

Boeken út Tresoar wei op 'e sweef
en reaksjes fan lêzers
Al twatûzen boeken loslitten >>>
Lês mear »
DE FRIESE STATIES YN TRESOAR
Iepening 29 juny • Elkenien wolkom
In staasje is ûnder oare in plak om by stil te stean. Tsien skilderijen fan Jeltje Hoogenkamp, kombinearre mei gedichten fan Obe Postma en Harmen Wind, foarmje sokke stilstean-plakken. Yn earder tiid ferbylden staasjes it lijensferhaal tusken Peaske nei Pinkster. Yn de eksposysje is it tema ferbrede troch de kombinaasje fan skilderijen en poëzij.
Programma
15:30 Ynrin
16:00 Amarins Hibma • Wolkom
Teake Oppewal • ‘Foarbygean, fêstlizze, fertichtsje’ – oer de poëzij fan Harmen Wind.
De dichter lit ús in grut oeuvre nei yn twa talen. Yn de lêzing komme in tal hichtepunten en tematiken út syn poëtysk wurk oan de oarder, mei lûd- en byldopnames fan himsels.
>Teake Oppewal is meiwurker fan Tresoar op it mêd fan Fryske literatuer.
Tjerk Bootsma • Muzikale fertolking fan poëzij fan Wind en Postma
Bepaalde gedichten fan Wind en Postma liene har goed foar in muzikale fertolking. Tjerk Bootsma, allround popmuzikant en muzykskriuwer, sette dy yn it ramt fan de ‘Friese Staties’ op muzyk.
>Tjerk Bootsma is bekend fan de de eardere muzykteatergroep Reboelje mei lieten as ‘Marije/Maria’ en de muzyk fan ‘Gysbert-Gysbert’.
Louis Bakker • ‘Mensen in beweging bij deze sta-stil momenten’ – over het project De Friese Staties
Drie jaar lang trekt de tentoonstelling De Friese Staties door Fryslân. Ruim twintig kerken krijgen deze unieke tentoonstelling binnen hun muren om bezoekers te laten inspireren.
> Louis Bakker is werkzaam als gemeenteadviseur in de Protestantse Kerken in Fryslân en was ruim twaalf jaar raadslid en fractievoorzitter van GrienLinks Tytsjerksteradiel.
17:00 Besjen eksposysje en neisit
Graach opjaan op tel. 058 – 789 0 789 of email ynfo[at]tresoar[punt]nl
Mear oer de Fryske staasjes
Op Sirkwy
Yn de deiblêden
Lodewijk Born, FD 17-3-2012
Wim Schrijver, LC 24-3-2012
[pleatst 23-5-2012]


Boeken út Tresoar wei op 'e sweef
en reaksjes fan lêzers
Al twatûzen boeken loslitten >>>
Lês mear »