Sykje yn de site: | Wiidweidich sykje
wa | wat | wêr | wannear | ynlogge

Boeken lêzen yn de fakânsje? Jou jo miening op Sirkwy!

Boeken lêzen yn de fakânsje? Jou jo miening op Sirkwy!

Yn 2009 binne 21 nije oarspronklik Fryske literêre proazawurken ferskynd. Dat is in hiele mûle fol. Sis mar: 21 nije Fryske romans en ferhalebondels. In oersjoch stiet hjir.

As jo ynlogge binne as brûker kinne jo in reaksje jaan op in boek, of jo wurdearring jaan yn oantal pompebledsjes. Dat kin by it boekprofyl. In boekprofyl is in webartikel mei in koarte beskriuwing fan it boek, in plaatsje fan it omslach en links nei fierdere ynformaasje oer it boek.

Jo kinne dy boekeprofilen it handichste fine mei it sykbalkje loftsboppenoan op ’e wolkomsside.
Typ dêr ien markant wurd út de titel fan it boek en klik op it >> teken flak achter it ynfolbalkje.
Jo krije dan in list mei artikels dêr’t it wurd yn foarkomt. Dêr is jo titel ek by.
Klik dêr op en jo krije it profyl fan it boek.
Jo kinne it profyl ek fine fia de links achter elke titel yn de oersjochslist fan 2009.

Foar safier’t ús bekend is wiene der by it begjin fan de simmerfakânsje fan 2010 sân nije Fryske romans en ferhalebondels ferskynd. Fan dy 7 boeken is ek in profyl makke, dat op deselde wize fûn wurde kin.

De meiwurkers fan Sirkwy sille yn de rin fan de tiid ek profilen meitsje fan de nije Fryske romans en ferhalebondels út earder jierren.

Wy binne benijd nei jo reaksje op de nije Fryske romans.

 

Sir John Lavery: Oan de Rivièra

Boppe: Selde, Famke yn in reade jurk by it swimbad

Literatuer foar it fuotljocht

Lêzing Sigrid Kingma:


Sosjale media en freonskip:
Ferhalewedstriid foar jong skriuwtalint



Seis skriuwers oer har ynspiraasje

op wykein yn Riis










Lês mear »

Lêste nijs


Wurdskat