
Sosjale media en freonskip:
Ferhalewedstriid foar jong skriuwtalint
Seis skriuwers oer har ynspiraasje
op wykein yn Riis

Lês mear »
Literêr Sirkwy
mei Bennie Huisman, Elske Kampen, Ernst Langhout en Abe de Vries
It Skriuwersboun organisearret op 29 jannewaris it Literêr Sirkwy. Diskear sil it plakfine yn de Groate Kerk yn St. Jabik. De dichter Abe de Vries is GJ-priiswinner en hat in soad publikaasjes op syn namme stean. Hy is boppedat tige warber as blogger op ynternet.
Elske Kampen hat al in soad prizen foar har poëzij wûn en har debút, Fan glês it brekken, hat in bulte positive reaksjes rispe. Dizze middei ferwachtsje wy in soad fan har.
Ernst Langhout sil fierders de muzikale noat fersoargje. Hy hat al in lange steat fan tsjinst en hat faker as ienris mei dichters en fertellers optreden. Bennie Huisman fertsjinne as sjonger en ferhalenferteller syn spoaren mei in breed repertoire.
It earder oankundige optreden fan Tim de Vries kin spitigernôch net trochgean.


