Sykje yn de site: | Wiidweidich sykje
wa | wat | wêr | wannear | ynlogge

Gedichten yn 'e bus



Gedichtedei
Fryske gedichten yn 'e bus

Op gedichtedei, tusken 10.45 en 13.15 oere, drage jongeren gedichten foar yn de bus. It binne tsien finalisten fan it foardrachtsfestival FeRstival dat yn desimber 2011 hâlden is op It Hearrenfean. Yn groepkes fan twa steane sy yn bussen yn Ljouwert. It toerskema stiet op de website fan Connexxion.

Inisjatyf

It inisjatyf komt fan deputearre Johannes Kramer fan de provinsje Fryslân. Hy hechtet grutte wearde oan de Fryske taal en kultuer en hat Connexxion útdage om de bus dêrfoar as drager yn te setten. De foarkar gie dêr by út nei Fryske poëzij.

Tresoar

Connexxion hat it konsept tegearre mei Tresoar betocht. Dêrnei hat Tresoar de jongeren, âlden en skoallen benadere om mei te dwaan. Op de dei sels binne meiwurkers fan Tresoar oanwêzich om de jongeren te begelieden.

Flyers

Fan 17 jannewaris ôf binne der flyers te krijen yn alle bussen fan Connexxion yn Fryslân. Dêr steane de foardrachtsgedichten fan de trije winners fan it FeRstival yn. It binne Jorn van der Schaar (Toppers;16-18 jier ), Merel van Wijk (Starters; 12/13 jier) en Ilja Dijk (Trochsetters; 14-15 jier): pdf flyer.

Belibjen

Connexxion telt sa'n 10 miljoen ynstappers yn Fryslân yn 't jier en berikt dêr in protte minsken mei. Fia ferskate aktiviteiten, lyk as û.o. WiFi, tv-skermen en reizigersmagazines yn de bus en yn de Fryske ynformaasjebus, probearret Connexxion reizgjen mei de bus yn Fryslân makliker, leuker en avontoerliker te meitsjen. Dit evenemint slút dêr goed op oan.

Ferstival
It Ferstival is in foardrachtskriich foar learlingen en studinten yn de leeftyd fan 12-18 jier. Alle jierren binne der sa'n 140 dielnimmers yn trije kategoryen: starters, trochsetters, toppers. Yn 2012 wurdt it foar de 70ste kear hâlden.
De finale fan 2011 wie yn it Posthûs op It Hearrenfean op 10 desimber 2011.



Foto priiswinners:

Foarenoan flnr:

Merel van Wijk, Bogerman, Snits, 1ste priis starters
Ilja Dijk, Liudger, Burgum, 1ste priis trochsetters
Jorn van der Schaar, Marnekolleezje, Boalsert, 1ste priis toppers.

Twadde rige, flnr:

Jente van der Hem, Magister Alvinus, Snits, 3de priis starters
Carmen Venema, Marnekolleezje, Boalsert, 2de priis starters
Johan Horjus, Liudger, Burgum, 3de priis trochsetters
Marie Ette Fopma, Magister Alvinus, Snits, 2de priis trochsetters
Femke Katee, Comenius, Ljouwert, 3de priis toppers
Doutsen Dotinga, Beyers Naudé, Ljouwert, 2de priis toppers.

Sjoch ek Ljouwerter Krante 12-10-2011


 

Literatuer foar it fuotljocht

Lêzing Nyk de Vries:




Sosjale media en freonskip:
Ferhalewedstriid foar jong skriuwtalint



Seis skriuwers oer har ynspiraasje

op wykein yn Riis










Lês mear »

Lêste nijs


Wurdskat