Sykje yn de site: | Wiidweidich sykje
wa | wat | wêr | wannear | ynlogge

Skiednis


Oersjoch fan de skiednis fan de Fryske literatuer

Tresoar is fan doel om op Sirkwy in hânsum oersjoch te jaan fan de skiednis fan de Fryske literatuer. Salang’t dat der net is, folget hjirnei earst in tige beheind oersjoch.

Oant ca. 1550 – Midsieuwen

It is min te sizzen wannear’t de Fryske literatuer begûn is. Ut de Midsieuwen binne rjochtsteksten oerlevere dêr’t poëtyske stikken yn sitte. Meastal waard dêryn it Fryske rjocht en de Fryske frijheid ferhearlike.

 

+++


 

1603-1666 – Gysbert Japix

Gysbert Japix brûkte it Frysk foar in protte literêre sjenres út syn tiid. Dêrmei liet er sjen dat it Frysk gaadlik wie as literêre taal. It boek mei syn dichtwurk, twaspraken en ferhannelingen, de Friesche Rymlerye, ferskynde twa jier nei syn dea yn 1668.

+++

 

19de ieu – Romantyk

In trochgeande literêre tradysje yn it Frysk ûntstie om 1820 hinne ûnder ynfloed fan de Romantyk. It begûn mei niget by de hegere stannen foar de âlde taal fan Fryslân, mar starichwei ynteressearren hieltyd mear minsken har foar literatuer yn it Frysk. Kaaifiguer yn dy ûntjouwing wie Joast Hiddes Halbertsma, dy’t tegearre mei syn broer Eeltsje yn 1822 in nijsgjirrich boekje útjoech mei gedichten en humoristyske fertellingen, De Lapekoer fan Gabe Skroar. Yn 1871 ferskynde it samle wurk fan de Halbertsma’s, de Rimen en Teltsjes.




Yn 1844 waard it Selksip foar de Fryske Taal en Skriftekennisse oprjochte, koartwei bekend as ‘Selskip 1844’. De mannen fan dat Selskip, ûnder lieding fan Harmen Sytstra, iveren foar mear maatskiplike earmslach foar it Frysk en stimulearren de literatuer. Hjir leit it begjin fan de Fryske beweging.




In lettere skriuwer út de rûnte fan it Selskip wie Waling Dykstra, dy’t fan de pinne libje moast. Hy skreau in almeugende protte en wie in tige populêre folksskriuwer. Hy wurdt sjoen as in realistysk en moralistysk skriuwer. Yn 1860 begûn er mei it Winterjûnenocht, in soarte fan 19ieusk kabaret dat spile waard yn de boppesealen fan hoarekagelegenheden rûnom op it plattelân en dat tige suksesfol wurde soe.


Fan 1881 ôf liet de dichter Piter Jelles Troelstra fan him hearre, dy’t krekt wat romantysker en persoanliker wurk makke as syn foargongers. Hy wijde him nei 1890 oan de politike striid fan de arbeidersbeweging.

 

 

+++


1915-1945 – De tiid fan de oarloggen

Yn 1915 rjochte Douwe Kalma mei in stikmennich oare jongelju de Jongfryske beweging op. De beweging woe Fryslân omheech stjitte yn de faasje fan de folken. Friezen moasten har iepenstelle foar wat der yn de wrâld om har hinne oan kultuer te rêden wie, de literatuer moast persoanliker wurde, en de Friezen moasten har mear ûntwikkelje. Kalma wie in ynspirator dy’t hiel wat losmakke. Yn dizze tiid leit de basis fan in protte ynstitúsjes dy’t no de Fryske literatuer mei drage, lykas de Afûk en de Fryske Akademy.

 

 


Yn de literatuer waarden no foar it earst grutte romans skreaun, dy’t almeast op it Fryske plattelân spilen. Se hjitte dêrom wol ‘boereromans’. De wichtichste skriuwers dêrfan binne Reinder Brolsma, Simke Kloosterman, Ulbe van Houten, Nyckle Haisma en D.H. Kiestra. Under de dichters kinne neamd wurde Obe Postma, Rixt, R.P. Sybesma, D.H. Kiestra, Fedde Schurer en J.D. de Jong.

+++

 

 

1945-1970 – De bining ferbrutsen

Fuort nei de oarloch rjochte Fedde Schurer mei oaren in nij literêr tydskrift op, De Tsjerne. Utgongspunt wie dat skriuwers no net mear as fanselssprekkend foar iderien skreaune, en dat se ek net mear automatysk sjoen wurde woene as taalstriders. De bining tusken literatuer en beweging waard ferbrutsen. Kritikus Anne Wadman easke yn De Tsjerne literatuer fan ‘Europeesk nivo’. Sa ûntstie ek in skieding tusken ‘literatuer’ en ‘lektuer’.



By it proaza binne yn dit tiidrek in oantal wichtige feroaringen. De koarte ferhalen wurde fernimstiger opboud mei in goede plot en in protte aksje en by deromans sjocht men mear psychologyske ferdjipping, in oarsoartige tematyk as yn de boereroman, in minder tradisjonele opbou en mear ôfstân fan it faak idyllysk werjûne Fryslân fan foar de oarloch. As earste grutte moderne roman kin neamd wurde Anne Wadman syn debút Fioele en faem út 1948. Begjin jierren sechstich joegen twa romans in protte opskuor: De smearlappen fan Anne Wadman yn 1963 en Fabryk fan Trinus Riemersma yn 1964. Reden wie dat dêryn op in ûntheisterjende manier en betreklik iepentlik oer seks skeaun waard. 




        By de poëzij briek begjin jierren fyftich de eksperimintele poëzij troch. In groep studinten út Amsterdam rjochte yn 1954 it tydskrift Quatrebras op, dat him ôfsette tsjin De Tsjerne. De poëzij makke yn dit tiidrek in grutte feroaring troch, fan klassyk oandwaand foarmfêst wurk fan D.A. Tamminga yn de jierren koart nei de oarloch, fia de eksperimintele poëzij út de jierren fyftich fan Jan Wybenga en Hessel Meidema nei it maklik tagonklike wurk fan de saneamde ‘demokratische poézij’, lykas makke troch Jan Bylsma, Meindert Bylsma en Reinder van der Leest.



        Om 1970 hinne ûntstiene nije organisearre ferbannen yn it literêre fjild: de literêre tydskriften Trotwaer (1969) en as reaksje dêrop Hjir  (1972). it Skriuwersboun (1969) en de Koperative Utjouwerij (1970).

+++


1970-1995 – Ferbreding en konsolidaasje

Yn dit tiidrek fynt in ferbreding plak fan it proaza. Der komt mear ferskaat: Proaza dêr’t yn eksperimintearre wurdt mei de foarm, wurk mei maatskiplik engagement, de mear tradisjonele psychologyske roman, populêre literatuer, misdiedromans, reisferhalen, histoaryske romans en biografysk wurk. Aparte fermelding fertsjinnet de rige folksferhalen sammele troch Ype Poortinga en de opkomst fan de jeugdliteratuer nei 1980.

By de poëzij is it dreech om it grutte ferskaat oan dichters nei har wurk yn groepen ûnder te bringen. De beide tydskriften biede elk poadium oan in eigen fêste rûnte fan dichters; oaren publisearje yn beide tydskriften.

 

 

+++

 




1995-2010 – Yn in iepen wrâld

By de poëzij nimt it belang fan optredens ta, holpen troch fersprieding fia ynternet. Tsjêbbe Hettinga makket yn 1993 grutte yndruk yn Frankfurt en brekt toch nei lanlik nivo, letter Europeesk en mondiaal. Yn syn sok folget in heile rist oare dichters.

Opmerklik is ek dat hyltyd mear skriuwers en dichters har ek op de Nederlânsktalige merk rjochtsje. By de poëzij is har sukses grut, fan de proazaskriuwers slagget it op struktureel nivo allinne de jeugdboekskriuwers Hanneke de Jong en Lida Dykstra, en fierder Hylke Speerstra.

De literêre ynfrastruktuer dy’t fan ca. 1970 ôf bestien hie, feroaret sterk, en yn 2010 binne der allinne noch De Moanne en Ensafh, nêst de eigen yntersiden fan skriuwers.

 

[oant safier, net klear]

 

Oersjochswurken oer de skiednis fan de Fryske literatuer:

 

Yn de digitale biblioteek en te keap by Elikser:

Koarte Skiednis fande Fryske skriftekennisse (1957) – J. Piebenga

Lyts Hânboek fan de Fryske literatuer (1997) – Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof



Zolang de wind van de wolken waait (2006) – Teake Oppewal e.o.


Ynlieding by de Spiegel van de Friese poëzie (1994) – Teake Oppewal

As pdf del te laden by it artikel 'Histoaryske ynlieding Spiegel' op Sirkwy

 

 

Literatuer foar it fuotljocht


KURSUSSEN 2016-2017  >>>

Gerben Abma 1932-2016 >>>


DS beneame advyskommisje
Gysbert Japicxpriis 2017 >>>




Boeken út Tresoar wei op 'e sweef
en reaksjes fan lêzers








Lês mear »

Lêste nijs


Wurdskat