * Jentsje syn pot  141
 20  Pitstra, Riemkje  * Tomke: nei de kapper  140
 DVD/CD's Top 10     
1 **** Lytskes; DVD foar lytskes 76
2 Partisanen, de * Cohen yn it Frysk 65
3 Pigmeat * U wordt bedankt 
45
4 Breteler, Gerrit
* Lit ús dêrom drinke
29
5 **** * It bêste út de Fryske Top 100 fan Omrop Fryslân
26
6 Urker Manne Ensemble
* Friesche Elfstedentocht (cd & dvd)  
25
7 **** * Sinteklazeferskes
21
8 Laverman, Nynke * Nomade 21
9 Wilkens, Piter * It fûgeltsje yn myn gitaar 19
10 Douwstra, Gurbe * Myn eigen paad
18

Bêst ferkochte skriuwers (folwoeksenen) 

1 Rink van der Velde 576
2 Durk van der Ploeg
447
3 Joh. D. de Jong 317
4 Sietse de Vries
305
5 Hylke Speerstra 303
6 Marga Claus
214
7 Hedzer Hooijenga
207
8 Johan Veenstra
182
9 Anne Wadman 167
10 Koos Tiemersma 132

               
Bêst ferkochte skriuwers (foar bern)   

1 Auck Peanstra
1148
2 J. Vledder- vd Knoop
581
3 Riemkje Hoogland-Pitstra 550
4 Eric Hill
544
5 Baukje Wytsma 509
6 Diet Huber 333
7 Wieke de Haan 322
8 Lida Dykstra 310
9 Guido van Genechten
243
10   Dick Bruna 230
   


Boeke Top 20
Hoe seach de alderlêste Sutelaksje fan St. It Fryske Boek der út wat de ferkeapresultaten oangie?
Yn it listje mei bêstferkochte titels falt op dat der nochal wat werprintings tusken sitte. Echt nij binne de romans ‘In beferzen mar’fan Durk van der Ploeg, ‘Bolman en Bolman’fan Marga Claus, ‘Potstro Fongers’ fan Sietse de Vries. En ‘Unrêst op sumarreheide’fan Hedzer Hooijenga.
Foar de berneboeken jildt eins itselde. Ek hjir binne werprintingen lykas ‘Tutte mei de linten’en ‘Der wie ris in âld wyfke’gauris te finen. Mar ek útjeften op in oar formaat (fan it twatalige ‘Koesboek’sit der in ‘miny-ferzje’ tusken en de Jentsje boekjes binne no yn in karton-útjefte ferskynd) liket in bliuwend fenomeen te wurden.
Echt nije berneboeken binne it ‘Ytboekje’ fan Wieke de Haan en Jacqueline van Leeuwenstein en ‘Grapkemakkers’ fan Auck Peanstra.
Dat it lytse pjuttefiguerke Tomke geweldich goed oanslacht by de bern (mar ek by âlden en pakes en beppes!) is te fernimmen oan it feit dat der mar leafst 6 Tomke-titels yn de Boeke top 20 foarkomme. Dan te betinken dat de Tomke boekjes as fergese útdielboekjes begûn binne en no útgroeid binne ta in tige útwrydske rige mei allegear ‘byprodukten’ fan Tomke klompkes oant T-shirts ensafh.

Boek fan de wike
Ferline jier wie de lêste kear dat de aksje ‘Boek fan de wike’ draaide. As minsken in bon út BoekeNijs ynfolle, krigen se by oankeap fan it Boek fan de wike, de skriuwerskalinder fergees. De boeken wiene: ‘Unrêst op Sumarreheide’fan Hedzer Hooijenga;  ‘Bolman en Bolman’ fan Marga Claus; ‘Ytboekje’fan Wieke de Haan en Jacqueline van Leeuwenstein; ‘Paadwizer’ fan Eelkje Tuma; ‘Potstro Fongers’ fan Sietse de Vries en ‘Tantalus’ fan Manuela Köster. Net al dizze titels binne werom te finen yn de Boeke top 20, mar fjouwer fan de seis àl.

Skriuwers Top 10
Yn de top trije fan meast ferkochte Fryske skriuwers fan folwoekseneboeken libbet allinne nûmer 2 Durk van der Ploeg noch. Yn de skriuwers Top 10 stiet mar ien frou. Dizze eare is weilein foar Marga Claus.
By de berneboekeskriuwers is’t hast krekt oarsom: trije manlike (waans wurk oerset is yn ’t Frysk) berneboekeskriuwers tsjin sân froulike (orizjineel Frysktalige) skriuwers.

Skriuwers Top 20
Soe men gjin ûnderskied meitsje tusken de skriuwers foar folwoeksenen en dy foar bern, mar allinne sjen nei it tal ferkochte boeken (dat kinne dus mear as ien titel wêze) fan dy skriuwers, dan sjocht it listje der hiel oars út:

1 Auck Peanstra 1148
2 J. Vledder v.d. Knoop   
581
3 Rink van der Velde     
576
4 Riemkje Hoogland-Pitstra 
550
5 Eric Hill         
544
6 Baukje Wytsma  
509
7 Durk van der Ploeg    
447
8 Diet Huber  
333
9 Wieke de Haan
322
10 Joh. D. deJong
317
11 Lida Dykstra  
310
12 Sietse de Vries     
305
13 Hylke Speerstra  
303
14 Guido van Genechten 
243
15 Dick Bruna     
230
16 Marga Claus    
214
17 Hedzer Hooijenga  
207
18 Johan Veenstra  
182
19 Anne Wadman 
167
20 Koos Tiemersma 
132

Moanne fan It Fryske Boek
In oersjoch fan de nijste Fryske boeken is aanst te finen yn it nije Boekemagazine. It oanbod is sà grut dat alle nije titels der net iens yn passe! It tiidskrift sil yn de Moanne fan It Fryske Boek yn boekhannel en bibleteek te krijen wêze en sit ek as bylage yn it tematydskrift Heit en mem. Op de flankearjende webside www.moannefanitfryskeboek.nl sille de allernijste boeken te finen wêze en in oersjoch fan alle aktiviteiten yn de Moanne fan It Fryske Boek.

Kadoboek en Aksjeboek foar bern
By oankeap fan tenminsten € 9,00 oan Fryske boeken krijt de boekeleafhawwer it Kadoboek ‘Los sân’ fan Greet Andringa fergees. By oankeap fan € 9,00 oan Fryske bernboeken kin it ‘Tomke ferkearsboek’(mei cd!) foar € 3,95 kocht wurde. Los en nei ein novimber jildt dit berneboek € 12,95!

Literatuer foar it fuotljocht

Lêzing Sigrid Kingma:


Sosjale media en freonskip:
Ferhalewedstriid foar jong skriuwtalint



Seis skriuwers oer har ynspiraasje

op wykein yn Riis










Lês mear »

Lêste nijs


Wurdskat