
Sosjale media en freonskip:
Ferhalewedstriid foar jong skriuwtalint
Seis skriuwers oer har ynspiraasje
op wykein yn Riis

Lês mear »
Doperske Dichteressen
Yn it ramt fan de 3 útstallingen Menno! is yn Tresoar twa kear in middei oer Doperske Dichteressen.
Data: tongersdei 26 jannewaris en tiisdei 7 febrewaris.
It programma is fan 13:30 oere ôf, ynklusyf rûnlieding oer de 3 útstallingen. Foarôfgeand ynrin mei kofje en tee, skoft om 15:20 oere.
Ynhâld fan it programma
Amarens Hibma oer de 3 útstallingen.


Jannie van der Kloet oer de dichteressen Cynthia 'Kynke' Lenige
(Makkum 1755), Francijntje de Boer (Harns 1784) en Fenna Mastenbroek (Snits 1788).
Tine Bethlehem draacht gedichten foar fan Rixt.



Albertina Soepboer (op 26 jannewaris) of Janneke Spoelstra (op 7 febrewaris) oer de dichteres Rixt (Hendrika Akke van Dorssen, Grou 1887).

Tine Bethlehem draacht foar út eigen wurk
Nei it skoft Rûnlieding troch Tresoar en besichtiging fan de trije útstallingen.
Menno!
Yn Tresoar binne oant 1 april 2012 trije útstallingen te besjen oer doopsgesinden, ek wol mennisten neamd. Ien oer de doopsgesinden yn it Nederlân fan hjoed-de-dei ('Doopsgezind mijn passie'), ien oer doopsgesinden dy't yndertiid nei it bûtenlân ta flechte of ferdreaun binne ('Doperse Diaspora') en ien oer doopsgesinden út Fryslâns ferline (oer Menno Simons en oare bekende mennisten).
Oanmelde
Opjefte foar it programma 'Doperske dichteressen'
Op ynfo@tresoar.nl of fia telefoan 058-7890789.
Graach fermelde hokker middei jo meimeitsje wolle.
Tafgong: € 3,00 per persoan.
Kontaktpersoan by Tresoar is Amarens Hibma (058-7890789)

