Sykje yn de site: | Wiidweidich sykje
wa | wat | wêr | wannear | ynlogge

11 mrt Liet fan Wyn en Oargel - Dokkum



Liet fan wyn en oargel

Somtiden mar in sigentsje, it triljen
fan 'e siken, as in simmerwyn troch 't blêd,
in suchtsjen, amper heard gerucht,
dat stilwei oplost yn 'e romte.

Koarte pûsters tripkje - eigenwiis - dêrnei
oer it swartwyt fan 't klavier. Se hantsjeklappe
fan plezier en kopketûmelje de djipte yn.

It is de wyn, dy't blaast en lûkt,
dy't opstiicht, nei de himel draait,
de lucht ferpleatst, ferwaait
en de bedelte yndûkt. It is de wyn.

Swier waar yn 'e pedalen en it boldert
troch de wolken. De loft belûkt en oan 'e baskant
krijt it oargel tearen yn 't gesicht. Licht noch
in laitsjend flitsen fan de alten en sopranen.

It is de stoarm dy't oan 'e ruten rattelt,
dy't beammen bûge kin, de tûken swypkje lit
en brekt. Krekt as dit ynstrumint, mei alles
wat register hyt wiidiepen. It is de wyn.

Somtiden as in twirre, sykjend nei in lûd,
dan, as in herteklop yn 't bloed, in rûzjen,
myld, as by fertriet in treastfol liet.

In stream fan kuolte faaks, de strakke rêst
fan gean, as yn 'e rêch, en neat gjin muoite.

Somtiden mar in sigentsje, it triljen
fan 'e siken, as in simmerwyn troch 't blêd,
in suchtsjen, amper heard gerucht,
dat stilwei oplost yn 'e romte.


* * *

Lied van wind en orgel

Soms maar een zachte koelte, het trillen
van adem, als een zomerwind door blad,
een zuchten, nauwelijks gehoord gerucht,
dat ongemerkt oplost in de ruimte.

Korte rukwinden trippelen een beetje trots daarna
over het zwartwit van 't klavier. Ze klappen in hun handen
van plezier en tuimelen de diepte in.

Het is de wind, die blaast en trekt,
die opstijgt, naar de hemel draait,
de lucht verplaatst, verwaait
en neerwaarts duikt. Het is de wind.

Zwaar weer in de pedalen en het buldert
door de wolken. De lucht betrekt en aan de baskant
krijgt het orgel rimpels in het gezicht. Luchtig nog
een lachend flitsen van de alten en sopranen.

Het is de storm die aan de ramen rammelt,
die bomen buigen doet, de takken zwiepen laat
en breekt. Net als dit instrument, met alles
wat register heet wijdopen. Het is de wind.

Soms als een draaiwind, zoekend naar geluid,
dan als een hartenklop in het bloed, een ruisen,
mild, als bij verdriet een troostvol lied.

Een koele stroom misschien, de strakke rust
van gaan, als in de rug en zonder moeite.

Soms maar een zachte koelte, het trillen
van adem, als een zomerwind door blad,
een zuchten, nauwelijks gehoord gerucht,
dat ongemerkt oplost in de ruimte.


Margryt Poortstra
augustus 2011




Literatuer foar it fuotljocht

Nominaasjes en Stimme                                


Ald Begraafplak Spanjertsleane Ljouwert:





Smellingerlân siket Gemeentedichter >>>

Filmwedstriid Moanne Fryske Boek

























Lês mear »

Lêste nijs


Wurdskat